fotografy: Jacob van Essen

Fiele sûnder nei te tinken

NYNKE VAN DER ZEE – 

In groepke muskeseinen waggelet op har gemak troch de grutte foartún, wylst trije katten hearlik yn it sintsje lizze te sliepen. Wa’t binnenstapt yn de Muzykpleats fan Atsje Lettinga en Sander Stienstra yn Bûtenpost, stapt yn in oare wrâld. In wrâld fan kalmte, fan thúskommen, mar boppe-al in wrâld fol muzyk. Nûmers skriuwe, bands opnimme, pianoles, bandrepetysjes en iepenloftspullen. “Muzyk is eigentlik de essinsje fan alles”, knikt Atsje.

Fodde, de grutte Berner Sennenhûn, komt op my ôf draven as ik de keuken ynstap. Nei efkes snuven jout er him flak efter myn stoel del, de grutte hûnekop op it reade flierkleed. Wy begjinne mar mei in kopke kofje en foarsichtich klap ik myn laptop iepen. It digitale fel is wyt, sûnder fragen. Want wêr te begjinnen yn in ynterview mei in frou dy’t safolle docht. “Lit ús mar begjinne by it no”, laket Atsje. “Dan komme we fansels by wat west hat en wat noch komme sil.”

 

Werom nei de basis
Sûnt inkele jierren hat Atsje in praktyk foar haptoterapy. Haptonomy is letterlik oerset: de lear fan it fielen. “Dat heart miskien wat sweverich, mar dat is it absolút net”, fertelt Atsje. “Fielen is nammentlik ús alderearste taastsin. As lytse poppe kinne wy allinnich mar fiele. Dat begjint al yn de búk. Pas letter ûntwikkelje wy ek ús oare sintugen, lykas it hearren, sjen en priuwen. Yn it begjin is dat allegear hiel puer. Mar as wy âlder wurde, leare wy om ús gefoel te kontrolearjen. Noarmen, wearden, mar ek skamte en bepaalde ferwachtings soargje derfoar dat wy kieze moatte tusken wat wy tinke en wat wy fiele. In kar tusken it ferstân en it gefoel. En dat kin as gefolch ha dat minsken fêstrinne yn har libben, omdat se wat oars fiele as dat se dogge. Haptoterapy is dan ek bedoeld om wer yn kontakt te kommen mei dyn fielen. Mei oare wurden: werom nei de basis.”

As foarbyld neamt Atsje de muskeseinen dy’t foar yn de tún omskarrelje. “Sa’n ein sil by gefaar hiel hurd mei syn wjukken begjinne te slaan. Dat docht er net neidat er dêr earst goed oer neitocht hat, mar dat is no ienris de natuer. Mar hast ek bisten dy’t op ’e flecht gean, of just hiel stil sitten bliuwe. En der binne bisten dy’t altyd de oanfal kieze, ek al witte se fan tefoaren dat se it ferlieze sille. As minske ha wy de kar út alle trije: stil sitten bliuwe, flechtsje of de oanfal kieze. Mar pas ast dy bewust bist fan dy mooglikheden kinst de juste kar meitsje. Dat is in ûnderdiel dêr’t haptonomy him mei dwaande hâldt.”

 

“As minske ha wy de kar: stil sitten bliuwe, flechtsje of de oanfal kieze.”

 

Sjonge út de teannen
Werom nei dyn gefoel, it heart simpel. “Wolst ris stean gean?”, freget Atsje my. Tegearre steane wy yn de keuken. “Stiesto no op beide fuotten likefolle of mear op ien foet?” Ik sjoch nei myn fuotten. Atsje laket. “Dat is no krekt wat ik bedoel. Ik freegje dy nei dyn gefoel, mar do sjochst automatysk nei dyn fuotten om antwurd te jaan. By dy komt it tinken dus earst en dan it fielen.” Se rint om my hinne en giet oan myn linkerkant stean. “Kinst no fernimme dat ik njonken dy stean?” Ik knik. Dan rint se nei myn rjochterkant. “En no?” Ik knik op ’e nij. “Oan hokker kant fielt it better?” Nuvere fraach. Links? Of nee, doch rjochts. “It hat te krijen mei de kant dêr’tst mei joust en de kant dêr’tst mei krijst”, leit se út. “De iene jout leaver en de oare krijt leaver.” Atsje giet wer oan de keukentafel sitten. “Genôch foar dy om oer nei te tinken”, gnysket se.

It prinsipe fan haptonomy brûkt Atsje ek yn har muzyk. Se is diriginte by twa koaren: sjongkoar Excentriek út Ryptsjerk en by It Freya Koar yn Feanwâlden. “Dan bin ik gjin terapeute, mar brûk ik it puer praktysk. Njonken wa stiest en wat docht dat mei dyn klank? Wêr kinst dyn stim it bêste brûke? Ik bou in koar op, op basis fan wat goed fielt. It doel is nammentlik dat de leden har enerzjy sa effisjint mooglik brûke. Dat dogge se troch letterlik te ierdzjen, echt kontakt te meitsjen mei de grûn. Ast nammentlik goed stevich stiest, dan stimt alles ek better. De measte minsken tinke om wat der boppe yn it lichem by it sjongen bart, mar ik begjin ûnderoan. Dat kin minsken soms krekt efkes in oar ynsjoch jaan, dêr’t se har foardiel mei dogge.”

 

“Muzyk is in universeel ynstrumint om gefoelens te uterjen.”

 

Alles oarsom
In hiel eigen oanpak: it is sa stadichoan Atsjes hannelsmerk wurden. Dat blykt ek wol yn har oanpak as regisseur by it iepenloftspul fan Brantgum, dat takom jier it stik ‘De Ferskoppeling’ spilet. It is har earste stik as regisseur. Earder wie Atsje as muzykregisseur al wol belutsen by de iepenloftspullen ‘Jesus Christ Superstar’ en ‘De piratewiven fan kaptein Bree’ yn De Tynje en ‘Bloedbân’ en ‘Peer Gynt’ yn Burgum. “Ik oefenje mei de spilers net op wat der letterlik yn de tekst stiet, mar op hoe’t sy it sels sizze soenen. Spylje út dyn eigen ik. It skript is ús basis, mar sels jouwe wy ynfolling oan de wurden en de gefoelens. Krektoarsom as wat gewoanwei dien wurdt: earst de tekst leare en dan de mimyk. Ik ha leaver earst it goede gefoel en dan de juste wurden.”

Wa’t tinkt dat Atsjes dagen mei in eigen haptonomypraktyk, de Muzykpleats, twa koaren en de repetysjes foar in iepenloftspul wol fold binne, hat it mis. Tegearre mei Sander treedt se regelmjittich op as it duo SA. Mei in oantal oare muzikanten foarmet se boppedat al jierren de band Sa en Oaren. Atsje jout sjongles, organisearret op fersyk muzikale bernefeestjes by har thús en spilet, as se tiid oer hat, ek noch graach sels in rol yn in foarstelling, lykas koartlyn yn ‘Leeghwater’ fan BUOG en ‘Operatie Grensland’. En leau it as net, dat is noch net alles.

 

Gastfrijheid yn de woartels
“Wêr’t ik by tafal efterkaam bin, is dat haptonomy ek hiel goed wurket by minsken mei in beheining”, knikt Atsje. “Yn Ljouwert sit Us Dream, in wenfoarm foar mearfâldich handikapte bern. Faak kinne se net prate en bewege. As haptoterapeute jou ik dêr yntusken alwer fjouwer jier muzykles. Dat fyn ik prachtich om te dwaan, om’t it sok tankber wurk is. Muzyk is in universeel ynstrumint om gefoelens te uterjen. Dat fernaam ik ek, doe’t ik muzykles joech oan bern yn asylsikerssintra yn Fryslân foar stichting De Vrolijkheid. Muzyk iepenet minsken.” Mei de lessen op asylsikerssintra moast se lykwols ophâlde. “It paste simpelwei net mear yn de aginda.”

Nei’t ik myn laptop útdien ha, nimt Atsje my mei op in kuier om it hûs hinne. De einen waggelje al kweakjend efter ús oan. “Ik hâld fan bisten om my hinne. It moaie is datst dingen fan bisten weromkenst yn hoe’t wy as minsken mei-inoar omgean. Einen dy’t famylje faninoar binne, bliuwe bygelyks hiel ticht byelkoar.” Njonken bisten mei Atsje ek graach minsken om har hinne ha. Elk jier hâlde Sander en hja dêrom in túnfeest foar freonen, famylje en kollega-muzikanten. “Ut âlde boeken docht bliken dat der op dit plak yn in fier ferline in wetterboarne sitten hat. Minsken kamen hjir byinoar om wetter te heljen en inoar te moetsjen. Dat wolle wy graach yn eare hâlde. Dit prachtplak is net allinnich foar ús, mar wy wolle it diele. Gastfrijheid sit yn de woartels fan dit hûs. Dat fielst sûnder deroer nei te tinken”, knypeaget se.

 

Earder publiseard yn de Moanne, 14 (2015) 2 (maart), side 48-50

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.