De Obe

Publisearre op 4 januari 2017

GEART TIGCHELAAR – 

It wie my in grutte eare dat de sjuery Erik of it lyts ynsekteboek (útjûn by Regaad mei yllustraasjes fan Nina Peckelsen) de saneamde Obe Postmapriis oan my útrikke woe op 4 novimber. Dat is de priis yn Fryslân foar de bêste oersetting. De ivige rom, dêr docht men it fansels foar as men jin dwaande hâldt mei de Fryske literatuer en in dofke jild is dêrby moai meinommen. Sûnder gekheid, in stikje erkenning is hartstikkene moai en de oarkonde hat in moai plakje yn myn antykreaklokaal krigen.

Mar dy erkenning is in nuveraardich ferskynsel dêr’t ik hjirby graach noch in wurdmannich oan wije wol. Lykas mei in soad oare dingen is it sa dat men fan te foarren net betinke kin hoe’t it is. Ik haw genôch maten dy’t al yn ’e bern sitte en se sizze allegearre itselde. Pas as it safier is, realisearret men hokfoar útwurking oft it hat. No giet dy ferliking faaks wat skeef, mar ik haw dan ek in priis krigen mei in oersetting, net mei it sels betinken fan fernimstige literêre metafoaren. Sa krigest it, lykas mei bern, it in stik drokker: ik krij opfallend mear oersetopdrachten taskood. Boppedat krigest ek ûnferwachte nije putsjes, dêr’t dizze kollum foar de Moanne in bewiis fan is.

Blykber is sa’n priistakenning in soarte fan keurmerk sa’t dy ek op produkten yn in supermerk steane. It is eins oars net as in stikje kommersje, fansels. Ik bedoel dêrmei te sizzen dat ik net ynienen better oerset as nei de fjirde fan novimber. Mar jildt dat ek net foar oare artistike profesjes? Skilders dy’t namme krigen hawwe kinne harren wurk ynienen folle better ferkeapje. Fotografen dy’t bekend binne wurde oaral foar frege ensafuorthinne. Mar dat it dus ek sa mei skriuwers wurket, hie ik yn it foar net betinke kinnen. In grut foardiel oan sa’n priis is dan ek nochris dat it gjin fretten hoecht en gjin rabbelemint op ’e tiid.

 

Earder publiseard yn de Moanne, 15 (2016), 6 (desimber), s. 4

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]