Mei horror it Frysk lêzen befoarderje

Publisearre op 25 maart 2014

WENDY KENNEDY – 

“Der wurdt ien wekker yn it folsleine tsjuster en der is wat mei in skacht en in slinger dat hiel eng is. Mear sis ik net want dan ferklap ik it hiele ferhaal”, fertelt Bert-René Luimstra oer it earste boek dat de nije útjouwerij fan Fryske boeken, Regaad, útjout. Luimstra is ien fan’e trije oprjochters, neist Peter Boersma en Anne Tjerk Popkema. It earste boek hjit De skacht en de slinger, in oersetting fan The pit and the Pendulum fan horroskriuwer Edgard Allan Poe. De Fryske oersetting is makke troch Anne Tjerk Popkema, dy’t yn 2012 de Fryske provinsjale oersetpriis krige foar syn oersetting fan Tolkiens’ The Hobbit.

Jongerein en Frysk lêze
De útjouwerij hat as doel it Frysk lêzen te befoarderjen, foaral by jongerein fan middelbere skoalleeftyd. In drege put, jout Luimstra ta. “Dêrom hawwe wy keazen foar oersettings. Foar in soad Friezen hat it lêzen yn it Frysk in grutte drompel. In ekstra drompel is de ûnbekendheid fan in skriuwer. Troch oersettings fan bekend wurk en bekende skriuwers út te jaan, hoopje we dat minsken makliker in Frysk boek keapje en lêze sille.”

De nije útjouwerij rjochtet him dus foaral op in jong lêzerspublyk. “Der binne in soad Fryske boeken foar lytse bern en foar âlderen. Hjir tuskenyn is in grut gat. Wy tinke dat it wurk van Edgar Allan Poe jongerein oansprekt. We hawwe gjin merkûndersyk dien, mar gean op ús eigen smaak ôf. Poe is in skriuwer dy’t ús op de middelbere skoalle bot oanspruts, no noch trouwens. Syn ferhalen binne ek foar folwoeksenen hiel leuk om te lêzen.”

Fryske Horrortoer
It boek wurdt no freed 28 maart presintearre by studinteferiening Bernlef yn Grins. Dit is ek it begjin fan de Fryske Horrortour. “We geane yn in buske op toer om it boek yn ferskate Fryske sealtjes te promoaten. Eins krekt sa as bandsjes dy’t in nije cd oan de man bringe wolle.” De Fryske Horrortoer docht fjouwer plakken yn Fryslân oan: op 5 april Easterwierrum, op 18 april Bitgum, op 25 april Dokkum en op 17 maaie Burgum.

“Fansels wolle we dan ús boek promoate, mar we fine it ek wichtich safolle mooglik oare minsken by de Fryske Horrortoer te belûken. Fjouwer skriuwers en ferhalefertellers – Douwe Kootstra, Willem Schoorstra, Henk Wolf en Geart Tigchelaar – sille op dizze jûnen in horrorferhaal fertelle of foardrage. Boppedat jout Willem Schoorstra in beskôging fan it horrorgenre. Henk Wolf – oersetter fan horrorferhalen nei it Frysk – sil wat fertelle oer hoe’t je by in oersetting de spannende sfear fan it oarspronklike boek fêst hâlde kinne. Ek giet der in band mei: Ljoubjr.”

Twadde oersetting
Op it stuit wurdt der ek al wurke oan in twadde oersetting: De scheepsjongens van Bontekoe. “It is de bedoeling dat de oersetting yn novimber útkomt. Bysûnder by dizze oersetting is dat der tolve nije kleure-yllustraasjes by makke wurde troch de Grinzer striptekener en yllustrator Roelof Wijtsma. Ek dit boek sille we op in ludike wize promoate, mar hjir sis ik noch neat oer, dat is noch in ferrassing.”

 

 

Wolle jo de oersetting keapje of nei de Fryske Horrortoer? Sjoch dan foar mear ynformaasje op www.regaad.nl.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels