Deagewoan

Publisearre op 17 december 2013

Achte Giel, Coen en Paul,

It is wer de moanne fan de golle goederjouskens. En dy waard prachtich ôftrape mei it oanwizen fan de paus as Persoan fan it Jier op de wrâld. Ditkear net troch syn eigen ghostwriter, mar troch de ierdske skriuwers fan Time.

Terjochte, liket my sa ta. Ha jim de Kruispunt-reportage sjoen oer ’s mans earste jier yn it Vaticaan? Wat in karakter! De moed hawwe om dwers troch alle ieuwenâlde diggelguod hinne te stappen en de minsken foár te gean; net yn de lear, mar yn de praktýk fan de langmoedigens.

Nee, dan wy, Barmhertige Europeanen. Earlik wier: yn de fiif minuten foardat ik my ta skriuwen fan dit stikje sette, hearde ik op de radio earst in commercial wêryn’t wy oproppen wurde om massaal te pinnen, want ás (en allinnich dán!) wy foar de kryst de 1 miljard pinbetellingen helje, sil der in skip fol mei iten foar skoalbern nei Afrika ôfsette! Aarghhh!! Kwalik hie’k de reek fuortblaasd dy’t my út de earen kaam of op it nijs fertelde minister Timmermans dat wy der bêst grutsk op wêze meie dat wy fan’t jier blindersensekernochoanta wol fyftich Syriërs opfongen hawwe yn ús lytse lantsje. De paus is noch net klear mei ús.

Gelokkich ha we jim. Us eigen radiopausen. Ik brek my sa stadichoan de bonken oer bern, muzikanten en winkellju dy’t sa massaal om jild skoaie dat ik my meastentiids gedrage moat as in Regular Samaritan, oars is myn trettjinde moanne op ear’t de tolfde healweis is. It liket wol oft dy miljoenen hjir allinnich yn Fryslân garre wurde moatte. No haw ik noch noait serieus ryk west, mar ‘wy Friezen stean der no ienkear om bekend dat wy wat mear jouwe as oaren’, hearde ik hjoed ek in man bloedserieus op de radio sizzen.

Ach jawis, hoe koe’k it ferjitte! Wy binne ommers krekt wat bysûnderder as de oaren. Dat sille jim yn jim glêzen hûs de kommende dagen ek wol fernimme. Dat wy dat fine.
Jim krije se grif foar de mikrofoan: fan dy lju dy’t jim graach útlizze wolle dat wy Friezen gjin grutte bekken mar in goed hert hawwe, dat ús taaltsje, ús kij, ús doarpkes, De Tocht, ús ta in o sa spesjaal folkje meitsje. Krekt wat bysûnderder as oaren. Dat fine wy. En dat fertelle we mar eefkes omdat oaren dat net rjocht yn de gaten hawwe. Komt omdat wy sa beskieden binne en in bytsje isolearre wenje. Sjoch.

It is in posysje dy’t ús goed leit. In ferlechje, om ús eigen feilen wat te kamouflearjen. Mar dy posysje komt sa stadichoan yn de knipe. No’t Ljouwert ynkoarten mei nije rûnwegen goed te beriden is, it Saailân ‘beste openbare ruimte’ fan it jier is, de stêd aansen earst ‘hoofdstad van de smaak’ en dêrnei sels ‘culturele hoofdstad’ wurdt, wurdt it hieltyd lestiger om ûnder dat Calimero-aaidopke sitten te bliuwen.

En dan komme jím ek noch. Earder al ha jim Enschede ûntsletten, en Grins. Dus no hearre wy der aansen echt by. Dan binne alle smoezen op. Da’s bale. Dan binne wy gewoan in stêd. Dêr’t jo in mem mei seis bern omswalkje litte kinne. In echte stêd, dus. Neat bysûnders.

Wat soe it moai wêze as jim ús fannewike ek sa deagewoan behannelje. As in deagewoane stêd mei in deagewoan folkje. Krekt as oeral. Niks gjin geëamel oer taaltsje, kultuerke, karakterke. Ha dêr asjeblyft straal de gek mei! Laitsje ús keihurd út, rjocht yn ús gesicht, as wy wer yn ús refleksen ferfalle en ús eigenheid besjonge wolle! Betink de grofste grappen om ús te plak te setten! Wâdzje dwers troch ús ieuwenâlde Fryske diggelguod hinne en gean ús foár! Meitsje der in prachtich feest fan, in lanlik feest dêr’t Ljouwert in deagewoane goeie gasthear fan is.

En kinne jim der dan ek foar soargje dat de opbringst ditkear gjin records brekt? Dat wy ûnder it bedrach fan foarich jier bliuwe, yn elts gefal yn it iepenbier. De mearopbringst stoarte jim dêrnei mar gewoan offscreen by. Sadat wy ús no ris net op it boarst slaan kinne om ús romhertigens. Dat sil ús ôfleare.

Want dat is wat wy nedich hawwe. In kear deagewoan wêze. En dêrútwei sjen litte wat we kinne. Sûnder dat ivige ferlechje fan ‘we binne sa bysûnder mar gjinien sjocht it’. Foar ús is dat hiele Serious Request uteinlik neat oars as ús eigen ûntwikkelingshelp. In wichtige stap yn ús emansipaasjeproses.

As jim dêryn slagje, binne jim yn ús provinsje alle trije Persoan fan it Jier.
Bart Kingma

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]