Gabrielle en Arjan Bedoele It Net Ferkeard: “Cancelje”

Sels lju dy’t keihurd tsjin de cancel-kultuer binne, cancelje derop los! Wa wolle wy eins cancelje, en fierder: meardere talen trochinoar dichtsje, liedet dat net ta Babyloanyske tastannen? Te gast is Martsje de Jong, rêchbonke fan de Fryske literatuer.
Gerrit Achterberg, dy soe hjoed dochs kânsleas wêze? Is it makliker om Gary Glitter te canceljen as in werklik knappe artyst? Fierder ha we it oer nij wurk fan Lubbert Jan de Vries en Marrit Jellema. Worskhoppe, hoe giet soks achter de skermen? Wat is Boekwinterboek, libje we yn de takomst, is chocodrop lekker en fierder in hiel soad waarme, winterske gesellichheid. Sponsore troch QTP Handwarmers.
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.