Tiisdei 11 desimber, de Moanne-Live

Ald-konrektor en ûndersiker Han Korting fan Santpoort-Noard skreau in yndrukwekkend boek oer de marine-offisier Lodo van Hamel (1915-1941), de earste yn Londen oplate, geheim agint yn beset Nederlân. Hy waard yn oktober 1940 arrestearre by de Tsjûkemar.

Foar syn boek hat Han Korting yntinsyf argyfûndersyk dien by it NIOD en it Nasjonaal Argyf yn Den Haag. It boek is ein juny oanbean oan âld-premier Piet de Jong, dy’t foar de oarloch, lykas Lodewijk van Hamel op it Koninklijk Instituut foar de Marine yn Den Helder in oplieding folge as offisier. Nei’t se, sa’t yn dy tiid gebrûklik wie, trije jier yn Nederlânsk-Yndië sitten hienen, briek yn Nederlân de oarloch út.

Wy sjogge jo graach kommende tiisdei 11 desimber om 20.00 oere yn de Gysbert Japicx-seal fan Tresoar yn Ljouwert.

Lês in fragmint út it boek ‘Lodo – Het korte leven van de eerste geheim agent uit Londen in de Tweede Wereldoorlog’ op www.uitgeverij-ondine.nl.

Comments are closed.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.