fotografy: Pexels.com

Fyftich jier StUFT: op de weagjende kulturele wei

ELSKE SCHOTANUS – 

‘Op de weagjende kulturele wei / Docht de StUFT yn frijwilligens mei / As stipe foar amateurs, oant fierten yn ús provinsje /Fertsjinnet se sels har eigen feestlik tintsje’, sa seit de tekst op de oankundiging fan de feestelike jûn foar relaasjes, 25 maaie yn kafee-restaurant Overwyk op ’e Tynje, dêr’t fierd wurdt dat de StUFT, de Stifting Utjouwerij Frysk Toaniel, fyftich jier bestiet. Sûnt 1968 is der in soad feroare, sa docht bliken út it petear mei Dick Eekma, foarsitter fan de Stifting en Gerda van der Wijk.

 

It amateurtoaniel en foaral it doarpstoaniel is de basis. Dêr komme de ideeën wei, dêr komt de fernijing út fuort.

 

Der binne âlderen dy’t noch skoan witte hoe’t boekhanneler en útjouwer Tabe Beintema yn syn saak, tichtby it Ljouwerter treinstasjon, siet. In aimabel man, immen dy’t him net op de foargrûn krong en dy’t, as der gjin klanten wiene, op syn tikmasine toanielstikken oersette nei it Frysk ta. Yn 1968 waard it útjaan fan toaniel oernommen troch de StUFT. By Eekma op tafel leit it freone-album Mear as jiske bleau der oer, yn 1980 ferskynd doe’t Beintema ophold mei syn útjouwerij, De Terp. Under de titel stiet: ‘Ik sil stride salang ik kin, foar Fryske taal en Fryske sin’ en de letters T B.

Mei it oersetten fan stikken, dy’t útsocht wurde út de katalogus fan Nederlânske útjouwers, nei it Frysk ta en mei oarspronklik Frysktalige toanielteksten giet it noch altyd it bringen fan stikken yn de eigen taal. Eekma hat, foar de gelegenheid, de statuten út de begjinjierren derby socht. Doe hie StUFT noch donateurs en wa’t in bestjoersfunksje ynnaam moast fyftich gûne ynbringe. Sa kin it al lang net mear, de stifting krijt dan ek provinsjale subsydzje. Dêr wurde de oeren fan Gerda foar it ferkeappunt fan StUFT by de Afûk fan betelle en ek de skriuwers en oersetters fan wa’t stikken oankocht wurde. Sa kin it dat der alle jierren 22 nije Frysktalige toanielstikken ferskine, de helte dêrfan jûnfoljend, fierder ienakters en jongerein/bernetoaniel. Dick Eekma hat oan it tellen west: yn de katalogus, dêr’t stuft.nl nei ferwiist stean 1672 stikken, sa’n tûzen dêrfan binne útjûn troch de StUFT.

 

Fleurich stik
‘Foar de komst fan de kompjûter,’ fertelt Gerda van der Wijk, ‘kamen toanielferienigingen, as se in stik sochten, nei de boppeferdjipping fan it Fryslânhûs dêr’t alle tekstboekjes yn de kast stiene en yn te sjen wiene. Letter koe men, foar in tientsje, de katalogus op floppy tastjoerd krije. Fan 1998 ôf sykje ferienigingen op de webside, bygelyks op sjenre, op skriuwer of it tal spilers en wurde oanfragen foar in sichteksimplaar fan de tekstboekjes oer de mail dien. Wurdt der om advys frege, dan is de fraach faak hiel basaal: Wy wolle in fleurich stik, foar in moaie jûn yn it doarpshûs mei dûnsjen nei, mar wy wolle gjin echtskiedingen of soksoarte ellinde en der moat ek gjinien deagean. Want dan hat ien fan de belutsenen krekt in skieding achter de rêch of immen ferlern…’

De formulearring docht tinken oan de klucht De skriuwer foar it doarpsbelang fan Trinus Riemersma, útjûn yn 1986. Dêryn lêst Gerben Turkstra, op in gearkomste fan doarpsbelang, in ferhaal foar en dêr komt geandeweis safolle krityk op dat der op ’t lêst mar in pear wurden fan oerbliuwe. ‘It is in hiel soad spile.’ Mear resint binne In saaklike affêre fan Alan Ayckbourn, oerset troch Baukje Stavinga en Wat in skrik, skreaun troch Henk Sloots in soad op ’e planken brocht.

 

Maatskippij feroaret
Net allinne fan Trinus Riemersma, ek fan oare bekende proazaskriuwers binne oarspronklik Frysktalige stikken útjûn: Jabik Veenbaas, Willem Abma en Piter Boersma bygelyks. Foar it jubileumfeest stiet de ienakter London 1994 op it programma, in tragikomeedzje skreaun troch Anja Steegstra dy’t sels de spilers socht en it ek regissearret. ‘Anja Stuftstra’, grapket Eekma, want sy is ien fan de minsken fan wa’t meardere resinte teksten oankocht binne.

In dei as wat foar it jubileumfeest is Dick Eekma dwaande syn iepeningswurd ta te rieden. De skiednis en alle anekdoaten dy’t dêr mei mank geane, sil er yn in kertier net ferhelje kinne. Bestiet StUFT fyftich jier, de Stichting Amateurtoaniel Fryslân fiert sels har hûndertjierrich bestean. Oansletten selskippen mei betiden ‘âlde’ nammen as ‘Nut en Nocht’, ‘Jounswille’ en ‘Mei fleur en Faesje’ tsjutte op in rike en lange histoarje fan it Frysk amateurtoaniel.

‘Mar de maatskippij feroaret,’ seit Eekma, ‘it wurdt yndividualistysker, minsken bine har leaver oan projekten. Ik bin in ferienigingsman, mar der is in generaasje minsken, dy sitte nergens by. Earder hiene selskippen stipers, sels al kamen se net by de foarstellingen, dan nóch waard der betelle. In regisseur, de rekwisiten, it kostet jild en gemeenten subsidiearje it amateurtoaniel net, dat men moat by fûnsen oanklopje. Dy wolle in begrutting, in dekkingsplan en, achterôf, in evaluaasje. Soks nimt tiid, mar foar ferienigingen wurdt it hieltyd lestiger minsken yn it bestjoer te krijen. It tal Fryske kriten wurdt minder, guon toanielselskippen ha der in punt achter set. Om’t der noch hieltyd minder selskippen meidiene is de saneamde ‘kriich’ dêrop oanpast.’ ‘Yn january ferkocht ik altyd ienakters foar festivals’, merkt Gerda van der Wijk op, ‘mar ienakterfestivals binne der ek net mear.’

 

De basis
‘It amateurtoaniel en foaral it doarpstoaniel is de basis. Dêr komme de ideeën wei, dêr komt de fernijing út fuort.’ Eekma stelt it mei klam. ‘It is saak om de basis sterk te hâlden, dat is ek it belied fan de provinsje en Keunstwurk.’ De trije toanielorganisaasjes StUFT, STAF en IFAT ha it manifest Tijd voor cultuur – Elf richtingwijzers voor een cultureel sterk Fryslân, dat in reaksje wie op de provinsjale nota Heroriëntatie culturele infrastructuur Fryslân, dan ek meiûnd ertekene. ‘De Steaten ha tasein dat der in nij beliedsstik komt.’

Sels is Dick Eekma wei fan revues en hâldt er fan Ingelske humor, fan de selsspot yn ’Allo ’Allo!, de bewurking fan in Britske komedysearje, mar ek fan stikken as Hjerst yn Schoorl, yn stik oer geastlike betizing by âlderdom. Gerda van der Wijk rekke oandien by Ien fleach oer it koekoeksnêst dat yn in psychiatryske ynrjochting spilet. Yn de begjinjierren fan StUFT wiene it meast ‘húskeamerstikken’, dan gong it bygelyks om spul om in erfenis. Al moat in foarstelling altyd noch in moaie jûn bringe, der wurdt no folle mear om ‘ynhâld’ frege. Yn fyftich jier StUFT binne foarstellingen maatskippijkritysker wurden, tema’s as oarloch, psychiatry of demintsy wurde net langer út ’e wei gien.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.