• 5 juli 2019

    MALTSJE DE RIDDER - JANSMA -  Kafee 'De Basuin' makke earder fan't jier syn entree yn de Fryske literêre wrâld doe't dêr de nijjiersboarrel fan it Skriuwersboun wie. Snein trokken de leafhawwers fan poëzij nei it kafee op de krusing fan de Nije Hollannerdyk en de Ljouwerterstrjitte foar de presintaasje fan de nije bondels fan Syds Wiersma (Lân sûnder ljurk) en Gerrit de Vries (Unlân). [...]