Fryske skriuwdei

Sneon 25 maaie is der gelegenheid om op in tagonkelike wize yn kontakt te kommen mei literêr skriuwen yn it Frysk. Dielnimmers kinne kieze út twa deiprogramma’s, it iene is wijd oan it skriuwen fan poëzy it oare oan proaza.

Moarns wurdt in workshop jûn yn Tresoar, nei de lunch yn De Brasserie wurkje de beide groepen op lokaasje. By moai waar is dat de Prinsetún, sit it waar net mei, dan gean de dielnimmers nei keramykmuseum it Princessehof.

De lunch en de tagong ta it Princessehof binne foar eigen rekken, meidwaan oan de workshops is fergees. It is net mooglik om foar in heale dei yn te skriuwen. Sjoch hjir foar it komplete programma.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.