In festival dat in grutter publyk fertsjinnet

Publisearre op 29 oktober 2018

ELSKE SCHOTANUS –

‘Slecht de (financiële) drempels naar de kunst’, sa pleite Kirsten fan Santen yn in column yn de Ljouwerter krante oer de ‘legacy’ fan it kulturele haadstêdjier. Sneontejûn fûn, yn de sealen fan de Ljouwerter Harmonie, foar likernôch twahûndert besikers it festival ‘Stormram meets the Fringe’ plak. Op ien jûn wienen foar € 16,50 meardere foarstellingen te sjen en dy makken ek nochris ûnderdiel út fan it ‘paspoort Strangers on Stage’ dat foar hûndert euro in moaie kar oan foarstellingen biedt. Dat der net mear folk op ôf kaam, leit dus net by definysje oan de priis fan de kaarten. Blykber is der in publyk dat har perfoarst net ferrasse litte wol: dat fan Tryater, dat fan de Stormruiter, it Oerolfestival, de iepenloftspullen of Paul de Leeuw?

 

Stormram meets the Fringe
It Amsterdamske Fringe Festival is in poadium foar eigensinnige teatermakkers, Stormram de sammelnamme fan teaterkollektiven as de Illustere Figuren, Heksenhamer, HOMSK, allegear út it noarden fan it lân. By de iepening leit Raymond Mulller it út hoe’t it mei Stormram sit: tal fan makkers dogge dingen foar en mei elkoar, in troch elkoar hinne rinnen fan makkers, inisjativen en kollektiven. Al mei al smyt it in in betiizjend en hilarysk ferhaal op.

Der binne trije rûtes lâns de ferskate sealen gearstald dêr’t út keazen wurde kin. De rûte ‘stormram’ fiert lâns Douwe Dijkstra & de sneue vertoning, Teddy’s Last Ride en Homsk.

 

Necropop
Douwe Dijkstra en de sneue vertoning – twa mannen dy’t part útmeitsje fan Heksenhamer – bringe al in pear jier har saneamde ‘necropop’. De mannen ha krekt in moanne yn Leipzig trochbrocht om te ûndersykjen oft sy it programma ek yn it Dútsk bringe kinne. Yn de foarstelling wurde filmbylden toand fan bygelyks har besite oan in dûmny fan de grifformearde tsjerke dêr, de ‘Sound of Leipzig – Dein persönlicher ‘guide for electronic music’ in Leipzig, in tsjerkhôf ek. Soe der belangstelling wêze foar pop dêr’t de dea sintraal yn stiet? ‘Warum sollte es keine Markt geben?’, is de reaksje.

Klaaid yn swarte pakken, de earms del, de hannen foar it liif teard en mei strakke gesichten stean Douwe Dijkstra en de sneue vertoning derby as de wiere fersoargers fan in útfeartplechtichheid. Under de ritmyske begelieding fan muzyk út de laptop bringe sy har popteksten. Heinz Günter ist tot. Hoe kaam dat dan? Hy ried yn syn Mazda Turbo Diesel. En it gefolch? Er hat ein Garten auf dem Bauch. De iensume ‘Nachbar Gotfried dropft durch die Decke.’ Ien is ‘tip-tip-tot’ en in hearlik ‘Dode meisjes zeggen geen nee’ oer necrofily. It swiere djippe lûd fan Douwe Dijkstra, de drûchkomyske teksten oer in ûnderwerp dêr’t dan wol gjin taboe op leit, mar dat al emoasjes opropt of oproppe kin, de swijende ‘sneue vertoning’, it Bargedútsk yn de fideopetearen, de klisjees yn de gedichten mei titels as ‘Dankbar’, brocht ûnder begelieding fan in blender dêr’t broadsjes, bier en kofje mei in soad leven yn mjukst wurde, dat alles makket dat it publyk hieltyd wer yn ’e laits sjit.
In hearlike foarstelling en dat op de dei dat fersekerder en útfeartûndernimmer DELA ûnder druk fan de publike opiny ophold mei it, sûnder tastimming fan de neibesteanden, meitsjen fan fingerprinten fan ferstoarnen om dy yn har webshop oan te bieden. In goudene ring mei wat jiske en in fingerprint docht mar 1759 euro.

 

Through the Valley
Under regy fan Manuel Kiros Paolini brocht it Grinzer dûnskollektyf Terry’s Last Ride it tsjustere Through the Valley. It soe, neffens de oankundiging gean oer útsluting en akseptaasje, moraal en oardiel. Dûns is lykwols amper of net yn wurden te heinen. Linich as katten bewege twa manlju en twa froulju har oer it poadium. Mei in sêne dêr’t in mes yn brûkt wurdt, sit der geweld yn de goreografy, mar ek erotyk as in slipke út giet en de dûnseres boppe in potsje hinget, in miel dêr’t in skoftsje letter immen mei it gesicht yn treaun wurdt. Op in stuit gean de klean út, is der it prachtige, yntime beweech fan lichems sa’t lichems binne: de wûnderlik moaie kostúms fan Adam en Eva. Neist eksperimintele dûns binne der technobeats, der is it live sjongen fan Andy Smart, klaaid yn in reade jurk en op heechhakte skuon, der sit sprutsen tekst yn en dat alles tsjin in achtergrûn fan enoarme, betiden psychedelyske fideoprojeksjes. Sjochst dy de eagen út.

 

Us buorman yn Tallinn
HOMSK – dat binne de teatermakkers Eelco Venema en Lourens van den Akker – kaam mei de ambulânse, dêr’t sy yn de simmer fan foarich jier mei nei Tallinn west ha, de Harmonie yn riden. Dêryn de fideo-ynstallaasje nei oanlieding fan har ‘European Roadtrip’ sa’t dy earder te sjen west hat op festivals as Simmerdeis yn Drachten of by de Tall Ships Races yn Harns.

Der is net genôch plak, dat wa’t wachtsje moat, krijt in wodka yn in plestik bekerke oanbean. Sûnder te ferklappen wat der, op ynhâld sjoen, yn de ambulânse te sjen wêze sil, fertelt Eelco Venema dat it giet om it sykjen nei in Europeeske identiteit. Wat fielst dy? Europeaan? Frysk? Oarswat? Foardat de wachtsjenden de ambulânse yn kinne, ûntwikkelet him in nijsgjirrich petear. Yn de ambulânse in ferskaat oan bylden, dy’t de ûntwikkelingen yn de EU sketse: fan de EGKS oant de rellen en it politike ferset tsjin dyselde uny fan de lêste jierren. Op trije wanden tagelyk projektearre bringt HOMSK de fraach op it aljemint wat de uny foar dy betsjut. Dêrby is it nijsgjirrich om te sjen hokker oerienkomsten der binne tusken dizze ynstallaasje en de Tryater-produksje Dorp Europa dêr’t Venema (mei)ferantwurdlik is foar de tekst. It byldmateriaal yn de ambulânse is fan fideokeunstner Frouke ten Velden, de muzyk fan Hilbrandt.

It publyk dat foar de rûte ‘stormram’ keas, seach in tal eigensinnige foarstellingen en, sa’t it heart by in festival, hat folle mear noch mist.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    SJOERD BOTTEMA -   Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    ERNST BRUINSMA - Yn 1990 ferskynde de roman Possession fan de Britse skriuwster A.S. Byatt. Datselde jier waard it boek bekroand mei de prestigieuze Bookerprize [...]

  • Kategory: Opiny,Teater

    HANS BRANS - Een festival van twaalf dagen om een nieuw artistiek leider welkom te heten - dat is een opmerkelijke, nooit eerder vertoonde openingszet. [...]