de Moanne nûmer 1

Hy is binnen! It earste nûmer fan dit jier. Fan no freed ôf oan by al ús abonnees op ’e matte. Benijd nei de ynhâld? Klik hjir. Abonnee wurde, of ris in proefabonnemint op de Moanne probearje? Klik hjir foar it oersjoch fan de mooglikheden.

In abonnemint op de Moanne kostet €40,00 jiers (bûtenlân €50,00). Abonneminten rinne lykop mei it kalinderjier en kinne opsein wurde foar 1 jannewaris. Nimme jo in jierabonnemint geandewei it jier, betelje jo nei rato. In proefabonnemint foar twa nûmers kostet €10,00. In los eksimplaar fan de Moanne kostet €6,50.

Sykje jo in aardich presintsje? Tink dan ris oan in kado-proefabonnemint op de Moanne. Foar €10,00 stjoere wy de twa earstfolgjende nûmers fan de Moanne nei de persoan oan wa’t jo dy kado jaan wolle. Jo krije dan wer in presintsje fan ús. Klik hjir foar de spesjale oanbieding.

Binne jo stiper fan de Afûk, Tresoar of de Fryske Akademy? Nim dan in abonnemint tjsin in redusearre taryf. Om fan dizze regeling gebrûk te meitsjen, nimme jo kontakt op mei ien fan krektneamde ynstellings. Hawwe jo oars noch fragen oer in abonnemint op de Moanne, mail dan nei: abonnemint@demoanne.nl.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.