De berchrede fan Theunis Piersma

Publisearre op 22 mei 2020

Kommend wykein op Omrop Fryslân​ TV it ferfolch fan in seary Fryslân DOK’s ûnder de titel ‘De Berchrede fan it Flakke Lân’. Tinkers formulearje in perspektyf foar de maatskippij nei de Coronacrisis. Hokker ynsjoggen kinne wy meinimme nei de takomst?

Lês de ‘Berchrede’ fan Theunis Piersma no alfêst op ‘de Moanne’.

 

 

Leave minsken,

Sa lang’t ik biolooch bin, al wer 40 jier, libje ik mei it besef dat ús wrâld ekologysk nei de barrebysjes giet. Ik wie my tige bewust dat, lang om let, ek de minsken út rike lannen dat fiele soene. Ik frege my ôf, wat sil ik der sels noch fan meimeitsje? Ik haw my de ôfrûne 20 jier geregeldwei yn ’t fel knypt en my fernuvere dat it eins sa goed giet, dat wy allegearre sa blier en blynwei trochlibje. Fansels, de ‘wanden’ hongen grôtfol mei ‘tekens’, mar wat gie it de measten fan ús dochs goed, wat koene wy lekker en goedkeap de wrâld oer reizgje om sa, nei in ritsje Schiphol en in dei of wat ‘langparkeren’, geregeldwei te ûntsnappen nei plakken mei mear romte en mear lânskip as thús.

 

Ik haw in foarstel dêr’t we hjoed noch oan begjinne kinne, noch foar’t de krisis fan corona it maatskiplik hichtepunt berikt.

 

No is it dan safier. In krisis as dy fan corona is al withoefaak troch firologen oankundige, mar ynienen komt er ús oer it mad en ynienen liket dat ‘it nei de bliksem gean’ him yn fleanende faasje ûntjout. Soks giet dus net stadich, soks rôlet oer jin hinne! Soks is as de see dy’t nei in dyktrochbraak it doarp ynienen yn it klotsende wetter set.

Ik sit thús, en folgje mei ynhâlden siken it nijs. Ik strún it ynternet ôf op syk nei ferstannich praat. It reint moaie, djippe bespegelingen. Want yn in krisis is neitinke en nij tinken nedich, en it moaie is dat sok frij tinken dan ynienen mei! Miskien wol oanmoedige wurdt. Kin ik dan einliks sizze wat ik op myn hert haw? En soe der no wol lústere wurde?

It komt der eins op del dat ik eltsenien, fan ’e boarger by ús yn ’e strjitte ta de minister yn Den Haag, wat fragen stelle wol. It binne retoaryske fragen, want mei it stellen jou ik eins de antwurden ek. Ik soe jim allegear freegje wolle:

Is it dan gjin probleem dat de lêste tsien jier de waarmste út de skiednis binne, Australië yn ’e fik stiet, it Noardpoaliis noch nea sa beheind west hat, der yn ’e iiskape fan ’e Súdpoal grutte skuorren sitte, en de Sibearyske toendra no hast trije wike earder sniefrij is as yn 1994 doe’t ik dêr in maitiid en simmer meimakke?

Is it dan gjin probleem dat yn ’e tropen de grutte wâlden mei har wielderich bioferskaat en har waar- en wetter-generearjend fermogen plak meitsje foar gers en kij of palmoaljeplantaazjes? Dat fierwei de measte fiskerijen net mear besteane om’t dy ‘dat wat befiske waard’ útrûgen? Dat wy yn ús kontreien sûnt de oarloch krapoan 100% fan ’e hússweltsjes kwytrekke binne om’t de fleanende ynsekten fan dy tiid ek foar krapoan 100% ferdwûn binne?

Is it net nuver dat wy yn ús lân sizze dat wy de wrâld fiede (of sels: fiede moatte), mar oan dy totale fiedselproduksje yn ’t echt mar in pear persint bydrage? Dat de minsken út earme lannen mei in lytse produksjeferheging fan har lânbouopbringst al út ’e brân wêze soene, en dat sokke ferhegings prima mooglik binne mei tûk ekologysk buorkjen? Dat ús dat aanst in bulte boatflechtlingen skeelt om’t we in ein meitsje oan it sosjaal en ekonomysk út ’e foegen skuorren troch ús kapitaal en de eksport nei dy lannen? En wêrom akseptearje we eins dat by ús, yn kriten mei blombollen, in buorkjen mei rynsk gebrûk fan herbi-, fermi- en pestisiden, de minsken mear kâns ha op Parkinson en kanker (en de boeren noch it meast)?

Is it logysk om, sels nei in wiete winter, it skjinne winterwetter fuort te pompen nei see, wylst de kâns op in drûge simmer yntusken sa grut is? Is it logysk om gewoan mar troch te gean mei in lânbou dy’t gjin romte jout oan oar libben as ophokke kij, hinnen en bargen, Ingelsk raaigers en mais, wylst it tal boeren dat buorket ôfnimt? Is dat echt logysk en nedich? Der binne ommers sokke moaie, goeie, ekologysk-duorsume alternativen dy’t wurkje.

No slaan ik mei de fûst op tafel: wannear sette we de belangen fan ús bern en bernsbern no ris sintraal, wannear hâlde wy op mei libje by de dei, it betsjinjen fan it jild fan hjoed, it missen fan safolle kânsen? Hoefolle warskôgings, hoefolle krisissen, hoefolle firussen ha we dán nedich, ear’t we yn aksje komme? Wannear begjinne wy nei te tinken, mar foaral: nij te dwaan?

Ik haw in foarstel dêr’t we hjoed noch oan begjinne kinne, noch foar’t de krisis fan corona it maatskiplik hichtepunt berikt.

Sjoch, we moatte dus noch even ôfstân fan elkoar hâlde, mar hoe dochst dat yn in lyts lân mei 17 miljoen ynwenners, in lyts lân dêr’t likernôch de iene helte bestiet út doarp, stêd en oare ynfrastruktuer en de oare helte sa’n bytsje ‘op slot’ sit mei in ‘agraryske bestimming’. It die my sear dat yn ’e ôfrûne wykeinen fan ús ‘yntelliginte lockdown’ guon ‘natuergebieten’ (strannen, sompen of bosken) – suver de iennige iepenbiere iepen romten fan Nederlân – op slot sieten.

Wêrom is ús boerelân eins sa ûntagonklik?

Ynspirearre troch de ‘public foodpaths’ fan de Britten, it ‘allemansrecht’ fan ’e Sweden, en it Beerda-kuierpaad troch de greiden fan de Ruterpolder by Drylts, dream ik fan in frij Fryslân.   Fan in Fryslân dêr’t it boerelân wolkom en freonlik is, sûne romte jout oan minsken en oar libben, dêr’t wy ússels ferbine mei natuer, mei de grûn, de ierde. In boerelân dêr’t wy mei in gerêst hert djip sykhelje kinne (en dat in prima alternatyf is foar bûtenlânske fakânsjes). Witte jimme it noch, dy treast fan de natuer, it gelok fan it ien wêzen mei lûden, kleuren en geuren? En wolle we gjin romte foar frijende steltsjes yn heal-meter-heech-gers-mei-blommen? 

Wolkom freget om in rehabilitaasje fan tsjerkepaden en de frijheid (en ferantwurdlikens) om te strunen troch de greiden. Net altiten, mar wol oeral. Wat smyt dát in romte op! De oardelmetermaatregel is ynienen o sa maklik yn praktyk te bringen. 

Freonlik is in wize fan buorkjen dy’t útnûget; om it buorkjen sels – de moeting mei de boerepraktyk, mar ek om de ferhalen fan de sleatten, de dykjes en de kavels, de skjintme fan de rûne foarmen yn it lân, de blomkegreiden en de kikkertrike sleatten. In hommel op in djerreblom.

Sûne romte is de plicht om te sykjen nei de alternativen foar keunstdong en it hiele arsenaal oan lânboufergif. Wy koene der prima sûnder, en boeren dy’t it oandoare, slagget it no ek wer. 

En nee, fansels net, net werom nei eartiids! De tiid hat gjin skoft hâlden. Mar tûzen jier goed boeregebrûk kin wol ynspiraasje jaan! Technyske ynspiraasje: oerâlde, trochlibbe ekologyske ynsichten oer goed wetter- en boaiembehear (tink oan rûne kavels, greppels!). Persoanlike ynspiraasje: as it sa kin, kin ik ek oars!

Jawis, der binne hûnderten, miskien wol tûzenen, tûkelteammen. Mar leit dêr net krekt de ‘skjintme’? Sjogge jimme dat machtige proses mei útdagings foar boeren, keunstners, techneuten, keapmannen, finansjele eksperts, wittenskippers en ek gewoane minsken dan net foar jimme? In mienskip dy’t himsels op ’e nij útfynt, om’t dy de ‘tekens aan de wand’ serieus nimt, net langer de strúsfûgel spilet?

As biolooch haw ik de boksen al opstrûpt. Dogge jim mei?

 

Theunis Piersma

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels