fotografy: Willem Lemmens

‘In eigen kabaretfoarstelling liket my wol grappich’

SITO WIJNGAARDEN –

Douwe Gerlof Heeringa (1980) is boeresoan mei tretjin jier ûnderwiisûnderfining, hy wie de ôfrûne twa jier kommunikaasje-meiwurker fan lanlik CDA-foarsitter Ruth Peetoom, is beliedsmeiwurker op it provinsjehûs en finalist op it Ljouwerter Kabaret Festival. Yn it jier dat Lytse Teake foar it lêst op it poadium stiet, stapt stand-up cabaretier Douwe Gerlof Heeringa it poadium op mei de foarstelling ‘Skoalplaten’.

Heeringa komt út in famylje mei echte ferhalefertellers en in soad teater. Hy hat nea in geheim makke fan syn stand-up ambysjes. Twa jier lyn stapte hy nei tretjin jier út it ûnderwiis om wat oars te dwaan.

“Ik ha mei twa ûnderwiisdiploma’s en wurkûnderfining meiinoar tretjin jier mei dat fak te krijen hân. Mar ik bin ek boeresoan, Fries, homo, backpacker, in tinker en in dogger. Benammen dat jier yn Austraalje hat wichtich foar my west. Ik wie doe njoggentjin jier en de yndrukken dy’t ik dêr op die, bliuwe werom kommen yn myn libben. Ik fiel my yn guon gefallen ek mear Australysk as Frysk; kânsen yn it libben sjen en oppakke; dy sels net altyd serieus nimme en gewoan akseptearje dat it libben lang net altyd ideaal is. Boppedat hâld ik fan it relekste, sjen nei wat mooglik is ynstee fan wat net kin.”

“Thús wiene en binne der alle dagen steefêst in tal mominten dat der kofje op tafel stiet en dy ferhalen loskomme. De famylje is grut en op in boerepleats is altyd folk en leven. Ast wat kwyt wolst moast it koart en linich sizze. Yn Grins bin ik aktyf lid west fan studinteferiening Bernlef. Dêr is in soarte fan selde sfear. Raze en roppe en inoar mei grappen teplak sette. De bynamme fan de kroech dêr is bygelyks: ‘Tanklokaal’. Ik gedij yn sokke miljeu’s.”

“Humor is foar my in prima wize om úting te jaan oan ûnfrede, libbensfragen en oare lytse alledeiske knoffelsaken. Ik stel altyd in soad fragen; yn earste ynstânsje oan my sels, mar ek oan myn omjouwing. Ik wol antwurd ha op de fraach wêrom’t minsken dingen dogge dy’t se dogge. Ik bin kritysk, mar dat is foar my in foarwearde foar kreativiteit. Boppedat komme minsken yn beweging en dat is tink ik wol in reade tried yn myn cv. At ik op de planken stean merk ik dat myn publyk in soad pikt en dat jout in gefoel fan frijheid. Foar my is stand-up cabaret in útlaatklep wurden. Stand-up is in oefening yn it ‘no’ en dat is in geweldige erfaring.”

Skoalplaten
“Skoalplaten giet oer feroarings. Yn it ûnderwiis en yn de feehannel. Ek oer nei wat west hat. En dat dat hiel súksesfol wêze kin. Mar dat it ek hiel bot yn de wei sitte kin. Ast ien kear yn de Grutte Oseaan swommen hast, dûkst net mear sa rap yn it fan Harinxmakanaal. Dat binne neffens my saken dêr’t elk mei de krisis mei te meitsjen hat. In krisis betsjut neffens my it loslitten fan it âlde. Dêrby is de persoan fan myn heit in wichtige kapstok.”

“Ik wol mei dizze show it publyk rjocht yn de eagen sjen en gjin inkeld ûnderwerp út ‘e wei gean. Ik ha myn publyk hiel heech sitten. Ik pas derfoar om lege bylden te sketsen of allinnich mei platte grappen oan te kommen. Ik hoopje mei harren myn ferhaal te dielen. Myn kollega’s yn it ûnderwiis roppe faak: ‘Nou, hier kan ik weer een boek over schrijven.’ Ik meitsje der in foarstelling fan.”

“De reaksjes binne posityf. En ik besjoch it gewoan as in projekt dêr’t ik help by nedich ha. Sa ha ik bygelyks staazje rûn oan de Paul van Vliet-akademy en ha ik in stand-up masterclass by in renomearre stand-upper yn Amsterdam folge. Prachtige bagaazje. Ik bin ambisjeus, in eigen kabaretfoarstelling liket my wol grappich. En Rients Gratama hat fansels ek net de ivige jeugd.”

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.