Flyers

Publisearre op 20 mei 2014

JAAP KROL – 

Ik bin heechoplaat. Om mei te kletsen op buorrels en aktyf oan namedropping te dwaan, lês ik De Groene Amsterdammer, it fakblêd foar kultuerpessimisten, pro-Europeanen en banklizzers. Ferline wike krige ik nûmer 19 yn ’e bus. Dêr siet in toeristyske bylage by oer de stêd Grins en de Ommelannen. Titel fan de opfallend fjouwerkante brosjuere: RIJKDOM. De letters sirkelje boppe in boarch, in foto dy’t oars net as skerp nommen is: in strak oanleine hagetún, in boarchgrêft mei messkerpe hoeken en in histoarysk, grut en goed konservearre lânhús. De flyer gie fierder oer de universiteit, architektuer, it hannelsferline en de romaanske boukeunst.

De swakte fan de Fryske advertinsje sit him yn de knullige kompilaasje fan ferwizings nei de bekende klisjees, wêrby’t de wize hoe’t de damesfyts op de foargrûn stie my tinken die oan de ferneamde massaazjesteaf út de Wehkamp.

Meastal komt nei nûmer 19 nûmer 20, juster floepte dus de nije Groene yn de bus. Op de achterside stie in advertinsje út it toeristyske segmint: ‘Kom fietsen in Friesland’. De advertinsje bestie út seis net al te skerpe foto’s, wêrop’t it idee fan E-fytsen ferbylde wie. Dus: mei dyn wiif op de kaart sjen, yn it gers lizze en jûns in potsje fierljeppe. In kwart fan de advertinsje waard ynnommen troch in ‘messkerpe’ foto fan in damesfyts. Webdesigners en marketingminsken witte fansels automatysk dat dêr in Fryske flage en allegear pompeblêden op moatte, want dat is in sterk merk – a brand capital yn marketingjargon.

De ûndertitel fan de Grinzer flyer is ‘Beleef historisch Groningen’, dy fan Fryslân: ‘Beleef Friesland: water en méér!’ De argeleaze, pensjonearre Groene-lêzer moat dus út de Rânestedske setel komme en nei it Noarden gean. Grinslân affisjearret himsels as de eksoatyske kultuerstreek, Fryslân as de krite dêr’t it goed lanterfantsjen is – neist ferplichte nûmers as bearenburch drinke en oranjekoeke ite.

De kwaliteit fan de Grinzer flyer sit him yn de sterke foto’s. Se strielje eigensinnichheid út en etalearje klasse. Witte jo wêrom’t dat sterk is? Omdat Grins assosjearre wurdt mei de treurige feankoloanjes, massawurkleazens en ierdbevings. De swakte fan de Fryske advertinsje sit him yn de knullige kompilaasje fan ferwizings nei de bekende klisjees, wêrby’t de wize hoe’t de damesfyts op de foargrûn stie my tinken die oan de ferneamde massaazjesteaf út de Wehkamp. De gemiddelde Groene-lêzer, in fitte babyboomer, wol net betuttele wurde mei oplaadpunten. Hy wol selsstannich nei Frankryk of Grins traapje en dêr fernuvere wurde. Hokker heechoplate marketeer hat hjir foar hokker bedrach syn wurk net dien? Ik lit hjir de namme ‘Piketty’ eefkes falle, dan witte jo genôch.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]