De Friezen komen

AN DE WREDE – 

De Friezen komen! Mei dizze slogan strykt Tryater foar de tredde kear yn 6 jier del yn Theater Bellevue yn Amsterdam. Yn de lêste wike fan jannewaris wiene in wike lang reprizes te sjen fan stikken dy’t earder al yn Fryslân spile ha, mar dêr’t mannich teaterleafhawwer de Ofslútdyk net foar oerstutsen is. It konsept docht fertuten: parse, polityk, leafhawwers én Friezen om útens komme graach nei Tryater yn Theater Bellevue, in bysûnder gebou mei in rike skiednis oan de Leidsekade.

Tryater lit, as selskip dat diel útmakket fan de lanlike Basis Infrastructuur (BIS), oer de provinsjegrinzen hinne graach sjen wat it yn hûs hat. Mei Thúsfront (skriuwer Romke Toering), In moaie jûn (skriuwer Ira Judkovskaja) Heimwee nei Hurdegaryp (ûntwikkele troch Tatiana Pratley, Eelco Venema en Lourens van den Akker) én de lunchfoarstelling Rooftop Memories (skriuwer Eelco Venema) is de programmearring yn Bellevue tematysk dizze kear. Want, ynjûn troch it belied fan de ôfrûne jierren binne dizze stikken keazen om’t se spesjaal skreaun en ûntwikkele binne foar Tryater. Mei dit nij skreaune wurk hat it selskip de lêste jierren ûndersocht hoe’t fraachstikken út de eigen omjouwing teatraal omsetten wurde kinne nei in universelere kontekst.

 

It liket oft de regio wer mear wurdearre wurdt tsjintwurdich. Der is in hang nei autentisiteit.

 

Foar dizze wike is it tema nochris oanskerpe: hoe ferhâlde toanielskriuwers harren ta har omjouwing? In fraach dy’t yn de wike mear as ien kear nei foaren kaam. Clairy Polak liedde it neipetear mei skriuwer Romke Toering, regisseur Silvia Andringa en aktrise Nynke Heeg oer it tastân kommen fan Thúsfront. In net foar de hân lizzend proses fanwege it dokumintêre karakter fan it ûnderwerp. Foar Romke Toering in bysûndere wurkûnderfining, om sa ticht op de hûd fan de personaazjes te kommen. Foar Silvia Andringa om fan dizze libbene karakters personaazjes foar it poadium te meitsjen.

Dianne Zuidema befrege Ira Judkovskaja nei ôfin fan In moaie jûn. Yn dit petear kaam nei foaren dat it tafal in grutte rol spylje kin. Ira hat In moaie jûn skreaun, om’t se op ‘e syk wie nei in stik mei in moaie froulju’s-rol foar Nynke Heeg. Om’t se dy net rjocht fine koe, hat se sels in stik skreaun. Foar Grûn hie Ira Bouke Oldenhof op it each, mar om’t Ira harsels yn de rin fan de tiid sa ûnderdompele hie yn it ûnderwerp fan it stik dat se foar eagen hie, wie it Bouke sels dy’t foarsichtich oppere dat sy miskien ek de juste persoan wêze soe om it stik te skriuwen.

Midden yn de wike waard De Schrijversavond organisearre. Mei it tema as útgongspunt sette de jûn útein mei de lêzing fan De Wouden, it stik dat yn ‘e hjerst yn Fryslân spylje sil as De Wierheid fan Wylgeragea. It stik is skreaun troch Kees Roorda, oarspronklik fan Drachten. Hy skreau it stik fanút in fassinaasje foar it minsklik mechanisme dat bleatlein wurd op momint der yn in mienskip wat aakliks bard (of as men tínkt dat der wat aakliks barde kín) en dêr’t elkenien fan oertsjûge is dat de oarsaak net fan binnen út komt, mar just fan bûten. It stik lit sjen dat in groep minsken, in mienskip, in eigen wrâld kreëarje kin: De miening fan de yndividuen yn dy mienskip foarmje meimekoar in eigen sosjale kontekst. Los fan wierheid, fuortkommen út oanstriid ta selsbehâld. Dit gegeven, dit mechanisme, blykt op ‘t heden, mei de komst fan flechtlingen nei Nederlân (Europa), suver noch aktueler as yn de perioade dat it skreaun waard. Mei dit stik besiket Tryater it minsklik mechanisme ôfkear by it yndringen fan frjemde faktoaren yn de eigen omjouwing, te beskôgjen. Gjin stelling ynnimme, mar troch in toanieltekst minsken sjen litte wat der barre kin en hoe’t dat wurket.

Nei de lêzing krige Constant Meijers (foarhinne haadredakteur fan de lanlike fakblêd de Theatermaker en hjoeddedei foarsitter fan de commissie podiumkunsten van de Raad voor Cultuur) de earste eksimplaren fan 5 toanielteksten oanbean troch Ira Judkovskaja. Tryater hat by De Nederlandse Toneel Bibliotheek 5 toanielteksten útjûn: Bestemming (yn it Frysk Brekber) fan Jeroen van den Berg, Thúsfront – 2-talich -fan Romke Toering, De Wouden (yn it Frysk De Wierheid fan Wylgeragea) fan Kees Roorda en In mooie avond en Grûn fan Ira Judkovskaja. De 6de Rooftop Memories fan Eelco Venema waard útjûn by de International Theatre Film & Bookshop.

It tafelpetear op De Schrijversavond waard foarsitten troch Tjeerd Bisschof, sels toanielskriuwer – foar Tryater skreau hy û.o. Drang, Down South en hy wie ien fan de skriuwers fan de 11Stêdetocht. Oan tafel sieten Ira Judkovskaja (Moskou), Kees Roorda (Drachten), Eelco Venema (Koudum), Jan Veldman (Doodstil) en Judith de Rijke (Middelburg). De regio, of better: it gebiet dêr’t de widze stie, foarmet de kleur fan in protte stikken dy’t elk skreaun hat.

Fansels, alles datst makkest hat ferbining mei dysels en dyn ôfkomst makkest wa’st bist. It sit der yn, neffens Judith de Rijke. Foar Jan Veldman binne in tal minsken út syn jeugd ferwurden ta mytyske figuren, in resultaat fan wat it oantinken (de herinnering) docht yn de rin fan de jierren. En yn syn skriuwen makket hy dy figuren ‘bigger than life’. Kees Roorda, dy’t sûnt jierren yn Amsterdam wennet, fynt noch altyd ynspiraasje yn moetingen en petearen mei minsken út de regio dêr’t hy weikomt. De ferhalen dy’t op him ta komme, binne faak de earste oanset ta in nij stik. Bij Eelco Venema foarmet it gefoel dat hy hat oer syn jeugd foar stof ta skriuwen. Meartalichheid is dêr in utering fan. Mar it kin ek oars. Yn it foarste plak is it skriuwen fan toaniel foar Ira Judkovskaja as regisseur yn basis oars; altyd yn de achterholle hoe’t bepaalde sênes wurkje op it toaniel. Mar Ira hat – as in relative bûtensteander – in stik skreaun dêr’t Sinterklaasjûn yn sintraal stiet. In gegeven dat foar Nederlanders dy’t der mei grut wurden binne, sa fanselssprekkend is, dat der gjin Sinterklaas foar komt yn Nederlânstalige stikken fan hjoeddedei. As skriuwer ‘fan bûten’ sjogge je oars tsjin regionale gewoanten en gebrûken oan, blykber.

It gebrûk fan de taal hat foar alle skriuwers – as fansels – in wearde. In skriuwer út Amsterdam sil skriuwe yn in flottere taal as ien út Seelân, dêr’t it libben wat stadiger oan elkenien foarby lûkt en net de hastichheid en de handichheid hat lykas it libben yn de haadstêd. Oan de oare kant: ‘de opdracht’ of ‘it ôfsetgebiet’ spilet ek in rol yn de kar foar de taal. Jan Veldman soe graach skriuwe wolle yn it Grinzers, mar dan sille der net in soad wêze dy’t it lêze sille.

Dochs is de regio (en dêrmei ek de taal dy’t dêr by heart) net fier fuort hjoeddedei. Der is feroaring merkber, just fanwege de globalisearring fan de lêste desennia. It liket oft de regio wer mear wurdearre wurdt tsjintwurdich. Der is in hang nei autentisiteit. Hoewol’t Ira der opmerkt dat it in begryp is dat populêr is en der in gefaar fan marketing omhinne hinget, bliuwt de kearn neffens Kees lykwols wol wierhaftich. Der is ûndúdlikheid oer identiteit en dêrom wurdt der socht nei ús emoasjonele dna. Minsken ha yn diz’ tiid ferlet fan hâldfêst.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.