De talen fan Tryater

ELSKE SCHOTANUS – 

Fan de fiif ôfleveringen fan de Tryaterfoarstelling 1000&1 Nacht ha ik de twadde, It ferhaal fan de bultige dwerch woansdei, mist. Om’t dy noch twa kear spile wurde sil, falt dy noch yn te heljen: it foardiel fan de opset wêrby’t kaarten foar losse ôfleveringen oanskaft wurde kinne. By de earste ôflevering wiene de spilers al yn byld foardat it begûn en murk ien fan har op dat immen oars klonk as waard der sjips iten. Nei ôfrin foel in entûsjast ‘der wiene 300 views!’ te hearren. It soe kinne dat in foarstelling op it âld-jiskelân fan Ljouwert alle jûnen ‘folle bak’ west hie, fiif jûnen de ferhalen fan Sheherezade ‘online’ ha lykwols in tal moaie simmerjûnen bûtendoar as konkurrint, dat, oft der alle jûnen safolle taskôgers binne?

 

Mei 1000&1 Nacht nimt Ira Judskovskaja, as artistyk lieder en regisseur, op weardige wize ôfskied fan Tryater.

 

Mocht it dêrom mooglik west ha om mei help fan Zoom de, as in soartemint fan ‘fideokonferinsje’ spile foarstellingen op te nimmen, dan soe it net gek wêze as dy letter, by ’t winter, en ‘op eigen tiid’, noch in kear te sjen wêze soene. Foar guon foar it earst, en foar wa’t ál achter it skerm siet in gelegenheid om méár noch te ûntdekken as yn ien kear.

De keapman en de slaaf, skreaun troch Raymond Muller, wie hiel oars fan sfear as It ferhaal fan de sjouwer en de knappe frou fan Eelco Venema. In jier neidat de keapman (Marjolein Ley) de slaaf (Tijs Huys) kocht hie, wol hy him syn frijheid werom jaan. Mar wat is frijheid? Ek as slaaf kin dyn geast frij wêze. En is de keapman, as it derop oan komt, net sels de slaaf: slaaf fan syn eigen eangsten? Folle mear as de ôflevering fan Venema in dei earder – eksoatysk, eroatysk, humoristysk en mei prachtige fynsten – is it in ‘tekststik’: filosofysk en mei emoasje spile. ‘Je hoege de stêd net út om in wrâldboarger te wêzen.’

Geandewei leist in ferbining tusken ‘bliuw thús’ om fersprieding fan it coronafirus tsjin te gean en it ferhaal fan de keapman. It wie dan ek de muoite wurdich om ek it neipetear by te wenjen. Fia Zoom biedt Tryater nammentlik alle jûnen ek in neipetear tusken spilers en publyk oan. Dêrfoar krijt it publyk, tagelyk mei in link nei de foarstelling, in link nei Zoom oanbean. (Om tagong te krijen, moat it programmaatsje Zoom delladen wurde.) Nei It ferhaal fan de keapman en de slaaf ha in lytse fyftich minsken, ynbegrepen regisseur, foarmjouwer, muzykant en spilers, it petear bywenne. Raymond Muller fertelde dat, doe’t hy begûn te skriuwen, it firus Nederlân noch net berikt hie, en hy him ôffrege hie: ‘Wat doet dat dan?’ Ek nijsgjirrich wie hoe’t de spilers oansjogge tsjin it brûken fan ferskillende talen. Dat Marjolein Ley, dy’t as keapman it Liwwadders, dêr’t sy mei grutbrocht is, praat en it as thûskommen fielt. Tijs Huys dy’t opmerkt dat it brûken fan ferskillende talen it Frysk tagonklik makket …

De fiifde en lêste ôflevering, dy fan sneontejûn, bestiet út twa ferhalen. It ferhaal fan Sinbad de Seerôver – skreaun troch komponist Peter Sijbenga – wurdt ferteld as in saga, in liet yn njoggen rymjende kûpletten ûnder de muzikale begelieding fan Beppe Costa. Oars as út de oankundiging te begripen foel, slute de ôflevering hjirmei ôf, en net mei Thúskomme. Thúskomme wurdt op bysûndere wize foarsjoen fan swartwite knipsels as animaasje troch Elze van den Akker. It is it ferhaal fan in âlde frou, dy’t, neidat sy rûnom yn de wrâld op aventoer west hat, har lân, dat mei mear as ien of twa talen mist en werom komt om ta de ûntdekking te kommen dat har âlde taal krebintich wurden is. Nei har ferstjerren is der nimmen dy’t oer har fertelle kin: “De wrâld en syn âlde taal gean mei har ûnder de seadden.” Romke Toering, as skriuwer fan Thúskomme, referearret yn de tekst mear as ien kear oan it ferdwinen fan dizze ‘âlde taal’. In observaasje dy’t implisyt ferwiist nei it hieltyd minder brûken fan it Frysk.

Mei 1000&1 Nacht nimt Ira Judskovskaja, as artistyk lieder en regisseur, op weardige wize ôfskied fan Tryater. Weardich troch de útdaging en it eksperimint oan te gean om, mei help fan technyske middelen, op skerm en yn ôflevering in boeiende ‘foarstelling’ del te setten as alternatyf foar wat bûtendoar plakfine moatten hie. Hoe mear ôfleveringen ast sjochst, hoe mear wurdearring foar it ferskaat oan sfearen, fynsten, ferhalen …

Mei De IJsvorstin, Wereldburgers van de Voorstreek, Doarp Europa – en neam mar op – mar ek mei teaterstikken foar bern en jongeren – Rûntsje hûntsje, Karavana – bestrykt Tryater in ryk palet. En net te ferjitten de stipe, dy’t Tryater jout oan jonge makkers as HOMSK, Skoft&Skiep en Illustere Figuren, selskippen dy’t eigensinnige produksjes bringe. Dat alles is de fertsjinst fan alle meiwurkers, dat alles is de fertsjinst fan Ira. Applaus.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.