De bêste Karlsson foar it bêste krystgefoel

Publisearre op 20 december 2019

ELSKE SCHOTANUS – 

Leist by it lêzen fan Karlsson fan it dak, in berneboek fan Astrid Lindgren ferfryske troch Martsje de Jong al geregeld dûbeld, itselde jildt foar de krystfoarstelling fan Tryater. In jonkje Erik fielt him allinne: heit en mem binne net thús en sus Betty hat him, foar in bûssint, tasizze litten dat er net yn de keamer komme sil as har freontsje delkomt. Dan komt Karlsson (Mirjam Stolwijk), in dûbeld mantsje mei in propeller op ’e rêch, Erik Erikson (Lourens van den Akker) syn keammerke ynfleanen. Hy wennet op it dak.

 

Is Karlsson soms in betinksel? Karlsson sels wit it antwurd: ‘Dan bin ik tafallich wol it alderbêste betinksel fan de wrâld.’

 

Karlsson blykt in alderaaklikst eigenwiis mantsje. Soe er in diagnoaze krije, dan is er earsten narsist. Hy hat fan alles mear as wa ek – mear treinen, mear skilderijen – en is boppedat yn alles better as wa ek. Sa is er de alderbêste hoanne-skilder fan de wrâld. It mantsje rint folslein oer it jonkje Erik hinne: fernielt syn elektryske trein, soe siik wêze en easket bememke te wurden, fret alle koekjes op en lit him dêr noch foar betelje ek. Erik fynt it prachtich: in mantsje dat op it dak wennet en fleane kin, dat wol er ek syn âlden, syn bruorke en suske, witte litte. Mar as se op syn keammerke komme, is der gjin Karlsson. Is Karlsson soms in betinksel? Karlsson sels wit it antwurd: ‘Dan bin ik tafallich wol it alderbêste betinksel fan de wrâld.’

Der is in knypeach nei Pippi Langkous, in oare boekheldinne fan Astrid Lindgren en mei snieflokken en ‘Jinglebells’ nei de krystdagen. Sus Betty har ‘suertsjeferkearing’ komt mei in lullich slop krystbeamke foar har oansetten en de beide ynbrekkers Cornelis Grijp (Joop Wittermans) en Anton Graai (Eelco Venema) slepe mei in karre fol stellen guod, in ferljochte rindier der boppe-op. It is lykwols in ‘fleanend tontsje’ dat fan de ynbraken fertocht wurdt en sa komt it dat der in priis op Karlsson syn holle set wurdt. Dy 10.000 euro wolle Grijp en Graai wol fertsjinje.

Kinst dy al ôffreegje oft dizze ferhaalline, dy oer de ynbrekkers, de heit dy’t by de plysje wurket en syn sjef mefrou Fridaan foar bern – de foarstelling is 8+ – wol hielendal te folgjen is. Dat soe it iennige punt fan krityk wêze kinne. De figueren binne lykwols sa absurd en de sênes sa hilarysk dat der ek sûnder alles te begripen in soad te genietsjen falt. Net allinne Karlsson wurdt hearlik karikaturaal delset, itselde jildt foar de oaren en dan benammen foar Hilda Mus, in sekreet fan in frou dy’t op Erik op komt te passen.

Ek technysk en kwa dekôr sit de foarstelling perfekt yn elkoar. Karlsson fleant echt en ien fan de moaiste sênes is dy dêr’t er Erik meinimt de loft yn om nei syn hûs op it dak ta. It hûs mei boppe Eriks keammerke sakket nei ûnder en sa komt it dak mei dêrop Karlssons wente yn it sicht.

Sa’t it heart by in krystfoarstelling is Karlsson fan it dak in feelgoodferhaal. Betty har freontsje, earder troch Karlsson as spûk ferjage, komt werom. De soere Hilda Mus rekket fereale. Se binne allegear de bêste. En de earder wat skrutene, him allinne fielende Erik hat safolle oan selsfertrouwen wûn dat er de bêste Erik fan de wrâld is!

 

 

Tryater yn koproduksje mei De Harmonie, oant en mei 30 desimber yn Ljouwert te sjen.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    SJOERD BOTTEMA -   Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    ERNST BRUINSMA - Yn 1990 ferskynde de roman Possession fan de Britse skriuwster A.S. Byatt. Datselde jier waard it boek bekroand mei de prestigieuze Bookerprize [...]

  • Kategory: Opiny,Teater

    HANS BRANS - Een festival van twaalf dagen om een nieuw artistiek leider welkom te heten - dat is een opmerkelijke, nooit eerder vertoonde openingszet. [...]