De krêft fan in Frysk tsjerkeliet

NYNKE VAN DER ZEE – 

Stifting Krúspunt siket in nij orizjineel Frysk peaskeliet. Dit nije tsjerkeliet is bedoeld foar de hiele mienskip, mar hoecht net perfoarst in gemeenteliet te wêzen. In sololiet, of liet foar in gospelgroep of koar is ek tastien. Mei de priisfraach wol Krúspunt fan ûnderen op stimulearje dat de minsken sels mei moaie tsjerkelieten komme. “Sa ûntstiet der in skat oan nije Fryske lieten.”

It nije Frysk peaskeliet is de tredde telch yn in noch lytse famylje. It bestjoer fan Krúspunt skreau nammentlik al twa kear earder in soartgelike priisfraach út. Yn 2013 wûn Margryt Poortstra de earste oprop foar in nij orizjineel-Frysk pinksterliet en yn 2014 waard de Fryske oersetting fan Jacobus Knol keazen as winner fan it nije krystliet. Beide winners krigen de Bernard Smilde priis, ferneamd nei de yn augustus 2014 ferstoarne komponist Bernard Smilde. Smilde wie oersetter, tekstdichter en skriuwer fan it Fryske tsjerkeliet yn twadde helte fan de tweintichste ieu. De priis bestiet út in jildbedrach fan 250 euro en it winnende liet of fers wurdt boppedat troch in komponist op muzyk setten.

Tichter by it gefoel
“Wy binne fan betinken dat der yn Fryslân te min eigentalige tsjerkelieten yn gebrûk binne”, leit Piet Miedema fan Stifting Krúspunt it inisjatyf foar de priisfraach foar nije Fryske lieten út. “Der is in protte materiaal yn bondels beskikber, mar de measte fan dy bondels binne yn breder fermidden ûntstien. It docht bliken dat net alle lieten yn bygelyks it Lieteboek foar de Tsjerken oanslute yn Fryslân, ek net as se yn it Frysk oerset binne. Oersettings binne dochs oars as in liet dat fan oarsprong Frysktalich is. Dat leit no ienris tichter by it gefoel fan de minsken en grypt dêrtroch mear yn, is ús ûnderfining.”

Dêrom wol Krúspunt mei it útskriuwen fan de priisfraach stimulearje dat minsken sels mei moaie lieten komme. En dat der harke wurdt nei de oprop fan Krúspunt docht wol bliken út it tal ynstjoerings dat de stifting de foargeande twa jier krige. “Op ús priisfraach foar it pinksterliet ûntfongen we sa’n sechtjin ynstjoerings. En mei it krystliet lei it tal dielnimmers sels op tweintich. En net allinnich út Fryslân hear”, seit Miedema mei klam. “De lêste kear wie der sels in famke út Yndia by, dat yn Nijmegen studearre en graach meidwaan woe mei in Fryske oersetting fan in orizjineel Yndiaask liet. Is it net prachtich?”

 

In Frysktalich tsjerkeliet leit no ienris tichter by it gefoel fan de minsken en grypt dêrtroch mear yn.

 

De earste Fryske preek
De winner fan it nije Peaskeliet wurdt op 21 maart bekend makke op ’e Krúspuntdei yn Akkrum. Der stiet dizze dei boppedat in oar wichtich punt op de aginda. It is dit jier nammentlik presiis hûndert jier lyn dat dûmny Geert Aeilco Wumkes yn Tsjom foar de alderearste kear yn it Frysk preke. In histoarysk barren dêr’t de stifting rom omtinken oan jaan sil dizze dei. “Wy binne drok op syk nei de tekst fan dizze earste offisjele Fryske preek”, knikt Miedema. “En ek sykje we nei krante-artikels dy’t ferslach dogge fan de reaksjes. ‘De komeedzje is yn tsjerke’, is der neffens de ferhalen roppen fuort nei’t men út tsjerke kaam”, laket Miedema.

Foar wa’t meidwaan wol oan it skriuwen fan in nij Fryske peaskeliet, hat Miedema noch in pear wichtige tips. “Allerearst moat it Frysk goed wêze en moat it liet genôch kwaliteit ha. Yn de sjuery sit dûmny Edna Zwerver fan Skettens, dy’t de ynstjoerings beoardiele sil op ynhâld.” It is lykwols net needsaaklik om ek in melody oan te leverjen. Dy kin der letter ek bymakke wurde troch in komponist. “Mar boppe-al moat de Fryske tekst pakkend wêze, sadat it minsken rekket en fertroud fielt. Want dat is no krekt de krêft fan in moai Frysk tsjerkeliet.”

 

Dielnimmers kinne oant en mei 15 febrewaris harren Fryske peaskeliet stjoere nei: Stifting Krúspunt, t.a.f. Piet Miedema, Berkenburg 7, 8702 BD Boalsert. Of mail jo ynstjoering nei adm@kruspunt.nl.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.