Dyn earste echte bûnen boek

Publisearre op 6 maart 2019

HENK WOLF – 

It Frysk hat in wat aparte eigenskip. Dat kin men sjen as men de folgjende wurdgroepkes út it Nederlânsk yn it Frysk oersette wol:

– het gewonnen geld
– een gebonden boek
– een gelopen race

Dat wol foar de measte minsken net letterlik. ‘It wûne jild’ en soksoarte konstruksjes strike net mei it taalgefoel fan in soad Fryskpraters. Wa’t der wat mear oer lêst, komt derachter dat fan dy koarte mulwurden (voltooide deelwoorden) as ‘wûn’, bûn’ en ‘rûn’ net sa maklik foar in haadwurd (zelfstandig naamwoord) set wurde kinne.

Wolle wy yn it Frysk doch wat sizze dat oerienkomt mei de Nederlânske foarbylden, dan prate wy der meast wat omhinne: ‘it jild dat wy wûn ha’, ‘it prizejild’. Of wy meitsje de koarte wurdsjes wat langer: ‘in ynbûn boek’, ‘in útrûne race’.

Lêsten hearde ik Lennie Bronsveld op Omrop Fryslân yn petear mei striptekender Skelte Braaksma, oer syn boek ‘Fete’. Se sei dat dat dus ‘dyn earste echte bûnen boek’ wie. Tusken ‘echte’ en ‘bûnen’ twivele se efkes, as hie se ‘gebonden boek’ yn ‘e holle en moast se efkes tinke hoe’t se dat no ferfryskje moast. Blykber fielde se oan dat it koarte ‘bûn’ net woe, ek net mei in -e’tsje derachter. Rap-rap moat se doen in útwei fûn ha troch ‘bûn’ dan mar wat langer te meitsjen ‘bûnen’ (útsprutsen as ‘bûn-n’). En dêrmei hat se neffens my heel moai sjen litten hoe’t it Fryske systeem yn ús holle wurket.

As ik gelyk ha, dan liket wat de sjoernaliste die, sterk op wat in soad Friezen dogge as se sizze fan ‘ik ha mei him praten’ of ‘ik haw it op ‘e tafel setten’. Se meitsjen de mulwurden ‘praat’ en ‘set’ oan ‘e achterkant ek langer, mooglik omdat Friezen stikem net sa hâlde fan hele koarte mulwurden, ek net as se gewoan as tiidwurd brûkt wurde.

Wa’t de útspraak fan Lennie Bronsveld sels hearre wol, kin dy yn dit fragmint hearre, sa likernôch yn de 22e minút.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels