• 17 juni 2016

    ELSKE SCHOTANUS -  It is in toplokaasje foar it iepenloftspul yn Wergea, de fertutearze wettersuvering fan wat earder in suvelfabryk fan de Frico wie. It betonkompleks, oergroeid mei rusken en beamkeguod dat him yn elk gatsje, elke kier ôfset hat, foarmet in yntrigearjende achtergrûn foar it stik. Der hinget de rook fan flearblossem, der groeie ferwyldere roazen. It stik, nei de film O Brother, Where [...]