fotografy: Marjo Alberts

Fotomoanne yn de Fryske haadstêd

 

TSJOMME DIJKSTRA –

Wy brûke bylden om de wrâld om ús hinne te begripen. Bylden fan wat wy om ús hinne sjogge, mar ek op foto’s. Se jouwe ús in grutte tagong ta plakken dy’t ús oandacht hawwe. Elke kear op de dei dat wy de tillefoan yn ús hân ha om it nijs te skennen, berjochtsjes út te wikseljen en ús tiidlinen op sosjale media troch te gean, komme ús tsientallen foto’s ûnder eagen. Hiel maklik kinne wy sels mei de tillefoan in momint op foto fêst lizze. Yn dy hjoeddeistige realiteit wurdt yn Ljouwert kommende wike in nij Frysk fotofestival organisearre. Wat biedt in eksposysje fan foto’s noch dat wy oars misse soenen yn dizze byldrike tiid?

 

“Er zijn weinig podia voor foto’s in Friesland. Er zijn heel veel Friese fotografen die bijzondere professionele foto’s maken, die wil je graag delen met anderen.”

 

It ferhaal dat de foto’s as in searje ûnder it fuotljocht bringe, soe it antwurd wêze kinne. Yn it gefal fan it kommende FryslânPhoto Festival, seker. Technyk mei it foar elkenien hieltyd makliker meitsje om kwalitatyf moaie foto’s te meitsjen, der is genôch dat de foto’s fan de fotografen dy’t eksposearje op it festival bysûnder makket. Foto’s fan fyftjin Fryske topfotografen wurde op it FryslânPhoto Festival, 5 oant en mei 29 oktober yn de Ljouwerter binnenstêd, eksposearre op njoggen bysûndere festivallokaasjes, dy’t fia in rûte efterinoar besjoen wurde kinne. “Er zijn weinig podia voor foto’s in Friesland. Er zijn heel veel Friese fotografen die bijzondere professionele foto’s maken, die wil je graag delen met anderen”, seit Ton Groot Haar it út; hy hat mei Elske Riemersma de lieding oer de kommende edysje fan it evenemint.

Neffens de organisator sjogge je by de profesjonele foto’s folle mear de hântekening fan de makker fan de foto: “Ze willen ook veel meer een verhaal vertellen.” Dêrnêst is der op in  eksposysje fansels in folle gruttere rol weilein foar de lokaasje , en foar de tiid dy’t je je dêr as besiker sels jouwe om fotosearjes te besjen, dy beynfloedzje de konneksje tusken de oanskôger en  bylden sterk .

Talint

Op it festival binne foto’s fan mear as fyftich fotografen te sjen. Dat is in grut getal, mar dy fotografen drage oan hiel ferskillende programma-ûnderdielen by . It nijsgjirrichste oan de grutte meiwurking is nammentlik grif it brede, ôfwikseljende programma dat der opset is. Sa hawwe tritich renomearre amateurfotografen en fotografystudinten elk op har eigen wize it tema ‘Mijn Plek’ útwurke yn in searje foto’s. Tsien jonge fotografen, soms ‘autodidakt’, litte harren festivalfoto’s fan Welcome to the Village sjen yn poadium Neushoorn.

De organisatoaren wolle fotografy ‘yn romme sin’ in plak biede en talint in kâns jaan. Groot Haar: “Exposeren helpt amateurfotografen natuurlijk ook. Je wilt dat het werk gezien wordt.”

 

Tema-eksposysjes
Ek de searjes fan de profesjonele fotografen slute allegear oan by it tema ‘Mijn Plek’. Dêr’t de iene fotograaf plakken opsiket en in ferhaal ferbyldet foar in fotosearje, portrettearret in oare fotograaf minsken op in bysûnder plak om in ferhaal yn byld te bringen. De foto’s fan Bas Jongerius, dy’t de foar foto-opdrachten en sjoernalistyk wurk de hiele wrâld ôfreizge en hjoed-de-dei lesjout oan studinten sjoernalistyk en fotografy op ROC de Friese Poort, toane in ferhaal fan in leafdesskiednis yn it Spaanske stedsje Cadaqués. De searje sil te sjen wêze yn de Aldehou. Oare lokaasjes binne ûnder mear de Westerkerk – it festivalhert -, de Waalske tsjerke en de Blokhuispoort. Heleen Haijtema eksposearret foto’s fan har searje ‘I love MAKKUM’, de  searje lit de efterkant sjen fan toeristyske ‘trekpleisters’ fan Makkum.

De Braziljaanske fotograaf Leonardo Horta, dy’t sûnt 2003 yn Nederlân wennet, makke portretten fan Fryske asylsikers. Dêrop lit hy de wrakseling sjen fan de portrettearden: se wenje no yn Fryslân, mar yn gedachten binne se noch faak yn it lân dat se ûntflechte binne. Troch it gebrûk fan ljocht en skaad bringt hy dy ferdieldheid yn byld. Reiny Bourgonje hat in portretsearje makke fan Fryske adopsjebern. Se wol sjenlitte dat de bern eins wrâldboargers binne: Nederlanners, Afrikanen en Friezen tagelyk.

 

Partisipaasjeprojekt
Net elkenien hat in eigen plak om te wenjen. Foar flechtlingen jildt dat yn it bysûnder. It FryslânPhoto Festival sette dêrom in bysûnder partisipaasjeprojekt op: der waarden tweintich koppels foarme fan flechtlingen en wykbewenners dy’t elkoar yn har wensfear op de foto setten en sa ek mei-elkoar yn de kunde kommen koenen. Elk duo krige in fotocoach tawiisd om har by it projekt te helpen. Partners yn it projekt wienen ‘welzijnsorganisaties’ Amaryllis en Wellzo.

Har  fotoferhalen binne te sjen op in eksposysje yn de Blokhuispoort en yn in pear oare wiken yn Ljouwert. Ek is in part te sjen no al op grutte billboards yn de stêd. De eskposysje is fan 5 oktober ôf te sjen, de offisjele iepening is op 7 oktober yn de Blokhuispoort.

 

2018
De fotoredaksje fan de NRC naam it tema ‘Mijn Plek’ oer foar har fotowedstriid fan de moanne july. Ek de ynstjoerings op dy wedstriid binne ek op it festival te sjen. En op snein 15 oktober is der in grutte fotobeurs yn Neushoorn, tegearre mei C-Leeuwarden. Spesjale gast dêr is de ‘fotograaf des vaderland’ Robin de Puy.

Filmhûs Slieker in Leeuwarden programmearret yn oktober in fjouwertal films mei fotografy as tema. Ien dêrfan is de dokumintêre Salth of the Earth oer it wurk en libben fan de Brasiljaanske fotograaf Sebastião Salgado.

No leit de fokus fan de organisaasje ek al op 2018, as der in twadde edysje komt, dy’t Kulturele Haadstêd-besikers lûke moat. Ton Groot Haar: “Ook hopen we zo dat we een goede Friese fotografiecultuur kunnen krijgen.”

 

FryslânPhoto Festival, 5 o/m 20 oktober, Ljouwert. Mei û. m. wurk fan Marjo Alberts, Reiny Bourgonje, Gitte Brugman, Saskia Bruinsma, Heleen Haijtema, Leonardo Horta, Bas Jongerius, Dolph Kessler, Erikjan Koopmans, Geja Kuiken, Tryntsje Nauta, Pieter Postma, Martin Rijpstra, Maartje Roos en Helen de Vries. It festival komt ta stân mei tank oan de ynset fan sa’n sechstich frijwilligers en stipe fan in grut tal sponsoren en organisaasje. De entreekosten bedrage € 7,50. Eksposysjes fan de foto’s fan it Partisipaasjeprojekt binne fergees tagonklik. www.fryslanphoto.com.

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.