fotografy: Omrop Fryslân

Corona

HENK WOLF – 

Op it stuit dat ik dit stikje skriuw, ein maart, giet it yn ‘e media amper oer wat oars as corona, it firus dat de wrâld fierhinne lamlein hat. Foar de taalleafhawwer sit der lykwols wol wat byt oan.


Kroandea
It wurd corona is Latyn. De âlde romeinen brûkten it foar allegear rûne en kromme dingen, lykas in krânse en – jawol – in kroan. Dat lêste wurd is in Fryske ferbastering fan dat Latynske corona. De Romeinen ha it wurd sels ek wer liend fan de Griken. Dy brûkten besibbe wurden ek wer foar allegear swarte fûgels. Mooglik is de kromme foarm fan de bek de oarsprong fan de wurden foar de rûne en kromme dingen, mar it kin ek oarsom wêze. Us wurd raaf hat mooglik deselde oarsprong.

 

Hoe skriuwst dat eins yn in Fryske tekst, corona?

 

Doe’t de deadlikens fan it firus alle omtinken yn ‘e media krige, makke de iene nei de oare Fries grapkes mei kroandea. Men soe tinke dat dêr it wurd kroan ek yn sit, mar dat is net sa. Yn kroandea sit in ferbastering fan karonje, in Frânsk lienwurd dat ‘kring’, ‘kadaver’, ‘dea bist’ betsjut.


Corona? Korona? Koroana?
Hoe skriuwst dat eins yn in Fryske tekst, corona? Men kin sizze dat it in Latynsk wurd is. Dat is in reden om net de Fryske staveringsregels ta te passen, mar dy fan de oarspronklike taal. Dan wurdt it saneamde etymologyske staveringsprinsipe tapast. Omrop Fryslân liket dat te dwaan, dat skriuwt op syn website fan corona en coronafirus.

Mar as men in wurd faak brûkt, boargeret it yn en dan kin men it op syn Frysk skriuwe. Oft dat no al it gefal is, dêr kin men oer stride, mar wa’t dat idee oanhinget, dy kin korona skriuwe. Dy fariant bin ik noch net in protte tsjinkaam.

No is in -oo-klank foar in -n- yn it Frysk frijwat ûngewoan. De Fryske mûle makket dêr al gau in -oa- fan. En dy kin men fansels ek skriuwe. Dan wurdt de skriuwwize koroana. Dy skriuwwize brûkt itnijs.nl.


Wat is corona?
Begjin maart waard net allinnich it firus corona neamd, mar ek de sykte dy’t it feroarsaket. Doe kaam in ynternasjonale medyske klub mei in nije namme foar de sykte: covid-19, in wat kryptyske ynkoarting fan coronavirus disease 2019. Ik wol net leauwe dat de folksmûle dy oernaam hat. By elk kocheltsje en prûsterke hear ik minsken gnizend freegjen: “Hast al corona?”

Comments
Ien reaksje oan “Corona”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.