Geloksikers

Publisearre op 21 april 2015

Achte hear Van der Zwan,

De oarloch rûn op syn ein. Mar de Wilhelm Gustloff wie der noch, in grut skip dat jierrenlang nazi’s en soldaten ferfierd hie, mar no ôfstuts fan Gotenhafen; grôtfol mei tûzenen Dútske boargers oan board, op de flecht foar it Russyske leger. It skip socht feilige haven yn Kiel, mar hat dat noait helle. In Sovjet-torpedo skeat de boel nei de hel, goed 9.000 minsken fersûpten. It wie de grutste skipsramp út de histoarje. Koart dêrnei waard it maaie ’45.

Befrijingstiid en skipsrampen.

It wuollet yn my om, ik kin it net helpe. De ôfgryslike berjochten, mar foaral ek de oanstjitlike reaksjes fan iensellige idioaten hjirop. Ik seach de reportage dy’t Nieuwsuur makke oer Benghazi, de havenstêd dêr’t in soad minsken de oerstek weagje. Benghazi leit derhinne as Stalingrad. Wa wol hjir net wei? En wa wol net út Súd-Sudan, út Somalië, út Mali wei?

 

Mei geloksikers is it minskdom begûn en sûnder geloksikers komme wy noait in stap fierder. Sa’t wy Ireen Wüst reedridersasyl jouwe, sa wolle we elkenien hjir in plakje en in kâns biede.

 

Ja, geloksikers binne it. Mar dat binne we allegear. Eltse kar dy’t we meitsje, om al of net mear jild te fertsjinjen, om al of net te trouwen en bern te krijen, om al of net sneins nei it fuotbal te sjen, we meitsje se omdat we it gelok sykje.

De earste jagers dy’t yn de prehistoarje ús kontreien opsochten, dat wienen ek geloksikers. En kamen út Afrika wei, dat witte we ek. Se leinen likernôch deselde route ôf as dy stumperts fan no. Allinnich sy hawwe de pech dat we ús yn de rin fan ieuwen dwaande holden ha mei it oprjochtsjen fan steaten, it lûken fan grinzen, it opbouwen fan legers. Allegear betinksels dy’t de minsken net better makke hawwe, en it gelok fan grutte kloften yn de wei sitte.

Dus net it geloksykjen is fout, de grinzen binne fout. Freegje mar oan dy ûndernimmers dy’t mei swiere delegaasjes nei China ta fleane. Ien doel ha se: it ekonomyske gelok sykje. Ien missy ha se: hannelsgrinzen sljochtsje. What’s the fucking difference?

De âlde Romeinen wisten dat al. Sy makken fan de Middellânske See gjin grins, mar krekt it sintrum fan harren ryk. De see wie it skarnier fan it ymperium, makke it ferkear tusken Afrika, Azië en Europa júst mooglik, sadat der útwiksele en hannele wurde koe, en der in sterke kultuer ûntstean koe dy’t him yn heech tempo ûntwikkele.

Mar wy wolle it gelok leaver opkeare. It leafst al yn Itaalje en Malta, en as it dy ferrekkelingen toch slagget om ús lân te berikken, dan is bêd, bad en bôle faaks al tefolle. Want wy kinne it jild better brûke om geloksykjende multinationals mei miljarden oan belestingfoardiel nei ús lân ta te lûken. Sjoch.

Nee, it gelok fan de wrâld lit him net bepale fanút It Hearrenfean. En dat jim gjin sin ha yn in AZC is fansels bêst te begripen; tenminste, as ús eigen omjouwing de noarm is. Jim hawwe it drok mei de nije soarchtaken, jim ha net folle sinten omhannen, jim hawwe gjin nocht oan Riis- of Balk-tastannen. Logysk.

Mar wat soe it moai wêze as der ris ien kear in gemeentebestjoerder dy enge, lytse bril ôfsette doarst, en sizze soe: ‘Jawis! Mei geloksikers is it minskdom begûn en sûnder geloksikers komme wy noait in stap fierder. Sa’t wy Ireen Wüst reedridersasyl jouwe, sa wolle we elkenien hjir in plakje en in kâns biede. Dêr wurde sy better fan, mar wy sels ek. Dat is miskien best eefkes lestich op koarte termyn, mar wy ha de oertsjûging dat we hjir de wrâld fierder mei helpe.’

It is ommers gjin tiid foar skipsrampen, mar om de befrijing te fieren.
Bart Kingma

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]