De beammen fan Johannes Bosgra

Publisearre op 29 mei 2019

ALY VAN DER MARK – 

Wy ha ôfpraat ûnder ien fan de moaiste beammen fan Ljouwert, de treurbûk yn de tún fan it Sint Anthony Gasthûs. Wy ha beide in konneksje mei dy beam; Johannes syn âldomke Anne Okkes Bosgra hat him yn 1890 levere, túnarsjitekt Gerrit Vlaskamp, in âldomke fan myn man Ids Westra, hat him der del set.

 

De romantyske, idealisearre natuer docht my in protte en ik fyn it bysûnder dat ik dat sjen litte kin yn myn keunst.

 

Johannes Bosgra hie as lytse jonkje al in passy foar de natuer, doe’t hy wat âlder waard hat hy de hiele wrâld bereizge. Hy makke altyd al foto’s mar op in stuit waard de fotografy sa wichtich dat hy op reis gong om te fotografearjen en dêrby gong it hieltyd mear om wat hy fielde op dy plakken as om it fêstlizzen fan moaie bylden. Bosgra gie nei de meast desolate plakken om de essinsje fan kleuren en foarmen fan seeën en oseanen te fangen. Sa ûntstie syn searje minimalistyske seegesichten mei de titel Strepen, dy’t rûnom yn de wrâld eksposearre binne.

Johannes spilet piano, hat in grutte belangstelling foar klassike muzyk. Hat dat ek fan ynfloed west? ‘Ja dat is in ynspiraasje om dy bylden te meitsjen, bg minimalistyske muzyk past hiel goed by myn ‘ferstilde’ bylden, en as ik san lânskip sjoch, hear ik de muzyk der by, dat floeit by my yn elkoar oer.’ Johannes bewurket de foto’s sadat se hast abstrakt wurde, is dat wat fan de lêste tiid? ‘Negativen waarden yn it ferline ek al bewurke, dat doch ik ek, mar ik doch ek al in protte yn de kamera en dêrnei op de kompjûter. Sa wurdt it mear keunstfotografy en dêr bin ik de lêste pear jier mei dwaande om in ferdjipping te sykjen.’

Ferline jier hat Bosgra tidens Ljouwert Kulturele Haadstêd meidien oan it talinteprojekt Verhalen in het Landschap. Mei noch 13 oaren is hy út 130 dielnimmers selekteard om mei te dwaan oan in master-learlingtrajekt. Hy krige begelieding fan Tjibbe Hooghiemstra en Christiaan Kuitwaard. ‘Dêr ha ik in protte fan leard, want ik frege my ôf, wat wurdt nei de seegesichten myn nije grutte searje? Ik hie seis ideeën, dy ha ik harren foarlein. Ien der fan wie Beamen fan Bosgra en dat fûnen se hiel goed by my passen: It gie oer mysels, oer myn jeugd, mar ek oer myn foarâlders en it is in goed ferhaal yn it lânskip. Oeral yn Fryslân stean no noch hûnderten iuwenâlde beammen dy’t myn foarâlden kweekt ha en dy driigje te ferdwinen. Ik sjoch it om my hinne: Myn âldershûs hat in Vlaskamptún mei beammen fan Bosgra. De moaie walnutebeam en de plataan binne der net mear; de âlde kastanje yn de tún fan Abe Bonnema is omwaaid, de wjokkenút yn it Vossepark yn Ljouwert ek en net alle gemeentes binne like sunich mei dit erfgoed. Der wurdt faak te maklik sein de beammen binne kapryp, mar je kinne noch in protte dwaan om in beam te rêden at je der op tiid by binne. Om noch mar net te praten oer de klimaatferoaring en it CO2-fraachstik. Je kinne wol gau in grutte beam kapje en der in lytsen ien del sette, mar ear’t dy grut is en itselde wurk docht,  binne wy in pear generaasjes fierder.’

Johannes syn foarâlden ha fan 1700 ôf beammen kweekt, hy is opgroeid tusken de beammesingels. Dêr hie hy syn plakje, syn eigen fantasywrâld yn in chaotyske wrâld, it hat him mei foarme. De searje Beammen fan Bosgra giet net allinne oer syn woartels, syn skiednis: ‘De romantyske, idealisearre natuer docht my in protte en ik fyn it bysûnder dat ik dat sjen litte kin yn myn keunst. It is in stap fan moaie lânskipsfoto’s nei in stikje fan mysels en fan myn eigen identiteit dêr’t ik mei fierder kin en wol. De beammen binne der no noch en ik kin se no noch fêstlizze.’

It talinteprojekt is goed ôfrûn foar Johannes Bosgra, hy is ien fan de trije winners dy’t in solo-eksposysje krije tidens de Open Stal Keunstrûte yn Aldeberkeap: ‘Ik lit myn Beammen fan Bosgra searje dêr sjen, dy sil ik noch útwreidzje en myn seegesichten Strepen komme der ek te hingjen.’

 

Keunstrûte Open Stal mei it tema ‘De mens wikt’ is te sjen fan 20 july oant en mei 18 augustus op allerhande lokaasjes yn Alderberkeap.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels