Dûbel feest

Publisearre op 15 september 2015

SJOERD BOTTEMA – 

De Fryske boeke-aksje Swalk duorret fan 11 oant 20 septimber. Swalk docht ferskillende plakken yn Fryslân oan mei in teaterprogram fan Dette Glashouwer (fan Suver Nuver), muzyk fan it trio Wiebe Kaspers en as gast(en) ien of twa skriuwers. Yn dyselde wike kriget men by oankeap fan in Frysk boek De ferjilder kado, in oersetting troch Harke Bremer en Jarich Hoekstra fan De Vergelder fan Marten Toonder. It kadoboek kin op snein 20 septimber brûkt wurde as ferfierbewiis foar de bussen fan Arriva en Qbuzz yn Fryslân en foar de treinen yn Fryslân en Grinslân.

It programma fan Swalk hat as tema ‘jild’ en it kadoboek slút dêr by oan. Gjinien minder as de minister fan finânsjes skreau it foarwurd. “Een fantasie over een geldmachine zoals iedereen die wel eens heeft gehad? Of een donkere schets van een financiële sector, waarin alles wat je ziet en alles wat ons lief is, in geld wordt omgezet?” Koartsein, de ‘graaicultuur’. “Dit brengt heer Ollie in een wespennest van diefstal en smokkel, gehaaide inversteerders, doortrapte colporteurs, geslepen advocaten”. Types lykas Chris de Groot, ‘headhunter’ foar de finansjele sektor, dy’t op ‘e televyzje sei dat it hjir om peanuts gong. En hy luts der in gesicht by as wie elkenien dy’t dat net snapte, sa dom as it efterein fan in ko. Fersekeringsmaatskippij Nationale Nederlanden hat foar it topkader 2.4 miljoen de man reservearre foar bonussen en sa. Yn de fyzje fan headhunter De Groot noch altyd peanuts. Foar elke topfunksjonaris in hantsjefol. (Even om te fergelykjen: ien sa’n hantsjefol peanuts stiet gelyk oan tsien jier provinsjale subsydzje foar it Frysk.)

 

Test josels en betink in aardige Fryske oersetting foar de folgjende wurden en útdrukkings: met geld smijten, geestelijk ingestort, een einde maken aan, uitspatting, vegetatieve labiliteit, waardig, onzin, (sjoernalist) Argus, een storing veroorzaken, een veilig idee, wat een verrassing, narigheid.

 

Fansels keart hear Bommel de wrâld fan it grutte jild úteinlik de rêch ta. Dat er op datselde stuit berjocht kriget fan de bank dat syn tegoed troch tûk jildútsetten ferdûbele is en dat er wakkere bliid is mei dat nijs, jout fansels wol in iroanyske draai oan syn bekearing. De wurden dêr’t er de ferjilder mei ôfwiist, ûnderstreekje nochris dy irony: “Sa’n ding is neat foar in hear dy’t fan goede boeken hâldt, ek al lêst er se net.” Irony of net, it boekje is, sa konkludearret de minister yn syn foarwurd “een bruikbare les na de financiële crisis van de afgelopen jaren”.

Wêrt’t it yn de wrâld fan Bommel foaral om draait, is net it jild, net it ferhaal, mar de taal. Yn it Bommellexicon fan it Genootschap Onze Taal (útjûn ûnder de titel Als u begrijpt wat ik bedoel) litte Kees Fens en Seth Gaaikema har ljocht skine oer de taal fan Marten Toonder. Gaaikema komt dêrby ta in wol hiel wûnderlike konklúzje: “De schrijver Toonder brengt de verschrikkingen met zijn taal zo nuchter mogelijk in kaart.” Hy sjocht op dat punt in oerienkomst mei Willem Elsschot: “Beiden gaan uiterst economisch met het taalgebruik om (geen woord te veel).” Kees Fens beweart yn itselde boekje presys it tsjinoerstelde: de taal fan Toonder is retoarysk, “de zinnen zijn lang – het retorische houdt van hoofd- en bijzinnen – en adjectieven zijn talrijk”. Ynstee fan Elsschot leit in oare skriuwer dêrom folle mear foar de hân om mei Toonder te ferlykjen. Argaïsmen (“Knorrig ontsteeg hij aan het voertuig en monsterde het uithangbord”), irony (“De eerste keer dat ik een volkomen normaal persoon onder ogen heb gehad. Reacties, driftgraad, achtergronden; alles heerlijk normaal …”[Drs. Zielknijper nei’t er in robot ûndersocht hat]), wierheden as kij dy’t presintearre wurde as filosofyske oertinkings (“Alles is mogelijk, behalve wanneer het niet mogelijk is”) – by wa kin men foar dizze eigenaardigheden ek skoan terjochte?

“Nochtans werd ik niet moede U te loven.” “Ik ga er van af, het moet, ik zweer het. Gij die was en is en zijn zal, ik houd op met drinken, ik zweer het voor Uw aangezicht. Maar wanneer precies, dat weet ik nog niet.” “Als het droog blijft komt er geen regen.”

De gevorderde lezertjes witte no wol genôch.

Yn de oersetting fan Bremer en Hoekstra klinkt Toonders taal – ik skreau it earder al ris – hast noch moaier as yn it orizjineel: “Noartlich joech er him oerein út it reau en skôge it hingelboerd.” Test josels en betink in aardige Fryske oersetting foar de folgjende wurden en útdrukkings: met geld smijten, geestelijk ingestort, een einde maken aan, uitspatting, vegetatieve labiliteit, waardig, onzin, (sjoernalist) Argus, een storing veroorzaken, een veilig idee, wat een verrassing, narigheid. En sjoch dan wat Bremer en Hoekstra derfan makke ha: der rij yn lâns gean, alhiel fan ‘e roai, it near lizze op, slampamperij, meepske skimmels, mei in slach yn ‘e rêch, koal mei krinten, Jappy Kwattel, yn ûnstjoer bringe, in stikel út ‘e foet, heden hidske, grôt mei krôde.

Boppesteande foarbylden binne út it sinsferbân helle en dêrtroch giet de sjeu der suver wat ôf. It hat no wol wat fan in pitertuerlik rychje út in idioomboekje. Dêrmei doch ik de oersetters ûnrjocht. Om it wer wat goed te meitsjen no noch twa folsleine passaazjes.

“Ik mag er niet aan denken dat die arme Ollie daar nu met al zijn akeligs in dat grote huis ligt. En niemand die hem een beetje vertroetelt.” Dat binne de wurden fan buurvrouw Doddeltje, dy’t har soargen makket oer hear Bommel. Syn Fryske buorfrou Oekje seit it sa: “It griist my oan dat dy stakker Olly dêr no yn dat grutte hûs omgammelt. En net ien dy’t him in bytsje opwoutert.”

Markies De Cantecler mimert yn syn tún oer in gefoelich fers: “‘Zoete bloemaromen,’ prevelde hij. ‘Drijvend op de zomerwind / Gaan eh… gaan het winterweb verscheuren / Waarin mijn ziele zich bevindt…’” Om it rym te behâlden hat it Fryske ekwivalint, fan jonker De Haen Hettema, in lytse bewurking ûndergien: “‘Swiete blommeroken,’ prommele er. ‘Earste maitiidstsjûgenis / sille uu… sill’ it winterreach teskuorre, / dêr’t myn siel’ yn tang’le is …’”

It lêzen fan Toonder syn teksten is in feest; mei de oersetting fan Bremer en Hoekstra derneist wurdt it dûbel feest.

 

Harke Bremer en Jarich Hoekstra, De ferjilder. Los € 9.95. Fergees by oankeap fan in Frysk boek.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels