Band of Brothers

MARRE SLOOTS – 

Tsja, as je oan in Twadde Wrâldoarloch-freak as ik freegje om in stikje te skriuwen oer myn favorite boek, dan hoech ik dêr net sa lang oer nei te tinken. Hoewol’t de Twadde Wrâldoarloch it tema is fan de grutte mearderheid fan de boeken yn myn boekekast, springt dizze der echt út. Fanwege it oantal kear dat ik it lêzen ha, mar ek fanwege yndruk dy’t it alle kearen wer makket: ‘Band of Brothers’ fan Stephen E. Ambrose. Ik moat sizze, dit wie wol in gefaltsje: earst de searje sjoen, dêrnei pas it boek lêzen. Meastal sizze se dat it oarsom moat. Dat de searje of film faak minder goed is as it boek. Dat is yn dit gefal dreech te sizzen.

 

Ik doar wol te sizzen dat dit boek ien fan de earste dingen is dy’t mei nei bûten gean as der brân útbrekt by ús thús.

 

Sa’t ik de siden fan dit boek letterlik stikken lêzen ha, ha ik ek letterlik de krassen yn de DVD-boks sjoen. Oan’t ferfelens ta. Ik hear fan myn oarehelte faak dat der neat oan is om mei my ‘Band of Brothers’ te sjen omdat ik alle teksten út myn holle kin. Hat hy even pech, de searje is no wer te sjen op RTL 7. No ja, oke, ik kin my ergens ek wol foarstelle dat it op in gegeven momint wol ferfelend wurdt as je mei je freondin troch in drokke winkelstrjitte rinne en se dan ropt: ‘Second platoon, fall out! We have to keep moving!’ Of dy’t as antwurd op in foar de hân lizzende opmerking jout: ‘Does a wild bear crap in the woods, son?’

Mar yn elts gefal, ik tink dat it wol dúdlik is dat dit boek yndruk op my makke hat. Foar dyjingen dy’t der net sa goed yn sitte: Band of Brothers (útkaam yn 1993) is it wier barde ferhaal oer de Easy Company, in groep Amearikaanske paratroepers dy’t de hiele befrijing fan West-Europa meimakke hat, fan D-day oan’t it ynnimmen fan Hitlers ‘Adelaarsnest’ yn Berchtesgaden. Ambrose ynterviewde begjin jierren ’90 in grut part fan de noch libjende feteranen en brûkte dit as basis foar syn ferhaal. De searje, yn 2001 makke troch Steven Spielberg en Tom Hanks, is nei myn miening noch altyd de beste ferfilming fan de Twadde Wrâldoarloch dy’t ea makke is. Sa realistysk, sa yndrukwekkend. De searje bliuwt hiel ticht by it ferhaal yn it boek en dus ek by de histoaryske werklikheid. De reade tried fan it boek: de bân tusken soldaten oan it front, dy’t folle fierder giet as dy tusken freonen of famylje. Sa as Shakespeare it sei: ‘He who sheds his blood with me shall be my brother.’

Der is noch in reden dat dit eksimplaar foar my spesjaal is. Yn 2014 mocht ik by de 70-jierrige betinking fan D-day yn Normandië wêze. Ik ha my doe 3 dagen lang as in bern yn in winkel fol snobbersguod gedroegen, tusken al it histoaryske militêre materieel, mannen yn unifoarmen en fansels de yndrukwekkende ferhalen fan feteranen. Ik mocht der in moai ferslach oer skriuwe foar de Moanne. Mar ien fan de hichtepunten wie wol it moetsjen fan in part fan de cast fan Band of Brothers. Of no ja, moetsje? Ik mocht trije kertier yn de rij stean en 20 euro betelje om in hântekening te bemachtigjen. Doe’t ik eindelik oan bar wie mochten der gjin foto’s makke wurde, mar dat makke my net safolle. Koe ik moai even in praatsje meitsje mei de mannen. Ross ‘Liebgott’ McCall fertelde dat er grut fuotbalfan wie (fan Celtic), Robin ‘Babe’ Laing wie wolris yn Nederlân west en wist wêr’t Fryslân lei! En ik ha even flaaike by Ben ‘Smokey’ Caplan dat ik him ek sa goed fûn yn de searje ‘Call the Midwife’. In ûnferjitlike dei.

Dus ik doar wol te sizzen dat dit boek ien fan de earste dingen is dy’t mei nei bûten gean as der brân útbrekt by ús thús. Oke, nei myn freon dan. Mar as dy yn feilichheid is dan flean ik dochs echt werom om dit boek.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.