fotografy: Linus Harms, mei tank oan Guido de Roos

Harmoniekwartier

JACOB HAAGSMA – 

Der komt in nij poppoadium yn Ljouwert. Mar wat foar probleem wurdt dêrmei oplost? En wurdt der net mear sloopt as allinne it ferfallen Harmoniekertier? Pop en poppoadia yn Ljouwert. Nim no in trochsneed freedtejûn. Wy hiene nei Klavan Gadje kinnen by Podium Asteriks, yn de Blokhúspoarte. Of nei Candybar Planet yn Poppodium Romein. Op oare jûnen kinne wy nei Schaaf City Theater, of nei de Gloppe, of nei Mukkes.

Sels yn de Harmonie is wolris in popkonsert: de middenseal, dy’t no as Rabobankseal troch it libben giet, is op syn minst boud mei popkonserten yn de efterholle. En foar de noch gruttere dingen, mochten dy har foardwaan – de konserten dy’t tûzenen minsken lûke kinne – is der altyd noch it WTC. Dus dan ha wy it oer sealen foar in lytse hûndert man, fia 150, 500, 1000 of, as it echt need giet, tûzenen. Mei oare wurden: oan poppoadia en sealen dy’t mei wat mear of minder muoite dêrfoar brûkt wurde kinne, is yn Ljouwert gjin brek.

En dochs komt der in nij poppoadium. Tsjinoer de Harmonie wurdt al drok sloopt, want dêr sil it heve. Dêr komt it nije gebou, dêr’t Romein, Asteriks en de popoplieding D’Drive in plak yn fine sille. Dêrneist wurde de oare mbo-poadiumopliedingen fan it Friesland College dêr ek ûnderbrocht.

Dy sloop, dat is wichtich, want by eintsjebeslút giet it dêrom. De gemeente Ljouwert sit al hiel lang mei de hannen yn it hier oer it gebiet tsjinoer de Harmonie: it Harmoniekertier. It is in ferfallen, tramtearre stikje binnenstêd, dat him net samar opknappe lit. Net sûnder de sloophammer. En doe, nei frijwat plannemakkerij, dy’t likernôch tritich jier duorre, wie der in moai ambisjeus plan. Kosten: grut 18,4 miljoen euro. Krúsjaal dêryn is de 5 miljoen euro dy’t it Samenwerkingsverband Noord-Nederland foar dit projekt oer hat. Goed nijs foar Henk Deinum, want in wethâlder moat bouwe fansels. Dan is hy fan in stêdeboukundich probleem ferlost. De eksploitaasje fan it nije poadium is in oar  ferhaal, dat komt op it buro fan in oare wethâlder.

Wurdt de popkultuer hjir no safolle better fan? Mei oare wurden: wat foar probleem wurdt hjir no krekt mei oplost? Net dat fan de poppoadia, net dat fan it oanbod fan konserten – soene je sizze.

Dêrmei is dy hoeke fan de binnenstêd ferlost fan in ûnhuere rotte kies. Mar wurdt de popkultuer dêr no safolle better fan? Mei oare wurden: wat foar probleem wurdt hjir no krekt mei oplost? Net dat fan de poppoadia, net dat fan it oanbod fan konserten – soene je sizze.

Lit ús ris lústerje nei Sjouke Nauta, direkteur fan stifting Friesland Pop. Dy hat al in pear kear yn de krante lêze moatten dat it kantoar fan syn ynstelling ek in plakje fine sil yn it nije gebou. Mar dêr is gjin sprake fan: hy en syn minsken bliuwe sitten dêr’t se sitte, gesellich neist it gebou fan de Academie voor Popcultuur – dy’t dus ek net meiferhuzet, mocht immen dat tinke.

Nauta fynt it ‘een heel mooie gedachte’, sa’n nij poppoadium. ‘Maar wat wel tricky wordt, is een goede exploitatie.’ Hy wiist der, en lang net as iennige, op dat de iepeningstiden fan Asteriks en Romein ‘bagger’ binne. ‘Daardoor kun je een goede danceprogrammering wel vergeten, en dat is wel goed voor de exploitatie.’ Oan de oare kant, jout er ta, is de danceprogrammearring al net mear de molkko dy’t it foar poppoadia wol west hat.

Nauta wiist op noch wat oars. ‘In de huidige situatie hebben we in Leeuwarden een heel divers veld, een mooie keten van popinstellingen. Popfabryk en wij, de muziekcafés, de poppodia, van kleinschalig tot grotere dingen. Dat is een heel mooi, breed palet. Blijft dat met het nieuwe poppodium ook zo? Ik ben daar huiverig voor.’

Hy heakket dêr noch oan ta: ‘Het gaat mij om de inhoud, niet om het gebouw.’ Al wol hy  ek wer net werom nei de modus operandi fan stifting De Ooievaar, dêr’t hy doetiids ek by belutsen wie: yn de jierren tachtich en njoggentich organisearre dy klup konserten op wikseljende plakken, sûnder eigen seal. ‘Zo hebben we ook wel mooie dingen moeten laten schieten, omdat er geen zaal beschikbaar was.’

De jierbegrutting fan De Ooievaar, in frijwilligersorganisaasje, wie mar in skyntsje fan de bedraggen dy’t yn it nije poadium omgean sille. Yn de oarspronklike plannen waard rekken holden mei in struktureel eksploitaasjetekoart fan 140.000 euro, alle jierren wer. Mei slim rekkenwurk waard dat werombrocht nei de helte en doe waard dat, mei ynbring fan De Harmonie, noch wer fierder omleechbrocht. Want papier is geduldich fansels.

En dan binne der ek noch lûden dat de eksploitaasje noch te roaskleurich foarsteld is. It ûndersyksburo Signo & S hat it ien en oar trochrekkene, en kaam op in baas potinsjeel besikersoantal: sa’n 30.000 jiers. No ha sy dêr grif foar trochleard, mar in oare ûndersiker, Frans Vreeke, dy’t no direkteur is fan it Utrechtske nijboupoadium Tivoli Vredenburg, hat wer útsocht dat dat fierstente optimistysk is.

Trefst immen oan de bar dan hearst oare lûden. Dan hearst, yndie, dat wat foar problemen der mei dizze plannen ek oplost wurde, dat net it probleem fan de poppoadia is. Dat it mar de fraach is oft Romein en benammen Asteriks harren identiteit wol fêsthâlde kinne, as se byinoar yn ien gebou krûpe.

It bliuwt in feit dat der gâns nije poppoadia yn it lân binne dy’t grutte finansjele problemen ha en dat guon sels nei in pear jier om dy reden de doarren slute moasten. Der binne goede redenen te betinken om besteande poadia as dat nedich is te fernijen, yn pleats fan alhiel nije gebouwen op te tugen. Sa hat Het Bolwerk yn Snits it dien, en Vera yn Grins, en Paradiso en De Melkweg yn Amsterdam. Dêrmei bliuwt yn alle gefallen wat fan de âlde sfear bewarre, en de efterban hoecht ek net syn wei te sykjen nei in nij gebou en in nije namme.

Mar dat is yn Ljouwert ek wer gjin opsje. Poppodium Romein sit yn de monumintale Westertsjerke, dy’t nammers in pear jier lyn noch foar fjouwer ton ferboud is. En Asteriks sit yn de Blokhúspoarte, ek al in monumintaal gebou, wêrfan’t noch lang net wis is wat der mei barre sil – ek al wiist alles derop dat de gemeente it keapje sil. It bliuwt yn alle gefallen yn funksje oant en mei 2018, it jier dat Ljouwert kulturele haadstêd is.

Romein-direkteur Vincent de Waal kin hast net wachtsje om yn it nije gebou te krûpen. Hy wiist op ‘de mogelijkheden, maar vooral de onmogelijkheden’ fan Romein. Yn in opinystik foar de Ljouwerter Krante ornearre hy: ‘De bereikbaarheid, de zichtbaarheid, de interne logistiek, maar vooral de openingstijden zijn een ramp.’ Hy kin it witte, want hy ken de ‘efterkant’ fan dy seal fansels as gjin oar. Mar dêr stiet tsjinoer dat besikers en muzikanten Romein kenne as in prachtige, sfearfolle seal.

Sjoerd Bootsma, fan Podium Asteriks, is sa entûsjast noch net. Fansels, seit er, Podium Asteriks is fjouwer jier lyn krekt úteinset om it Ljouwerter popklimaat better te meitsjen. ‘Dan is het logisch dat je ook meepraat. Als we onze manier van werken, met veel aandacht voor talentontwikkeling, kunnen transponeren naar het Harmoniekwartier,  als we die kunnen professionaliseren in een goed geoutilleerde ruimte: daar zeggen we niet direct nee tegen. Als we onszelf maar kunnen blijven.’

Yntusken is der noch gjin hantekening set, en sels oer in namme foar it nije gebou is noch net praat. ‘Het duurt wel lang, hè.’ En oft Ljouwert der wat mei wint? Dat neamt er ‘een betwistbaar punt. Het gaat ons om beter brood, niet om meer bakkerijen. Maar die hebben wel de neiging om zichzelf in stand te houden.’

No hat Bootsma miskien maklik praten. Oars as Romein hat Asteriks gjin subsydzjerelaasje mei de gemeente, en hy is ek net út op in betelle baan. Asteriks kin samar opstappe. En, lykwols, ‘ik zou het volkomen logisch vinden als Asteriks, ook al gaan we mee in het nieuwe podium, gewoon concerten blijft organiseren in de theaterzaal van de Blokhuispoort.’

Wat by dizze skriuwer sa njonkenlytsen goed jokket, is dat, mei wa ast hjir ek ‘on the record’ oer praatst, nimmen eins it efterste fan de tonge sjen lit. En dat binne der mear as yn dit artikel oan it wurd komme. It wurdt noch earlik tajûn ek: wy moatte noch wol mei-inoar fierder, wy ha ek te krijen mei wethâlder Henk Deinum of oars wol mei syn partner, kultuerdeputearre Jannewietske de Vries.

Mar trefst ris immen oan de bar, mei in glês bier derby (en dan prate wy altiten off the record), dan hearst oare lûden. Dan hearst, yndie, dat wat foar problemen der mei dizze plannen ek oplost wurde, dat net it probleem fan de poppoadia is. Dat it mar de fraach is oft Romein en benammen Asteriks harren identiteit wol fêsthâlde kinne, as se byinoar yn ien gebou (en, wierskynlik, ien organisaasje) krûpe. Dat it ek mar de fraach is hoe winsklik as it is dat grutte-broer-dêr-tsjinoer De Harmonie him mei de saken bemuoit. Dat it moai wêze soe as der foar de Asteriks-ploech in pear betelle banen ûtrûgelje. En dat der by Romein, op direkteur De Waal nei, eins nimmen foar it nije poadium is.

Noch sokssawat: wat moat der barre mei de Westertsjerke, in monumint ommers? Apparteminten, of dochs wer in flakke-flier-teater (dat wie it foardat it in poppoadium waard)? En wat bart der as de boel omfalt? Of as ien fan de partijen (it Friesland College sit der ynearsten foar fyftjin jier yn, en betellet in aardige ynstruier oan hier) him weromlûkt út dizze konstruksje? En hoe sil it nije poadium eins hjitte?

Goeie fragen allegearre. It nije poadium moat der it oare jier al stean. Dan hoopje wy de antwurden te witten. Mar leafst earder.

Ek te lêzen yn de Moanne, 2 (2014) 13 (april) s. 4-6

Comments
3 reaksjes oan “Harmoniekwartier”
  1. hoekstra schreef:

    Welk probleem opgelost wordt? Het probleem van een totaal verpauperd stuk van de stad waar de private partijen niet warm voor gemaakt konden worden. Dus: gesubsidieerde partijen er in met uiteindelijk de gemeente als risicodrager voor het hele gebeuren.

  2. Hallo,
    Dit roep ik dus al jaren!! Ik ben, mede eigenaar van een stuk grond in het Harmoniekwartier. Wij zijn, enige weken geleden, met de gemeente in overeenstemming gekomen over verkoop. Sindsdien is het muisstil!. Oom wilden ze een gedeelte van ons pand, Ursula, hebben. Maar gezien dit niet in de exploitatie!! Rond was te krijgen, zagen ze hier maar vanaf. Ze boden € 60.000 , op een exploitatie van??? Zijn dit toch peanuts???? Dat er wat in het Harmoniekwartier moest gebeuren snapten wij ook wel. Misschien kan er nog een mooi plein van worden gemaakt, de popacademie en poppodium in de Harmonie, staat toch de helft van de tijd renteloos leeg en dan leuke activiteiten op het plein. Maar misschien zie ik dit wel weer te goedkoop door de ogen van een burger. Ik wist niet eens, dat De Moanne bestond. Ik wil me graag abonneren.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.