Guilty Pleasure: Demis Roussos

Ha jim ek lekker meibalten, ein desimber, mei de Top 2000? De list mei moaiste platen fan de dominante white male fyftichplusser. Dy’t dus jong wie yn de jierren 70. Dat ferklearret wêrom’t Queen, The Eagles, Deep Purple en Led Zeppelin altyd boppe-oan steane. Geheugenprofessor Douwe Draaisma skriuwt yn it Top 2000-boek ‘De muziek zegt alles’ dat de platen dy’tst heardest yn dy allesbepalende meislepende perioade foar dyn 20e jier, de muzyk is dêr’tst dyn libben lang fan hâldst. Wittenskippers loslitte op de Top2000, dat jout nijsgjirrige hypotezen. Mar wat in bepaalde plaat mei dysels docht, is eigen.

As lyts famke mocht ik al nei Toppop sjen. Al begriep ik it systeem fan ôftellen nei nûmer 1 noch net hielendal – ik tocht dat nûmer 30 de heechst notearde plaat wie – dochs stie ik fiif jier âld al te dûnsjen op muzyk fan Mud en die ik de dramatyske bewegings fan Penney de Jager nei.

Mar doe kaam Demis Roussos. In man mei lang swart hier en in burd, syn kwelde blik, syn mûle dy’t in bytsje hong. Hy hold syn earms omheech yn in goudbrokaten gewaad. Tusken syn boarsthier lei in Gryksk amulet. Hy song: ‘Auf Wiedersehn, auf Wiedersehn’. Yn byld kaam in fleantúch, de blauwe see en in lân mei blommen. ‘Bleib nicht so lange fort’, song Demis.

Ik frege ús heit wêr’t it ferske oer gong. Dy fertelde dat Demis syn famke fuortgongen wie mei it fleantúch en dat se Demis yn de steek litten hie. No moast Demis sa gûle, want hy miste har sa ferskriklik en se kaam miskien wol noait wer werom. Wat Demis fierder song wit ik net, mar ik wie sa oandien troch dat drôvige ferhaal dat ik ek gûle moast. Wat ús heit fansels prachtich fûn. Wêrop’t ik sa lulk waard dat ik de televyzje útdrukte en nei boppen fleach. Op de gehoarige houtene trep hearde ik ús heit en mem laitsjen.

It hat Toppop foar in skoftke bedoarn. ‘Auf Wiedersehn’ waard in hit en alle kearen as de earste toanen klonken moast ik oerein fan de bank om yn triennen de televyzje út te dwaan en mei de doarren te slaan. In skamte dêr’t ik oars gjin útwei foar hie. Wylst ik wist dat ús heit my foar de gek hold, brocht de stim fan Demis it djipste fertriet yn my.

Yn 1976 waard ik fereale op de seerôver Sandokan. Hy hie lang swart hier en in burd. Mar it moaiste wiene syn eagen, as fan in kat: ‘Sandokan, de Maleisische tijger’. Doe wie ik oer Demis hinne.

Karen Bies

Comments are closed.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.