De Fryske fersetsstrider: in koarte karakterskets

Publisearre op 18 april 2013

MARRE SLOOTS – 

It is april en dat betsjut dat op tal fan plakken yn Fryslân wer omtinken jûn wurdt oan de oarloch. Sa barde it ek by de betinking fan de befrijing fan Fryslân, op 15 april 1945. Hja stiene stil by de mânlju en froulju út it ferset dy’t de oarloch net oerlibbe hienen. Mar wa wiene dat eins, dy fersetsstriders?

‘It ferset’ is by de measte minsken benammen bekend fan boeken en films, wêryn’t de iene spektakulêre aksje de oare opfolget. Klaaid yn in lange reinjas en wapene mei in revolver sjit de haadpersoan op Dútsers en pleget er oerfallen. Mar ek de oare kant fan dit aventoerlike bestean wurdt sjen litten, want ier of let falt de held meastentiids yn de hannen fan de fijân en moat er de meast grouwelige martelings trochstean. Syn optreden makket him ta it toanbyld fan de ‘goede vaderlander’.

Dizze úterings yn de populêre kultuer ha foar in grut part ús byld fan ‘de fersetsstrider’ foarme. Mar yn hoefier komt dit byld oerien mei de histoaryske werklikheid? Is de held yn de gemiddelde spylfilm net te bot romantisearre? De persepsje fan de fersetsstrider as ‘opbesproken held’ komt fansels earne wei. It Nederlânske folk wie troch de besetting sa bot traumatisearre, dat der in grut ferlet wie fan helden. Se symbolisearren de opstân tsjin ûnrjocht en lieten sjen dat de moed en ûnbûchsumens fan in yndividu Nederlân frijheid brocht hiene. Se joegen hoop dat de maatskippij dochs goed yninoar siet.

Yn Fryslân hie it ferset in eigen karakter. De topmannen fan it Fryske ferset, bygelyks in Piter Wybenga, of Krijn van den Helm binne net te fergelykjen mei de partisanetypes dy’t wy kenne fan it wite doek. Helden? Ja, dat wol. Mar net mei it pistoal oan ‘e rym. Minsken as Wybenga wiene earder ôfhâldend en dimmen. Skotten waarden allinnich yn it úterste gefal lost. Wybenga, by in soad Friezen bekend fanwege syn trijedielige wurk oer de oarloch, ‘Bezettingstijd in Friesland‘, omskreau syn fersetskollega’s sels as ‘rustige burgers, met een afkeer van geweld en met wapens niet vertrouwd, die vaak min of meer spontaan in het verzet waren gerold.’

Dat se hjir net sa fan it geweld wiene, blykt ek ut it ûntstean fan in unyk fenomeen: it Veemgerjocht. Dizze fersetsrjochtbank bestie ut trije ûndergrûnske rjochters dy’t, elk ûnôfhinklik fan inoar, in fûnis útsprekke moasten oer in kollaborateur: likwideare, net likwideare, of fierder ûndersyk. Hja woene foarkomme, dat it ferset in ’banditebende’ waard. As sa’n likwidaasje dan dochs útfierd wurde moast, wie dat net maklik. Fan Krijn van den Helm wurdt sein dat er noch dagenlang ûnder de yndruk wie as er it befel jûn hie foar in oanslach. En dan hoechde er sels de trekker net iens oer te heljen.

Fanwêr dizze pasifistyske ynslach? It leauwen drukte in grut stimpel op it ferset yn Fryslân. In soad Friezen koene de dieden fan de Dútsers net rymje mei de noarmen en wearden yn de Bibel. Dit leauwen brocht in protte minsken ta ferset: it waard fan ‘boppen’ oplein. Mar it soarge ek foar in dilemma. It wie yn it Nederlân fan de jierren tritich, trou oan it gesach, net samar wat om yn opstân te kommen tsjin hearskjende wetten, ek al wiene dy miskien opsteld troch de besettende macht. Hoe moasten je dêr mei omgean?

It libben tidens de besetting wie fol mei tsjinstridichheden. Der wie spanning tusken it yn stân hâlden fan de foaroarlochse kristlike moraal en de folslein feroare wrâld fan de besetting dy’t dit ûnmooglik makke en weryn’t dôfhûdigens en ferset krekt in deugd wiene. De normale sitewaasje wie abnormaal wurden en de foaroarlochske ferhâldings wiene folslein kwyt yn in maatskippij dy’t troch God ferlitten wie en dêr’t rjochtleazens hearske. Hoe koe fan immen ferwachte wurde dat er altyd rêstich bleau, froed en behearske, wylst it deistich bestean fan in fersetsstrider alles útsein dat wie? Dochs is it dúdlik dat ‘de Fryske Fersetsstrider’ (foar safier’t dy bestiet) net immen wie dy’t graach in pistoal fêsthold, lit stean in mins deasjitte woe. Mar dat er it die, wie fanút in hegere ropping.

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels