Frisian Studies
fotografy: Frisian Studies

Frysk leare sûnder borreltafel 

HENK WOLF –

Foar studinten Frysk fan de NHL haw ik tweintich jier lang alle jierren in fak jûn oer it Frysk yn Dútslân. In fêst ûnderdiel dêrfan wie it learen fan it Noardfrysk – net heel yngeand, mar op in basaal nivo. Dat hie twa doelen: as earste is it diel fan de fakûntwikkeling: de frisistyk is in ynternasjonale wittenskip, dy’t it Frysk yn al syn foarmen bestudearret en in studint Frysk moat op syn minst in bytsje witte fan “it oare Frysk”.

In oare reden wie dat studinten Frysk by de NHL foar in grut part it ûnderwiis yn geane. Se krije dan neist Frysktalige studinten ek studinten mei Hollânsk, Biltsk of Grinslânsk yn de klas. It is net sa maklik om jin te ferpleatsen yn sokke studinten, dy’t in taal leare moatte dy’t in soad op har memmetaal liket, dy’t se miskien op skrift net sa faak tsjinkomme. Troch studinten Frysk út de provinsje Fryslân it Noardfrysk te learen, krije se in ferlykbere ûnderfining as dy learlingen.

Yn de foarbye jierren hat de NHL (sûnt de fúzje hyt er trouwens NHL Stenden) ek de lesjouwersoplieding fan de Afûk oernaam. Dat betsjut dat oankommende Afûk-lesjouwers it teoretyske stik fan har oplieding op ‘e hegeskoalle krije, dêr’t se in part fan de fakken folgje dy’t reguliere studinten Frysk ek folgje. It fak oer it Frysk yn Dútslân hearde dêr earst net by, mar alle jierren wienen der wol oankommende Afûk-dosinten dy’t fregen oft se it fak doch folgje mochten. Fansels seinen wy dan net nee. Fanwegen de twadde reden – dat men jin ferpleatse kin yn Nederlânsktalige kursisten – hat de Afûk de NHL op ’t lêst sels frege om it fak yn it reguliere oanbod foar de lesjouwersoplieding te stopjen. En sa is it ek kaam.

Dat wie in lange ynlieding om te kommen by de kwestje dêr’t ik oer prate woe. Ik ha dat fak nammentlik jûn, ha sels al heel lang lyn Noardfrysk leard, foaral yn de praktyk – trochdat ik as jongkearel by de ynternasjonale Fryske jongereinorganisaasje FYK siet en dêrmei allegear reiskes makke nei gebieten yn Europa mei in eigen taal. Dêr kaam ik mei leeftydsgenoaten út Noard-Fryslân yn ‘e kunde en sa’t dat giet as men jong is: men nimt inoars taal maklik oer. Der binne dan ek yn ús Fryslân en yn Noard-Fryslân allegear minsken fan myn jierren sawat, sis tusken de fjirtich en de sechstich, dy’t inoars Frysk leard ha.

Dat it sa maklik is om sûnder tiidsdruk, by de borreltafel in taal op te pikken, wie my suver wat fergetten. No lear ik foar myn wurk Sealterfrysk. Mei troch de FYK-kontakten hie ik dêr wol in basis yn, mar wy hienen minder kontakten mei sprekkers fan it Sealterfrysk as mei sokken fan it Noardfrysk, dat praten wie it sa lyk noait fan kaam. No haw ik de stap set om te praten, mar it oefenjen by dyselde borreltafel ûntbrekt. It moat no mear út boeken komme en de oefening krij ik yn wat formelere situaasjes as doe, yn de jierren njoggentich.

En sa lear ik mysels wat ik de studinten Frysk en de Afûk-kursisten dúdlik meitsje woe: dat it aktyf oanlearen fan in taal, sels al liket dy sterk op ien of mear talen dy’tst al lang koest, noch bêst efkes tiid freget, foaral as it yn in formele situaasje dien wurde moat.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.