fotografy: Johan van der Klaauw

Dy bern fan ús, meunsters, allegear!

ELSKE SCHOTANUS – 

Sa’t achter it dekôr de tsjerketoer fan Easterwierrum ôfstekt tsjin de jûnsloft dêr’t sweltsjes fleane en, yn it beamte, it koeren fan in do te hearren is, wurket de setting oer alle boegen mei. Sa’t it it bestjoer fan it berne-iepenloftspul alle jierren wer slagget om sponsors te finen, bouwers, lêzers, grimeurs, parkearwachten, programmaferkeapers en boeren dy’t in boerd yn harren lân hawwe. Sa’t bern op de tribune sitte, te jong noch om meispylje te meien en pubers dy’t earder meidienen en it berne-iepenloftspul oesa misse. Sa’t der alle kearen wer talintearre bern binne en folwoeksenen dy’t harren talinten nei boppe witte te heljen. Hoewol… Grutte minsken, dy binne stom. Yn de pastorijtún fan Easterwierrum, omtsjoend ta ‘Timptille’, binne Bern de Baas.

Yn fan recycled materiaal makke kostúms dy’t, yn al har kleurigens, wat midsieuwsk ha en tagelyk op en top trendy binne, stelle fjouwerentritich spilers en dûnsers de show yn ‘Bern de baas’, in musical nei de film ‘Les enfants de Timpelbach’ dy’t op syn bar basearre waard op it boek ‘Stadt ohne Eltern’ fan Henry Winterfield. De âlden yn it ferhaal ha op in stuit skjin har nocht fan it neiteam dat altyd kattekwea en akelige fiten úthellet. As ‘Jelle’ harren ôfskiedsbrief foarlêst, stiet de iene helt fan de berneploech op in rûn platform ritmysk mei de fuotten te stampen, de oare helt slacht mei de hannen op de brede treplining.

Mear as om it ferhaal – dat fansels goed ôfrint – giet it om de muzyk, it sjongen, it dûnsjen, it spyljen. ‘Bern de baas’ hat net allinne wat orwelliaansk, de lieten wurde brocht mei de driuw fan dy fan Kinderen voor Kinderen.

 

Dy âlden, dy komme pas werom as de bern wer normaal dogge en dat makket dat it feest yn Timptille losbrekt mei skoandere kroppen sûne slaat dy’t troch de loft fleane. “Frikadel frikadel kom mar del del del.” Sliepfeestjes, in kroech begjinne: no’t de âlden ôfset binne, kin en mei it allegear. Tosca, dy’t mei in heit dy’t har leechleit en in suske dat foarlutsen wurdt, har thús de underdog fielt, ûntwikkelet har ta de ‘nije lieder’, in gegeven dat yn de útwurking yn ’e fierte tinken docht oan it ferneamde Animal farm fan George Orwell. De frijheid, sa sûnder folwoeksenen, rint út op in gigantyske gaos. Der wurdt narre, stellen en drige. “Tosca en Willy wolle my deameitsje.’

Der wurdt spionneare, kommandearre en straft. Ien fan de slachtoffers is de stammerjende Olivia Piloat (Hiske Terpstra), in famke dat, suver autistysk obsedearre is troch fleantugen. As it út de klauwen rint, ûntstean der twa groepen, guon bern wolle ha dat de heiten en memmen werom komme, oaren fersette har der ferheftich tsjin. Der wurdt stimd wa’t fan har lieders de baas wurde moat: de serieuze Marjan of de obsternate Tosca. Mei ien stim mear – dy fan Olivia Piloat – wint Marjan mei as gefolch dat Tosca de útslach net akseptearret en de ‘wrede bokkebinde’ oprjochtet.

Mear as om it ferhaal – dat fansels goed ôfrint – giet it om de muzyk, it sjongen, it dûnsjen, it spyljen. ‘Bern de baas’ hat net allinne wat orwelliaansk, de lieten wurde brocht mei de driuw fan dy fan Kinderen voor Kinderen. Wat dêrby opfalt is dat der folle mear famkes as jonges meidogge. By de dûnsers is der gjinien jonge en ek by de spilers is it manlik geslacht fier yn de minderheid. Oan de kwaliteit fan wat jonges kinne, kin it net lizze. Willem Meinsma bygelyks, as de ‘dikkerd’ Paul, is in kreftige spiler en sjonger.

By de famkes falle de haadrolspylsters Jente Mare Zonnenberg as ‘Marjan’ mei har moaie lûd en Gaiske Meinsma as de brutale en dwerse ‘lieder’ Tosca yn it bysûnder op. Sawiesa binne alle fjouwerentritich bern toppers en der sille fêst by wy wêze foar wa’t it meidaan oan it berne-iepenloftspul in earste stap is yn in karjêre by it teater. It publyk hoecht dêr net op te wachtsjen. In jûn op te tribune yn de pastorijtún fan Easterwierrum makket fleurich en blier.

 

Elske Schotanus wie 12 juny by de premjêre fan ‘Bern de Baas’, it berne-iepenloftspul yn Easterwierrum. Noch te sjen op 14, 15, 18, 20 en 21 juny. Sjoch ek: www.berneiepenloftspul.nl.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.