Film ‘O’ Sanne Hiddema nominearre

De seleksje foar de Noordelijk amateur Film Festival is bekend en de film ‘O’ dy’t Sanne Hiddema makke foar it Alfabet Projekt fan de Moanne is nominearre! Lokwinske Sanne!

Oer de film ‘O’: de foarm en it lûd fan de letter ‘O’ binne byinoar brocht yn in live-performance bassearre op ymprovisaasje. Konsept, rezjy en produksje: Sanne Hiddema. Meiwurkers: Elmar Kuiper en Grytsje Schaaf (lûd), Marlien Seinstra en Afke Brennikmeijer (dûns). Camera: Marijn Buitenwerf, Michiel Kloppenburg en Jurgen Bakker. Montaazje: Marijn Buitenwerf. Mei tank oan: Timen Rienstra.

It Noordelijk amateur Film Festival is in festival foar net- of semiprofessionele filmmakkers. It NaFF is it plak dêr’t talintfolle en ambisjeuze filmmakkers en filmleafhawwers út it hele lân elkoar moetsje en ynspirearje kinne. De nominearre films wurde selektrearre troch de programmeurs fan it Noordelijk Film Festival en beoardiele troch in professionele sjuery. Sjoch hjir foar alle nominearren.

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.