fotografy: Tom van Huisstede

‘In echt boek jout rêst’

ARJANNE NIJP –

Eddy van der Noord hat it drok. Mei syn útjouwerij Louise bringt er gewoanwei seis boeken yn it jier út. Mar no ferskine der fjouwer yn twa wiken tiid. ‘Dat is net sa handich pland, nee.’ It betsjut neist in protte feestlikheden ek in hûs fol boeken en in soad autoriden, want de distribúsje fersoarget Van der Noord ek sels. En dan is er ek noch alle sneinen yn ’t spier as koster fan de Sint-Pitertsjerke yn syn wenplak Grou.

 

Ik sjoch it as in plicht, mar ek as in foarrjocht, om moaie boeken te meitsjen. Ik wol elk boek sa meitsje dat minsken dy’t it lizzen sjogge, tinke: dat wol ik hawwe.

 

‘As koster bist eins de gasthear fan de tsjerke. Ik bin net gelovig, mar ik soargje wol dat alles rint sa’t it moat op snein. Dat it kloppet. Ik set de mikrofoan klear, skriuw de ferskes op ’e buorden en lis it goeie liturgykleed oer de tafel. En ik hâld it gebou skjin. Dat is wol even wurk mar dat jout neat, ûnder it stofsûgjen kin ik goed neitinke.’

Hy hat grutte plannen mei de tsjerke. ‘De tsjerkerintmasters en ik wolle graach mear minsken yn tsjerke ha. En dan net sasear op snein, mar alle dagen, foar alle Grousters.’ Dêrfoar moat der wol it ien en oar barre. Sa moatte der mear húskes komme, mar wol sa dat it past yn de monumintale sfear. ‘Dy fernijïng, dêr sit foar my de útdaging. En dat ik wurkje mei yn sa’n prachtich gebou, dat ik dêr de kaaien fan ha en de flage útstekke mei. Dan fiel ik my echt in befoarrjochte mins.’

 

Grutte skok
Doe’t hast tsien jier lyn syn frou Hetty ferstoar, lei dat wol even oars. ‘Ast sa’n grutte skok te ferwurkjen krijst, safolle fertriet, dan makket dat dy folle bewuster. Ik libje no puer om gelokkich te wêzen. En dat betsjut foar my: gjin dingen dwaan dy’tst net leuk fynst.’ Dat wie ek de oanlieding foar Van der Noord om yn 2010 Uitgeverij Louise op te rjochtsjen. Voor boeken met een lichtend hart, stiet derby. ‘Hetty har geast sit yn de boeken dy’t ik útbring. It binne allegear, stik foar stik, boeken dy’t derta dogge.’

It beslút oft hy in boek al as net útjaan wol, nimt Van der Noord op gefoel. ‘Ik moat in bepaalde klik fiele mei de skriuwer, en mei it ûnderwerp. En op grûn fan myn erfaring kin ik al gau útrekkenje wat it kostet en wat it opbringe kin. Ik hoef ek net op elk boek winst te meitsjen. Ik wurd der net ryk fan, mar ik kin der wol fan libje. Dat is moai.’

Yn guon gefallen groeit de klik mei de skriuwer út ta in freonskip. ‘De biografy fan Joost Halbertsma stiet op dit stuit op nûmer 1 fan myn rychje moaiste boeken dy’t ik útbrocht ha. Foaral fanwege de gearwurking mei Alpita de Jong. Sy is hast in freondinne wurden. Fierder is it ynhâldlik in skitterjend boek. Joost Halbertsma wie echt in fisjonêr. In Grouster, in Fries mar foaral in wrâldboarger. Alpita en ik hawwe in pear lêzingen oer him organisearre. Dan geane we nei de minsken ta, dan wurdt der oer it boek praat. Soks jout my enerzjy en gelok. Oft we der no 5 of 15 fan ferkeapje.’

By it útkommen fan it boek Stimd Slik fan Hein Jaap Hilarides en Hendrik Elings betochten de trije manlju in kulinêre toer. ‘Krigen minsken in 3- of 4-gongemenu en tuskentroch fertelden we oer it boek, lies Hein Jaap gedichten foar, joech Hendrik in workshop skilderjen en makken Hein Jaap en Hendrik muzyk.’ De oantinkens dêroan en de freonskip dy’t dêrút ûntstie, meitsje Stimd Slik ek ien fan de moaiste boeken foar Van der Noord. ‘En it sjocht der ek sa moai út. It linnen omslach mei de titel yn reliëf derop. En it gedicht “lichtgat” is sa foarmjûn dat der in “gat” yn sit. Yn in oar gedicht sjochst de wjukken fan in mûne yn tekst. Doe’t Hendrik foar it earst syn wurk yn it boek seach, sei er: “Eddy, dit binne myn skilderijen.” De kwaliteit fan de foto’s, it drukken en it soart papier binne dan ek hiel belangryk.’

 

Plicht en foarrjocht
‘Ik sjoch it as in plicht, mar ek as in foarrjocht, om moaie boeken te meitsjen. Ik wol elk boek sa meitsje dat minsken dy’t it lizzen sjogge, tinke: dat wol ik hawwe. En dat sit ’m dan foaral yn de foarmjouwing. Ik wurkje gear mei Monique Vogelsang en dêr bin ik tige bliid mei. Ik fyn har hiel goed en, ek wichtich, we ha in goeie bân, we fiele inoar oan.’ En dêrby tinke Van der Noord en Vogelsang sels oan de lytste details. Lykas de kleur fan it lêslint en it kapitaalbantsje.

‘Ik kin ek wol in boek oer keamerplanten meitsje, mar dan wol ik dêr wol in bysûnder boek fan meitsje. Ik ha ek it boek oer eco-coaching fan Tjalling en Berber van den Berg útjûn. Dat is earder útkaam by in oare útjouwerij, mar Tjalling en Berber woenen in fernijde útjefte. It moast in oar managementboek wurde as dat it wie. Ik krige dêr mei Monique fierder de frije hân yn. It is no echt in boek wurden dat him ûnderskiedt fan de gewoane managementboeken.’

‘Boeken fan it type “Gijp” fyn ik ferskriklik. Opdikt papier, in grut lettertype. Der wurdt letterlik lucht ferkocht. Ik neam dat “wegwerpboeken”. Ik wol dêr net te badinearjend oer dwaan, want kommersjeel sjoen begryp ik it wol. Myn boek oer Henk de Jong wie folle djoerder om te meitsjen, en ik ferkeapje it foar minder. Mar it is wol folle moaier!’  

‘Ik bin ek wol wat eigenwiis’, jout de útjouwer ta. ‘Ik wol alles yn eigen hân hawwe. Dan wit ik seker dat alles goed giet. Of yn elk gefal sa’t ik it wol. Ik wurkje ek noait mei kontrakten, in boek meitsje is in proses. Ik oerlis alles yn it foar mei de skriuwer. Dat fyn ik ek sa moai oan it fak: fan idee nei pdf oant it der echt is. Faak sjoch ik by de earste gesprekken al de foarmjouwing foar my. As de cover klear is en de earste stikken binne opmakke, dat fyn ik it moaiste momint.’

Digitaal publisearje, dêr docht Uitgeverij Louise net oan. Resolút: ‘Ik meitsje papier. Ik wol in boek yn ’e hannen hawwe. Yn in e-reader lês ik tekst. Dat kin miskien by in simpele roman, mar net by de boeken dy’t ik meitsje. Kinst ek net blêdzje, digitaal. En hoefolle oeren sjogge we deis al net nei in skerm? In echt boek jout rêst.’

 

Thús op Skiermûntseach
Rêst fynt Van der Noord ek op Skiermûntseach. ‘Ik fiel my dêr thús. Ien dei op it eilân fielt al as fakânsje. Ik kom dêr al hast 40 jier. Mei Hetty en ús dochter kaam ik der trije of fjouwer kear yn ’t jier, en no mei myn nije partner Henriët ek noch altyd.’ Dy rêst siket er bewust. ‘Ik bin in drok persoan, ha in soad sosjale kontakten. It libben is bedoeld om gelokkich te wêzen, en der binne fierstente folle minsken dy’t dat yn alle drokte ferjitte. It is miskyn nayf, mar ik tink echt dat it sa wurket. Ik kin my wol hiel drok meitsje oer de Rabobank, mar dat helpt net. En dus ergerje ik my dêr net mear oan. Dêr ha ik mysels yn traind. Ik bin no hiel gelokkich. Ek mei Henriët. Wy fiele elkoar hiel goed oan. Ik hie noait tocht dat ik wer sa gelokkich wurde soe as mei Hetty, mar dat is wol sa.’

Gelok sit ’m foar Van der Noord dus yn rêst fine, mar ek yn bewust libje. ‘Ik wol goed mei de ierde omgean. En dat begjint by dysels. Ik yt gjin plofhin of lisbatterij-aaien. Ek as koster besykje ik dat bewust te dwaan. We brûke gjin plestik bekerkes mear, mar kartonnen of noch leaver porsleinen kopkes. Ik lis dat út yn de nijsbrief en prebearje dan ek mei te jaan: we dogge it no sa yn tsjerke, mar besykje it thús ek te dwaan.’

Sa’t er yn tsjerke in goeie gasthear wêze wol, minsken ferbine wol, sa wol Eddy van der Noord ek moaie boeken útbringe, dêr’t minsken wat oan hawwe. ‘Ik wol in goed mins wêze. En ik tink eins dat my dat best wol aardich slagget.’

Comments
Ien reaksje oan “‘In echt boek jout rêst’”
  1. hilde achenbach schreef:

    Wat in prachtich ferhaal! Krekt sa’t Eddy is. Respekt!

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.