Gedichten fan Mary Oliver: De blauwe hynders fan Franz Marc
Publisearre op 3 november 2022
DE BLAUWE HYNDERS FAN FRANZ MARC
Ik stap yn it skilderij fan de fjouwer blauwe hynders.
Ik ben net iens ferheard dat it kin.
Ien fan de hynders rint nei my ta.
Syn blauwe noas jout my in triuwke. Ik liz myn earm
op syn blauwe moanjes, pak se net fêst, meitsje
allinnich mar ferbining.
Hy gunt my de wille.
Franz Marc stoar jong, troffen troch in granaat.
Ik gean leaver dea as dat ik de blauwe hynders útlizze moat
wat oarloch is.
Se soene of flaufalle fan ûntsetting, of it
gewoanwei net leauwe kinne.
Ik wit net hoe’t ik jo betankje moat, Franz Marc.
Miskien sil ús wrâld úteinlik freonliker wurde.
Miskien is de winsk om wat moais te meitsjen
it diel fan God dat yn elk fan ús sit.
No binne alle fjouwer hynders tichterby kaam,
se draaie har gesicht nei my ta
as hiene se geheimen te fertellen.
Ik ferwachtsje net dat se prate sille, en dat dogge se ek net.
As sa moai wêze net genôch is, wat
soene se dan ek sizze moatte?
Mary Oliver (1935-2019), dy’t Walt Whitman as ynfloed oanhelle, stiet foaral bekend as dichter fan ûntsachlike, gauris hoopfolle, natoerobservaasjes en refleksjes. “De poëzije fan Mary Oliver is een prima remeedzje tsjin de bûtenspoarichheden fan ‘e beskaving,” neffens in besprekker fan de Harvard Review, “tsjin de drokte en it oandachtstekoart en de barokke regels fan ús sosjaal en beropsmjittich bestean. Se is in dichter fan de wiisheid en goederjouskens, har fyzje jout ús in yntime blik op in wrâld dy’t wy net makke ha.”
De gedichten fan Mary Oliver binne oerset troch skriuwer en oersetter Sietske Boonstra. “Ik ha no in stikmannich fan har gedichten yn it Frysk en it Nederlânsk fertaald en soe it moai fine as mear minsken mei har wurk yn ‘e kunde komme koene. Ik tink dat der – just yn dizze tiid – ferlet is fan gedichten dy’t ynspirearje en treast en hoop biede, dy’t dy yn it hert reitsje en tichter by dysels bringe.
Kategory
Tags
Gjin tags
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
Kategory: Poëzij
HANS PETER WESTIN - I Zelfportret met kroonpen Hij legt de taal op zijn palet en kneedt met staal de tussentint waarin zijn [...]
Kategory: Literatuer,Resinsje
SJOERD BOTTEMA - Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]
Kategory: Literatuer,Poëzij,Ynterview
HENK VAN DER VEER - Poëzij libbet yn Fryslân. Mar hoe stiet it der mei dy poëzij foar? Dêr sprekke dichters (m/f) har yn dizze [...]