Ferhalen foar by it kofjesetapparaat

JAAP KROL –

Margryt Poortstra (1953) is in produktyf skriuwster. Fan har hân ferskynden sûnt har debút yn 1975 (Hillige Minke) ferskate poëzybondels, romans, berneboeken en bondels koarte ferhalen. Se wûn twa kear de Rely Jorritsmapriis foar poëzy (1985, 1986) en twa kear foar proaza (1989, 1994). Har lêste roman Minskebern komt út 2008 en giet oer de gefolgen fan Alzheimer. It resint ferskynde Kofje ferkeard is in ferhalebondel mei 21 ferhalen, har twadde nei In soarte fan swijen (1998).

Minsken dy’t balansearje, dêr giet Kofje ferkeard miskien wol it measte oer: balansearje tusken gewoan of gekte, tusken hetero of miskien dochs net, tusken it libben yn it heden of mei de lêsten fan it ferline. Ien fan de moaiste ferhalen is ‘Etna’, oer de balâns fan it fertellen. In mem en in dochter fleane nei Sicilië om by te praten. ‘Hoe âld moatte wy wurde om elkoar wer ris te moetsjen, wier tsjin te kommen, frege ik, en nei trije glêzen wyn moast se dêrom gûle, en om wat ik fierder noch sei, gûle’ (s. 113). ‘Etna’ is in ferhaal oer in famylje dy’t troch skieding, karriêrewinsken en ferslavingskwestjes útinoar rekke is en de trie ek net wer oppakke sil. Mei in heit dy’t út byld is en in broerke wierskynlik swier oan de dope hawwe sels de pear goeie oantinkens in bittere ûndertoan. Hoe fier of djip moatte jo gean om in urgint boadskip oan in mem oer te bringen? Wachtsje op it goeie momint is ferteltechnysk sjoen in delikate kwestje, hielendal yn famyljeferbân. Poortstra bewiist mei dit prima ferhaal dat suspense in saak fan geduld is, fan sfear opbouwe, details beneame en dan taslaan.

‘Ben’ is in ferhaal oer in Fjetnameeske boatflechtling, dy’t eins Min hjit en yn Nederlân de saken reedlik foarinoar liket te hawwen: in baan, in frou en trije bern dy’t allegear in akademyske stúdzje dien hawwe of dêr noch mei dwaande binne. Ferteld fanút it perspektyf fan de sekretaresse fan syn wurkjouwer wurdt it libben fan Ben/Min hieltyd mear ûntraffele en docht bliken dat syn skiednis ien is dy’t it foarstellingsfermogen fan westerske autochtoanen fier te boppe giet. Ek foar dit ferhaal jildt dat de skriuwster mei each foar detail en in goeie sfeartekening de persoan Ben/Min en syn famylje in gesicht jout.

Oare saken binne dêrfoaroer ek opfallend. As prozaïst is Poortstra in echte froulike skriuwster, yn dy sin dat har portrettearring fan de man faak hingjen bliuwt yn klisjeemjittige bylden. In grutte segaar, in snauwerich wurd of in fiergeand en allesbepalend ekskús, dêr bliuwt it wolris by. It iepeningsferhaal ‘De hichte’ giet oer in stel yn Frankryk, Suze en Wytse, dy’t stadichoan beseffe dat de simmerfakânsje it begjin is fan de ein fan it houlik. Suze genietet fan de Frânske slach yn it klassike Frânske doarp, wylst Wytse foaral skelt op it rotwaar en allinnich de passaazje fan de Tour de muoite wurdich fynt. As Wytse fan de trep falt en dea lizzen bliuwt, sjocht Suze har kâns om no einlik in moai libben te hawwen en ûndernimt se dêrom neat. It is in ferhaal dat net befrediget: in iensidige bullebak fersus in frou dy’t serieus dreamt oer in prins op in wyt hynder, dat fersûpt neist bygelyks ‘Ben’ yn neatsizzerichheid. ‘Koers’ is in ferhaal oer in frou dy’t allinnich har soantsje opfiede moat. Har eks Ysbrand hat har ferlitten, om’t se yn syn tsjerke gjin skuldbelidenis dwaan wol oer har ûnferwachte swangerskip. Dat is fansels nijsgjirrige en hiel beladen tematyk, mar de iensidige ferwizing nei de allesbepalende term ‘skuld’ makket fan Ysbrand gjin man, lit stean in mins.

Wat psychology en klû oanbelanget fyn ik Poortstra soms wat koart om ’e hoeke gean. Ik drink de kofje swart, dan priuwe je mear – soms is de kofje net swart genôch. Dat nimt net wei dat ik graach myn wurdearring útsprekke wol foar dizze bondel. Poortstra is in skriuwster mei sosjaal engaazjemint, dy’t yn har bêste ferhalen net grypt nei it grutte gebaar of it kermjende ûnrjocht. Goed engaazjemint sit him yn in suggerearjende sfear, de fernuvering fan de taskôger en in hiel naturelle wize fan omgean mei minsken dy’t wy kreas omskriuwe as ‘sosjaal swakkeren’. It is net iens it lef dêr’t it my om giet, it is mear de meinimmende en faak yngenieuze wize fan fertellen. Lytse biootsjes meitsje in ferhaal sa bytiden ta in nijsgjirrich libbensferhaal.

Margryt Poortstra, Kofje ferkeard. Afûk, Ljouwert 2011.

 

Earder ferskynd yn ‘de Moanne’ 11 (2012), 5 (juny), s. 59.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.