Fotoferslach debat ‘Keunst yn Fryslân’

Publisearre op 15 oktober 2015

Fotoferslach debat ‘Fernijing yn de amateurkeunsten yn Fryslân’ mei Harrie Reumkens, Sikko Cleveringa, Hans Brans en Sjoerd Feitsma ûnder lieding fan debatlieder Bart Kingma. Dit debat, yn gearwurking mei Keunstwurk, wie it earste yn in rige fan fjouwer oer ‘Keunst yn Fryslân’. Yn it kommende debat stiet ‘keunstedukaasje en it foartset ûnderwiis’ sintraal. Graach oant sjen!

‘Keunst yn Fryslân’ is in debatsyklus dy’t troch Keunstwurk en de Moanne opset is om te sjen wat wy fan keunst yn ús provinsje wol en net ferwachtsje meie, yn hoefier’t keunst te stjoeren is en hokker kant wy op moatte. Dêrby spilet de komst fan Kulturele Haadstêd yn 2018 fansels in grutte rol. Hokker konsekwinsjes hat dat foar de kulturele ynfrastruktuer, benammen nei 2018? Fierder stean der nije kultuernoto’ foar de perioade 2017-2020 op priemmen by de Provinsje Fryslân en de gemeente Ljouwert. Dit is ít momint om yn in publyk petear witte te litten hokker kar der makke wurde moat.

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels