Elke skoalle yn Fryslân meartalich!

Publisearre op 17 juli 2013

EELKE GOODIJK –

Fryslân hat in frij lange histoarje as it giet om meartalich ûnderwiis. Sûnt de jierren fyftich yn de foarige ieu is der hjirre al sprake fan in beweging nei twatalige skoallen. En yn de jierren sechstich hawwe der sels sa’n tachtich twatalige skoallen yn Fryslân west. Meartalich ûnderwiis hat ommers positive effekten op de taalûntwikkeling fan bern en spilet ek net swak by yn harren algemiene ferstanlike ûntwikkeling.

Sûnt dy tiid is de oandacht foar meartaligens yn it ûnderwiis spitigernôch wat nei de eftergrûn ferdwûn. Fakentiids wie der op dit mêd gjin sprake fan belied en waarden de ferskillende talen nei willekeur fan in learkrêft brûkt.

Begjin jierren njoggentich ûntstie der lykwols in nij besef fan de mearwearde dy’t meartalich ûnderwiis hawwe kin. Yn in maatskippij dy’t him hieltyd mear ynternasjonalisearre, waard in goeie behearsking fan it Ingelsk ek folle wichtiger. Nije ûndersiken ûnderstreken it belang fan in goed taalfûnemint yn ’e eigen memmetaal, as betingst foar in bettere taalûntwikkeling yn in twadde of tredde taal. Fanút dy gedachte gong yn 1997 de pilot Trijetalige Basisskoalle fan start.

De positive resultaten fan dy pilot en in oantal negative rapporten oer de ûnderwiiskwaliteit yn Fryslân yn it algemien, soargen derfoar dat de Trijetalige Skoalle fan 2007 ôf de wyn yn ’e rêch krige. It ‘Netwurk 3TS’ sette útein mei sân entûsjaste skoallen en no, begjin 2013, binne dat der al sa’n fyftich.

Dat is op himsels moai nijs, mar tagelyk is der ek wol reden ta soarch. ‘Netwurk 3TS’ fielt hiel dúdlik de wifeling by skoallen om harren oan te sluten. Dat hat te krijen mei in ynspeksje dy’t frijwat de klam leit op ‘opbringsten’, en in administrative ferantwurding fan taken dy’t skoallen hawwe, mar ek troch de skaalfergrutting en besunigings yn it ûnderwiis liket de enerzjy foar it suksesfolle trijetalige spoar de lêste tiid wer wat ôf te nimmen.

Krekt no’t de skoallen yn Fryslân har yn ’e breedte kwalitatyf ferbetterje en der hieltyd mear skoallen by komme dy’t yn har taalbelied dúdlike ôfspraken makke hawwe oer meartaligens (bygelyks alle wiken in Fryske middei), soenen de meartalige skoallen harren krêften better bondelje kinne. Binnen in sterk netwurk moatte hja har ferienje om elkoar bestowe en fersterkje te kinnen.

Elke skoalle yn Fryslân hat in opdracht as it giet om meartalich ûnderwiis. Oft it no allinnich giet om it ferstean en lêze wollen fan hiel ienfâldich Frysk, bygelyks yn guon streektaalgebieten, of dat it folle fierder giet, mei Frysk en Ingelsk as fak en fiertaal troch de hiele skoalle hinne, elke skoalle moat dêr oer neitinke en belied op meitsje.

Utgeande fan de eigenheid en de autonomy fan ’e skoallen binne dêrom troch ‘Netwurk 3TS’ fan Cedin alternative rûtes betocht, dy’t elke skoalle yn Fryslân foarúthelpe kinne op it mêd fan meartalich ûnderwiis. Yn it oersicht ‘Elke skoalle yn Fryslân meartalich!’ fan Ekspertizesintrum Meartaligens by Cedin, wurde fiif farianten sketst dy’t oanslute by it meartalich ûnderwiisferskaat yn ús provinsje. De brosjuere docht in berop op álle skoallen yn Fryslân om har oan te sluten by it Netwurk 3TS en te kiezen foar in fariant dy’t goed past by de eigen skoalle en dy’t de kwaliteit fan it taalûnderwiis fersterket.

 

Eelke Goodijk is ûnderwiisadviseur meartaligens by Cedin. Sjoch ek: www.taalsintrum.nl

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels