• 29 augustus 2013

    WILLEM WINTERS -  Hûnderd jier tebek waard de keunstwrâld op ’e kop set troch in Frânske keunstner dy’t net langer ‘foar it each’ skilderje woe. Yn de skilderkeunst wiene al te lang en tefolle moaie plaatsjes makke om it each te plezierjen. Dat wie it revolúsjonêre idee fan Marcel Duchamp. Hy wie de (út)finer fan de ready made. Hy pakte it keukenkrukje, boarde dêr in gat [...]