Dat leart men op skoalle net

Publisearre op 16 juni 2021

HENK WOLF –

Lykas hast elkenien fan myn leeftyd yn Nederlân haw ik op skoalle Frânsk, Dútsk en Ingelsk leard. Ik ha de talen ridlik byholden: Frânsk fia films, kranten en tydskriften, Dútsk troch wurk en freonen en Ingelsk foaral út de taalkundige fakliteratuer.

Oersette is ek in feardichheid dêr’t ik fertroud mei bin: út de frjemde talen oersette nei it Nederlânsk of Frysk giet my frij maklik ôf, krekt lykas it omkearde. Oersette tusken Frysk en Nederlânsk giet yn beide rjochtingen ek goed.

Wêr’t ik lykwols noch noait sa bot oer neitocht ha, is dat ik mar selden tusken de frjemde talen oerset. As it alris foarkomt, is it op skrift. Hjoed lykwols siet ik mei in kollega in prachtige âlde plattegrûn te besjen. De taljochting wie yn it Frânsk. De Dútsktalige kollega wie it Frânsk net machtich en frege my wat der stie. Dat ik sette de tekst foar him yn it Dútsk oer. Dat gong wol, mar it wie in aparte ûnderfining.

Spontaan fan de iene frjemde taal yn de oare oersette, dat is noch net sa maklik. It oersetten út in frjemde taal wei nei it Frysk is sels al in bytsje dreger as nei it Nederlânsk ta. Sa hat men it no ienris leard. Nei in frjemde taal ta, dat freget blykber noch wat ekstra tuskenstapkes yn it tinken. Doch is it yn in wrâld mei iepen grinzen in nuttige feardichheid. Soe it net moai wêze as wy dat op skoalle mear leare soenen?

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels