Harns en Starum op Smeerenburg

Publisearre op 23 april 2015

GERBEN DE VRIES – 

Wa’t wolris op fakânsje nei ien fan de waadeilannen giet, hat se grif sjoen. Dy grutte tosken dy’t as in soart hikke foar it hiem stean en op Flylân ek wol brûkt waarden as grêfstien. Lytse bern – lytse dreamers – sille miskien tinke dat der eartiids op de eilannen oaljefanten libben. Op de boaiem fan de Noardsee rûnen yn de prehistoarje dochs ek mammoeten om? It giet lykwols om walfiskkaken, ‘souvenirs’ fan de walfiskfeart.

It begjin fan dizze walfiskfangsten yn it hege noarden lei yn de earste jierren fan de 17e iuw. Foar de hannel op Ynje (East en West) waarden de Verenigde Oostindische en de Westindische Compagnie oprjochten, yn 1602 en 1622. Dêrtuskentroch, yn 1614, wie al de Noordsche Compagnie ta stân kaam. De Nederlânske gewesten, Hollân foarop fansels, hienen in grut ferlet fan oalje. It sieden fan it spek fan seehûnen en walrussen smiet traan op en dizze oalje koe brûkt wurde as lampeferlochting, sjippe en om lear soepel te hâlden. Nei tal fan ûntdekkings- en ferkenningstochten seagen de skippers ek in protte walfisken yn de noardlike seeën en dy koene fansels noch mear traan opsmite.

 

Hoewol’t ik net it idee haw, dat der yn it boek fan Haquebord in soad nijs stiet, is it dochs in oanrieder foar elkenien dy’t niget hat oan de skiednis fan in smoarch en bluodrich bedriuw, de walfiskfeart.

 

Om de dielnimmers oan walfiskfearten tsjin oare mogendheden te beskermjen waard yn 1614 de monopolistyske Noordsche Compagnie oprjochte. Dit wie in gearwurkingsferbân fan selsstannige ûndernimmingen (keamers) mei eigen kapitaal en eigen foech. Alle wichtige havens hiene sa’n keamer: Amsterdam, Enkhuzen, Hoorn, Rotterdam, Delft en in pear jier letter ek de Sieuske havens Middelburg, Vlissingen en Veere.

In probleem yn ’t earstoan wie dat nimmen yn it lân eins krekt wist hoe’t se walfisken fange moasten en hoe’t se traan siede koenen. Dêrom waarden Basken ynhierd, want dy hienen der al iuwen ûnderfining mei. De skippers (kommandeurs) fan de keamers farden nei Spitsbergen en stifften dêr de (simmer-)koloanje Smeerenburg. Dy lêste namme ferwiisde nei de ôfgyslike stank dy’t by it sieden fan de traan frij kaam.

Yn it kreas fersoarge boek De Noordse Compagnie (1614-1642). Opkomst, bloei en ondergang fan Louwrens Hacquebord komt ek de dielname fan minsken út Fryslân oan de oarder. In de jierren tritich fan de 17e iuw gong de priis fan de traan omheech en dat lokke ek oaren as Hollanners en Sieuwen nei it echte Hege Noarden. Yn 1632 dienen Hilbrandt Dircksz (boargemaster fan Harns) en Wybe Jansz (kommandeur út Starum) in fersyk om opnaam te wurden yn de Compagnie. Nettsjinsteande it feit dat de Fryske Steaten de Steaten-Genraal al witte litten hienen dat hja ferlinging fan it oktrooi om walfisken te fangen net goedkarre soene. Hja woene de walfiskeart frij hawwe foar elkenien. De Steaten-Generaal karden it fersyk lykwols dochs goed. De Fryske Steaten wiene fansels poerlilk en ferlienden de oanfregers op harren bar in oktrooi en foarmen de Friesche Compagnie. Dy stjoerde yn 1635 op eigen manneboet trije skippen nei Spitsbergen ta. De Noordse Compagnie wie benaud dat in tal Hollânske stêden dat foarbyld folgje soene en liet dêrom de twa keamers fan Harns en Starum ta.

Op Smeerenburg wie gjin plak mear foar de Fryske walfiskfarders en dêrom fêstigen hja har tsjinoer Smeerenburg op in plak dat no Virgohamna hjit. Der waarden trije traansiederijen en fiif pakhuzen boud: de ‘Harlinger Koockery’. It wiene net de earste Friezen dy’t hjir oan it slachtsjen en sieden giene. Benammen by de keamer Amsterdam wiene al earder in relatyf soad Friezen yn tsjinst, dy’t fan de westkust fan it gewest oer de Súdersee maklik nei de grutte stêd ôfsetten. Kommandeur Jansz fan Starum wie bygelyks lange tiid yn tsjinst fan de keamer Amsterdam west.

Yn 1642 waard it oktrooi net ferlinge en wie de walfiskfeart frij. It tal skippen nei Spitsbergen en letter foaral Grienlân naam hurd ta. Ut de plattelânsgebieten fan Noard-Hollân en Fryslân waard de walfiskfeart in wolkomme oanfolling op de lânbou. Yn Fryslân gie it om plakken as Warkum, Hynljippen, Molkwar en Makkum. Ek fan it Amelân en de doe noch Hollânske eilannen Flylân en Skylge sylden skippen nei it noarden en kamen mei traan en grutte tosken wer werom. Tusken 1640 en 1660 wie it oandiel fan de Fryske kustplakjes yn de totale walfiskfeart 24% en 15%. Dat wie ferlykber mei de feart op Archangelsk (21%) en de Sontfeart (20-25%). Fryslân wie it twadde gewest fan de Republyk.

Hoewol’t ik net it idee haw, dat der yn it boek fan Haquebord in soad nijs stiet, is it dochs in oanrieder foar elkenien dy’t niget hat oan de skiednis fan in smoarch en bluodrich bedriuw, de walfiskfeart. Let ek op de moaie foto’s fan de skriuwer sels, fan it desolate lânskip fan Spitsbergen. Ik kin my yntinke dat der no guon minsken nei Starum of Harns geane om te sjen at der ek noch walfiskekaken lizze. Dat sil wol net oerhâlde. Op de eilannen bleaune dy ymposante tosken bewarre omdat hja dêr yn eardere iuwen net safolle hout foar ofskiedingen hiene.

Noch in leste opmerking, dy’t neat mei dit boek te krijen hat, mar alles mei rymtwang. It is bekind dat sûnt begjin 17e iuw Amsterdamske jeneverstokers in krûdendrank makken nei in resept fan Hendrik Beerenburg. De Amsterdamske drank waard al betiid yn Fryslân bekind, dêr’t er earst foaral troch skippers dronken waard. It is net sa maklik oan te toanen en dat hoecht hjir ek net. Mar it it is aardich om te tinken dat Fryske skippers yn it kâlde noarden de Beerenburg nei Smeerenburg meinamen …

 

De Noordse Compagnie (1614-1642). Opkomst, bloei en ondergang. Louwrens Hacquebord, Walburg Pers, 2014. 128 siden, €29,50.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels