Gysbert 2015: Koos Tiemersma

De advyskommisje fan de Gysbert Japicxpriis 2015 hat 12 boeken nomineard foar de priis. Op 1 juny wurdt dizze ‘longlist’ werombrocht nei in rychje fan 3 titels. Dêr sil de Moanne wiidweidiger omtinken oan jaan. Yn it dossier oer de Gysbert 2015 in tal koarte fragen oan de nominearde auteurs. Net elkenien woe meiwurkje of antwurd jaan op de fragen.

 

Hoe soenen jo jo nominearre boek yn ien tweet (140 tekens) omskriuwe?
In buertskip oan in âlde seedyk, achttjin yn elkoar oerrinnende ferhalen, foar lêzers dy’t net benaud binne foar in boek dat oars as oars is.

Hokker boek of hokker ferhaal soenen jo begjinnende lêzers fan jo oeuvre oanrikkemedearje?
‘Under wetter’ (op www.froonakker.nl meikoarten ek as e-boek!)

Wa binne jo literêre helden?
DeLillo en Eggers, Nabokov en Solzjenitsyn, Riemersma en Wadman, Hermans en Grunberg, Salter en Boon.

Wurdearje jo in nominaasje? Is soks foar in skriuwer fan belang?
In nominaasje betsjut erkenning, sa simpel is it. Ik bin der wiis mei, sa’t ik wiis bin mei ‘Einum’ sels, want ik ha it mei in soad wille en tawijing skreaun. Ik ha (dat is it foardiel fan in e-boek) de nominaasje ferline wike dan ek ûnder de titel yn it boek set.

Wa fertsjinnet de priis?
As ien in priis fertsjinnet, fertsjinje oaren him dan net? In priis wurdt takend en dat is net oan my, mar oan in sjuery dy’t wat út dizze koer mei apels en parren oppikke mei. Fan de boeken dy’t ik lêzen ha waard ik it measte boeid troch Hylke Speerstra (ek mei it each op syn oeuvre) en Sipke de Schiffart.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.