Demis

Publisearre op 27 januari 2015

KAREN BIES – 

Demis Roussos is dea. Grexit. Dat berjocht hat my hjoed dochs wol efkes tryst makke.

Ik ken him fan Toppop, dêr mocht ik as lyts famke alle wiken nei sjen. Al begreep ik doe it systeem fan ôftelle nei nûmer 1 noch net hielendal – ik tocht dat nûmer 30 de heechst notearde plaat wie – it wie it aldermoaiste programma. Fiif jier âld stie ik te dûnsjen by Toppop, bygelyks op ‘Tigerfeet’ fan Mud. En as de artysten sels net nei de Toppopstudio komme koene foar in optreden (fideoklips wiene der ommers noch net), gjin probleem, dan kaam dûnseres Penney de Jager op de proppen. En ek dan dûnse ik mei.

 

Wat Demis fierder song wit ik net, mar ik wie sa oandien troch dit drôvige ferhaal dat ik ek gûle moast.

 

Mar dêr wie ynienen Demis Roussos. In man mei lang swart hier en in burd, in kwelde blik, syn mûle dy’t in bytsje hong. Hy hold syn earms omheech yn in goudbrokaten gewaad. Tusken syn boarsthier lei in Gryksk amulet. Hy song mei heaze stim: ‘Auf wiedersehn, auf wiedersehn’. Yn byld kaam in fleantúch yn ‘e loft, in eilân, de blauwe see en in lân mei blommen. ‘Bleib nicht so lange fort’, song Demis.

Ik frege ús heit wêr’t it ferske oer gong. Hy fertelde dat Demis syn famke fuortflein wie mei it fleantúch en dat se Demis yn de steek litten hie. No moast Demis sa gûle, want hy miste har sa ferskriklik en se kaam miskien wol noait wer werom.

Wat Demis fierder song wit ik net, mar ik wie sa oandien troch dit drôvige ferhaal dat ik ek gûle moast. Wat ús heit fansels prachtich fûn. En dêr waard ik wer sa lilk om dat ik fan de bank ôfsprong, de televysje útdrukte en nei boppen fleach. Op de gehoarige houten trep hearde ik ús heit en mem laitsjen. Se rôpen my noch wol, mar ik kaam dy jûns net wer út de bedstee.

It hat Toppop foar in skoftke bedoarn. ‘Auf Wiedersehn’ waard in hit en alle kearen as de earste toanen klonken skeat ik oerein fan de bank, om yn triennen de televysje út te dwaan en mei de doarren te slaan. Ik moast skrieme om Demis en syn famke, mar ik fleach fuort omdat ik foar myn skamte oars gjin útwei hie. De stim fan Demis brocht it djipste fertriet yn my.

Dat hat noch efkes duorre. ‘Forever and ever’ koe ik altyd wol ferdrage, mar ‘Auf Wiedersehn’ hiel lang net.

Mar yn 1976 waard ik fereale op de seerôver Sandokan. Hy kaam ek alle wiken op de telefysje. Hy hie lang swart hier en in burd. It moaiste wiene syn eagen, as fan in kat. ‘Sandokan, de Maleisische tijger’.

Doe wie ik oer Demis hinne.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]