De skipsjonges fan Bontekoe no ek oer de Fryske marren

JELLE BANGMA –  

Regaad is in eigensinnige útjouwerij en bout oan in allyksa eigensinnich fûns. Op freedneimiddei 25 maart wie de presintaasje fan De skipsjonges fan Bontekoe. Roergonger Anne Tjerk Popkema fan Regaad soarge sels foar de oersetting en oerlange it earste eksimplaar oan skipper Bontekoe.

Wy binne oan board fan it teaterskip de Bald’r en farre sabeare de Pikmar op, om ús oer te jaan oan weachjes fan poëzij fan Arjen Hut en kabbeljende sêftesankjes fan Ljoubjr. De 3-mans akoestyske besetting soarget foar wei-dreammominten. De dichter en de muzikanten glide moai yninoar oer en nimme ús mei troch de skepping en de leafde, oer de Burgumermar en nei lyts Laaksum. Oant skipper Bontekoe wreed de sfear fersteurt, sels it wurd nimt en ferhellet fan syn rampreis nei Ynje. Ferteller Aant-Jelle Soepboer is him ta de bek útstapt – it read burd is net iens opplakt – en de klaaiïng docht der sines ta. It is dúdlik: ‘It libben fan in man giet net sûnder stoarmen foarby’. Dat binne de bekende wurden fan Johan Fabricius, de skriuwer fan it ferneamde jeugdboek. Syn boek is yntusken al mear as 250.000 kear ferkocht, ferfilme, yn stripfoarm útbrocht en oerset yn acht oare talen. No dus ek yn ’t Frysk.

 

Wijtsma tekent de kop fan Padde – ien fan de skipsjonges – yn myn eksimplaar en Anne Tjerk Popkema skriuwt der by: ‘Alles foar ús moaie taal en de takomst’.

 

Utjouwerij Regaad waard yn 2013 oprjochte en is in inisjatyf fan de Fryske Grinzers Peter Boersma, Bert-René Luimstra en Anne Tjerk Popkema. ‘Der is no ek in ponghâlder oanlutsen’, seit Popkema, ‘ien dy’t sicht hâldt op ‘e bontsjes en omraak telle kin.’

Regaad leaut der yn dat sa’n oersetting der wêze moat yn ús taal, benammen om de âldere jeugd wer ta it lêzen te bringen. Mei dat doel is de stifting oprjochte, want: ‘Aldere bern lêze net gau oanspronklik Frysk wurk. Ommers, se hearre leeftydsgenoaten der net oer. En dosinten, âlden of pakes en beppes – faak de lju dy’t de boeken oanbiede – kenne it oarspronklik Fryske wurk sels faak ek net goed. In ynternasjonaal bekend jeugdboek dat yn it Frysk oanbean wurdt, ferleget de drompel om ris te besykjen in Frysk boek te lêzen. De kwaliteit fan de ynhâld is ommers gjin punt fan diskusje.’ Nei Tolkien’s De Hobbit (2009) en de Mearkes fan Grimm (2012) is dit de tredde oersetting fan Anne Tjerk Popkema, dy’t oankundige dat Erik en it lyts ynsekteboek op kommendewei is, diskear in oersetting fan Geart Tigchelaar.

Yn it boek, oan board fan de Nieuw Hoorn, giet it der gauris rûch omwei, mar de útjouwer is dêr net yn mei gien. It boek is yn in linnen bân stutsen en mei in hurd kaft útfierd. Wat it spesjaal makket is dat Regaad in eigen yllustrator ynhierd hat en Roelof Wijtsma lit sjen dat er in sfearfolle en betûfte yllustrator is.

Oars net as lof foar de fjouwermansformaasje fan Regaad, dy’t der sels yn leaut, dat sjen lit en útdraacht. Wy drinke in oarlam, in nij Frysk bierke, en wy keapje in boek. Wijtsma tekent de kop fan Padde – ien fan de skipsjonges – yn myn eksimplaar en Anne Tjerk Popkema skriuwt der by: ‘Alles foar ús moaie taal en de takomst’. Ik haw de wurkwike wolris minder ôfsletten!

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.