Dada yn Drachten: De wite lekkens van frou Rinsema

WILLEM WINTERS –

Frou Rinsema krige it smoar yn doe’t hy ’t har wer flikte. Dy tas mei fan de strjitte opsochte rommel op har wite lekkens omkeare. Hy soe der in moai keunstwurk fan meitsje, sei er. “Gatferdamme”, monkele hja dan, hûneloarten en hynstefigen, dêr hie it tusken lein, it stonk in oere yn ‘e wyn. Dada, as sy de púnheap beseach! Dada, dat wie dach mei it handsje tink. “Doch ik sa myn bêst om dy manlju wite lekkens te jaan.”

“Ach minske, jo beurt komt noch”, sei Evert. “Oer in pear jier slacht zero foar master op. Dan ferkeapet Manzoni syn stront foar grou jild en knipt Schoonhoven karton yn repen en fjouwerkantsjes. Geite- en skiepekeutels, jilde dan goudjild. Oaren meitsje skilderijen sa wyt dat jo lekkens der antrasytkleurich by ôfstekke.”

“No, as, hm …”, grommelde frou Rinsema. ’t Wie dat de bruorren Rinzema sa mei dy man fuort rûnen en dat se ris wat ‘keunstwurkjes’ ferkochten. Wat de minsken der yn seagen, wist se net. Tekeningen mei revolvers! Byinoar plakte suertsjepapierkes! Stjonkende binde!

En dan dy stuoltsjes dêr’t se no op sitte moasten: je krigen al pine yn ‘e rêch at je der alline mar nei seagen. Healwize fjouwerkantige dingen. En dan dy kleuren! Trienen yn ‘e eagen! Oandacht foar de skuon wie der net op sokke dagen. Hja sieten mei syn trijen rare ferskes te sjongen: 1, 2, 3, 4, 5 /5, 4, 3, 2, 1 / 1, 6 ensafuorthinne en dan dat stik dêr’t Thijs al hiel fan út syn dak gie:

 

Wij w8888888

Wij w8888888

     W88888888

Wij tr88888888

wij tr88888888

Te blijven w88888888!!!

Stelt men ons opnieuw teleur

Dan hebben wij nog een 8erdeur

Wij w88888888

     W88888888

Tot?

 

“Wolle jim noch kofje?” Se soe har fan har goede kant sjen litte.

Pypjende remmen, dêr stoppe in rattelbak fan in lilk ein. It wie Mercuur, dy kaam om in pear ‘dinkjes’ foar syn kolleksje. Der waard fûstke en op ‘e rêch kloppe. Schwitters, de lange man frege 20DM foar in kollaazje. “Dan wol ik wol fjouwer ha en ien fergees der op ta.”

“Gut, gut…”

“Iek haw noch in moi doosken fwar dy”, sei de lange man. Se wiene it iens, it doaske wie in juwiel! Dat makke de lange man sa bliid dat hy begoan te sjongen:

“En as hja yn de pûde seach …” Evert en Thijs foelen yn: “… da waren rote Kirschen drin!”

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.