Gedichtejûn Ensafh

Yn it ramt fan  Nationale Gedichtendag organisearret it Frysk literêr tydskrift Ensafh op 26-01-2012 yn Snits in grutte gedichtejûn, dêr’t elkenien oan meidwaan kin! De jûn is bedoeld as in oade oan ’e poëzy. Der binne trije mooglikheden:

– Dichters kinne twa of trije gedichten foarlêze .

– Poëzyleafhawwers kinne har favorite gedicht foarlêze.

– Gewoan komme te harkjen.

Elk dy’t dichtet en foarlêst is wolkom. It makket net út yn hokker taal de gedichten skreaun binne, Frysk, Stedsfrysk, in streektaal, Nederlânsk of in bûtenlânske taal, alles is goed.

Dichters en foarlêzers wurde fersocht har op te jaan by de redaksje fan Ensafh troch te mailen nei ensafhpoezij@gmail.com. Skilje nei Piter Boersma (058-2501475) kin ek. Foar mear ynformaasje kinne jo ek by boppesteand adres en telefoannûmer telâne.

Omdat foarlêzen toarstich makket krije de dichters en foarlêzers allegear twa konsumpsjes fergees.

Foar in muzikale bydrage soarget it duo Hoed en de Rand mei harksankjes en gedichten op muzyk.


Plak: Café Vellinga, Korte Veemarktstraat 11 8601 EV Snits
Datum: 26-01-2012
Tiid: 20:00 – 23:00 oere
Yntree: fergees

Ynformaasje: www.ensafh.nl, 058-2501475 (Piter Boersma), ensafhpoezij@gmail.com

Comments are closed.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.