De ferskining op ‘e Sweach

Publisearre op 4 augustus 2017

JELTE POSTHUMUS – 

Dit stikje giet oer de nacht dat wy nei de disko soenen, slaanderij krigen, ús neef en ik Piet Paulusma seagen, alles dochs goed kaam en wy snoarken as bargen.

Yn de wykeinen gienen myn freonen en ik faak nei de Ringo Bar yn Feankleaster. Fanút Twizelerheide wie it fia Sânbulten troch it Feankleaster bosk noch in min stikje fytsen. De dyk wie net al te bêst ferljochte en it bosk dêr omhinne wie tjusterder as de nacht. Wat dêr efter de beamen ferskûle siet, liet him net riede.

 

Wy stienen mei ús fytsen ûnder in strjitlampe, doe’t dêr om klokslach tolve in auto stoppe.

 

It wie op sa’n donkere jûn dat ik mei trije freonen op ‘e fiets troch it bosk gie – ûnderweis nei de Ringo – doe’t in stik of acht ‘speedkikkers’ út De Westereen fanút it bosk hookstrooks foar ús stienen. In fjochtpartij is nea fier fuort yn de Wâlden, dat wy hienen it slim benaud. De Westereenders bâlten yn hast ûnbegryplik Wâldsk: ‘Ha’k wat fan dy oan jong?’ en sprongen efter op ús fytsen – wol mei twa of trije tagelyk. Sa tôgen wy rjochting de disko.

Doe’t wy dêr oankamen wienen ús neef Berend en ik de twa oare freonen kwytrekke. De idioaten út De Westereen sprongen fan de pakjedragers, mar wienen net fan doel ôf te setten. ‘Klappen ha jong?’, sei ien en foar’t wy der erch yn hienen, helle hy út. Ik dûnse dêr oer, mar koe de klappen ûntwike. Jonges oan de poeiers binne faak net op harren skerpst.

Underwilens krige myn neef in fikse optater op ’e harsens. De Westereender raasde: ‘Docht it sear jong?’ Us neef hie mar kwealik sein ‘Ja fansels docht dat sear, wat tinkst dan jong!’ as hy hie de twadde klap al te pakken.

Doe ynienen kaam ien fan harren by syn positieven en it oktet dripte ôf.

Mar wy wienen wol moai ús maten kwyt en rekken yn panyk. Wy hienen in wûnder nedich en fergeemje, it wûnder barde! By Kollumersweach.

Wy stienen mei ús fytsen ûnder in strjitlampe, doe’t dêr om klokslach tolve in auto stoppe. In man frege troch it iepen rút: ‘Hoe kom ik yn Twizelerheide, jonges?’ Wy fertelden sa en sa, mar op it momint dat it rút ticht gie en de auto fuort riede soe, sei Berend – mei in bulte as in aai op ’e kop: ‘Binne jo net in bekende Nederlanner?’ De man lake en sa skeat de auto fan Piet Paulusma fuort, de nacht yn. ‘Oant moarn!’ rôpen wy him noch nei.

Hy hearde it fêst net mear, mar de ferskining fan de waarman stelde ús gerêst. It wie benammen dy laits, dy’t sei: ‘ik jou de nacht in tsien’, dy’t ús mei in gerêst hert op hûs oan fytse liet. Wy snoarken dy nacht as bargen en hearden letter dat ús twa freonen al lang wer feilich thús wienen – mar dat wisten wy eins al wol. Berend syn bulte wie de oare moarns al flink ôfsakke en de sinne skynde dy dei prachtich.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]