Fryske bondels oanbean yn de Hollannerwyk

MALTSJE DE RIDDER – JANSMA – 

Kafee ‘De Basuin’ makke earder fan’t jier syn entree yn de Fryske literêre wrâld doe’t dêr de nijjiersboarrel fan it Skriuwersboun wie. Snein trokken de leafhawwers fan poëzij nei it kafee op de krusing fan de Nije Hollannerdyk en de Ljouwerterstrjitte foar de presintaasje fan de nije bondels fan Syds Wiersma (Lân sûnder ljurk) en Gerrit de Vries (Unlân).

De kar foar ‘De Basuin’ komt op it konto fan Wiersma, dy’t hjir faker komt, want op in skerm draaie skerpe argyfbylden fan Ljouwert út de jierren tritich en earder noch. Se komme út it Frysk filmargyf, dêr’t Wiersma wurket, en binne sa helder dat it liket as binne se krekt foar it earst ûntwikkele. Manlju yn swart-wyt, mei bokjes en petten, sjogge ta hoe’t Wiersma de mikrofoan test, wylst De Vries as debutant ynterviewd wurdt foar de krante.

 

“Sa’n bondel is krekt in hûs. Je moatte it kennen leare, deryn thús reitsje.”

 

In blok nei it easten leit Beyers Naudé, in kilometer nei it suden is it stasjon. It hat hyt west, mar krekt no berint de loft wat. Der komme skalen mei oranjekoeken, in traktaasje fan De Vries, dy’t earder fan’t jier syn fyftichste jierdei fierde. Hy wennet al desennia yn Schiedam, mar syn famylje is him net fergetten, it kafee rint stadichoan fol. De beide dochters fan Wiersma meitsje foto’s en biede oan dizze en jinge in dummy oan mei de fraach dêr wat foar harren heit yn te skriuwen. Dy giet meikoarten op skriuwersreis nei Ierlân.

As ‘De Basuin’ oant it dak ta fol sit, it is wachtsjen op útjouwer Piter Boersma. “Hy sit earne tusken Ljouwert en Lelystêd”, seit Wiersma. Omdat it programma ryklik fol sit, en de measten moandei wer oan de slach moatte, kundiget hy Gerrit de Vries sels mar oan. “In moaie, eigen, rouwe stimme,” omskriuwt er, en makket fierder in ferliking mei Ella Wassenaer, dy’t yn 1959 mei Reade Runen ek op har 50e in bondel presintearre. “En dêr kaam in twadde printinge fan.”

De Vries set syn bril op en begjint mei in gedicht fan Albert Verwey, Wat een zanger tot een koning zei. Dêrnei lêst er in nustje fersen dat de bondel, nei oerlis mei Piter Boersma, net helle hat. “Dit duorret fierste lang, tink,” seit de dichter foardat er fierder sil mei de bondel sèls. “Even pauze!”, ropt in muoike. Hy lêst dan de fersen Dêr-Hjiren Ferbûn, foardat er it earste eksimplaar oanbied oan syn soan Arjen, dy’t de Fryske taal spitigernôch net machtich is.

As in langferwachte profeet komt de útjouwer by einsluten krekt nei fjouweren de drompel oer en krijt, sa’t dat heart, earst in kâld bierke oan de bar. Cornelis van der Wal en Elmar Kuiper drage as spesjale gasten ûnderwilens foar. Kuiper fertelt koart oer it te hôf bringen fan syn mem Akky op sneon. In âlde freon fan Gerrit de Vries, lêst er ynstee fan eigen wurk (“Soms ha ik myn nocht fan myn eigen wurden.”) twa gedichten út ‘Unlân’, te witten Sniewyten Oanreitsjen.

In nije namme foar de oanwêzigen is de Haarlimske dichteres Connie Veenings, dy’t op útnoeging fan Facebookfreon de Vries nei Ljouwert reizge. Foardrachten yn it Frysk skowe gauris nei it sjongerige, ritmyske ta, Veenings klinkt as in typyske slamdichter, meneuveljend as in Amerikaanse abbekaat dy’t in sjuery oertsjûge sil. Wylst Cornelis van der Wal by Kuiper hifket hoefolle stjerkes ‘Unlân’ krijt yn de LC fan freed, draacht de útjouwer Boersma it gedicht Allinne bin ik op oan Wiersma. “Miskyn past it wol by Syds … miskyn ek net.”

“Yn ‘Lân sûnder ljurk’ steane allinne mar gedichten fan de ôfrûne trije jier,” begjint Wiersma as hy los mei. It is syn fjirde bondel. Hy wennet yn de Hollanderwyk, al sit der foaral famylje fan kollega De Vries. Dochs ek in soad oare skriuwers: Simen Oetie, Geert Nauta, Trevor Scarse, André Looijenga, Anne Heegstra, Ypie Bakker en Henk Nijp om mar ris in pear te neamen.

Krekt as de foardragers foar him, hat ek Wiersma muoite om it fers dat er lêze sil, te finen. It giet lestich, bledderje mei in mikrofoan yn de hân en in kafee fol eagen dy’t jo oanstoarje. “Sa’n bondel is krekt in hûs. Je moatte it kennen leare, deryn thús reitsje.” (Neidat Elmar Kuiper earder syn miening joech oer dichters mei plakbriefkes, doart net ien se mear te brûken.) De Ierlângonger lêst Froulju fan Frijlân, Echte helden en Pinkster mei Escher:

“Om ’e hoeken fan de tiidfinsters / lizze gjin kwytrekke bernejierren. /  Dat soene se wolle, nostalgy / dan ha se ús yn ûnmacht lizzen. / (…) Romte twirret om ús hinne / it muozzet en eazet en snijt as it ljocht / yn Rome by nacht.”

It earste eksimplaar is foar boer Jochum Rypma, dy’t al fyftich jier biologysk buorket. Sa soene alle boeren buorkje moatte, fynt de dichter. “It is gjin nostalgy, mar it lân dêr’t we nei werom moatte.”

Ta ôfsluting is der noch in iepen poadium, mei ûnder oaren dichter Albert Schaafsma. It is dan healwei seizen. Skalen mei hapkes sweve fan tafel nei tafel en de lêste stikken oranjekoeke ferdwine yn roppige dichtersmagen.

 

Unlân, Gerrit de Vries, Utjouwerij Hispel, 12 euro

Lân sûnder Ljurk, Syds Wiersma, Utjouwerij Hispel, 15 euro

Comments
Ien reaksje oan “Fryske bondels oanbean yn de Hollannerwyk”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.