fotografy: Henk Bootsma / website de Slachte

Bysûnder: ien of twa dagen Slachte

MARITA DE JONG –

 

Dirk Bruinsma oer bysûndere edysje fan de Slachte

 

‘Us rinners binne goud wurdich’

 

Twa dagen de Slachte rinne of ien dei? Yn 2018 kinne de dielnimmers kieze. Beropskuierder Durk Hibma hat foar dizze spesjale edysje, dy ’t op 31 augustus en 1 septimber plakfine sil, in hiel bysûndere rûte gearstald. Hibma, sels in fanatyk rinner, hy leit de Slachte altyd twa kear ôf, hat it gebiet yn syn DNA. Dat betsjut ferrassende paadsjes en trochgongen. De Slachte lit Fryslân op syn moaist sjen.

 

De earste kear dat de Slachtemarathon organisearre waard, wie yn de simmer fan 2000. It idee kaam fan keunsthistoarikus Peter Karstkarel: eare wa’t eare takomt. Hy betocht in kulturele kuiertocht oer de âlde Dyk, dy’t 42 kilometer lang is. It wie in grut súkses en de Slachtemarathon is yntusken net mear fuort te tinken. Omdat it evenemint om de fjouwer jier holden wurdt, soe it pas in 2020 wer heve. De tritich doarpen lâns de rûte woenen lykwols graach meidwaan oan LF2018 en der waard besluten der in spesjale edysje fan te meitsjen.

 

Dirk Bruinsma is fanôf 2015 as artisityk lieder foar de doarpen by de Slachte belutsen. Oan him de taak om mei de doarpen yn petear te gean. ‘It moast oars as oars, dat wie fuortendaliks wol dúdlik. Allegear gekke plannen kamen op tafel: fan twa kanten ôf nei it midden rinne bygelyks. Dat idee hat it net helle. It plan om de doarpen oan te dwaan, dêr wie eltsenien bliid mei. Normaal komt de Slachte mar troch twa doarpen en by ien skuorret hy der deun by lâns.’ De rûte moast dêrom langer makke wurde.

 

Foar de organisaasje wie it wichtich om genôch frijwilligers te finen dy’t op ‘e nij in simmer opofferje woenen. Dat is slagge. ‘It idee slút moai oan by de doelstelling fan LF2018. Sa bringe de doarpen lâns de Slachte it begrip iepen mienskip yn de praktyk.’

 

‘It wie al mei al net in ienfâldige opjêfte. De rûte moast gâns oars en dat hat Durk Hibma, mei al syn kennis fan it gebiet, op him naam. Sa ûntstie it plan om in Noard- en in Súdrûte te meitsjen. Dus twa dagen rinne en net ien, lykas gebrûklik. Dat ha we op ‘e nei yn ‘e groep goaid en ek foarlein oan de Freonen van de Slachte. De konklúzje wie: dit is it.’’

 

De kaartferkeap foel lykwols tsjin. Oare jierren wienen dy yn heal oerke útferkocht. No kealle it swierder. Reden foar de organisaasje om de mooglikheid te bieden om ien dei mei te dwaan, yn stee fan twa. ‘Jo moatte realistysk wêze’, seit Bruinsma. ‘Der wie minder belangstelling foar. Dat is spitich, mar by eintsjebeslút giet it om de rinners. Dy binne foar ús, as organisaasje, goud wurdich. Wy binne op ‘e nij yn petear gien en de doarpen woenen dochs graach dat de twadaagse trochgie. Sa binne we ta de nije opset kaam om de minsken de gelegenheid te jaan om te kiezen: ien of twa dagen rinne.’

 

De bysûndere, ienmalige edysje is 92 kilometer lang, slingert troch it Slachtegebiet en docht alle tritich doarpen oan, wêr’t fan alles te dwaan is. Mar minsken kinne ek ien dei (42 kilometer) kuierje. Dielnimmers dy’t kieze foar in twadaagse, kinne yn fiif út-en-thús doarpen, rûn Kubaard, oernachtsje.

 

De kultuer spilet al fanôf it begjin in foarname rol by de Slachte. It tema fan dizze Slachtemarathon is ‘Thús’. ‘De doarpen binne der al drok mei dwaande. De organisaasje hat njoggen keunstners keppele oan njoggen doarpen. Bygelyks in fideo-keunstkollektyf WERC, ûnder oaren bekend fan harren projeksje op de Sineeske Muorre, in arsjitektenduo en Marco Bonisimo fan de sirkusskoalle út Grins dy’t al by de Nijjiersbuorrel mei de jongerein fan Tzum oan it jonglearjen giet. De keunstners ferbine harren nammentlik foar langer oan it doarp.’

 

Tegearre mei Grietje Deinum (ek artistyk lieder) moat Bruinsma der foar soargje dat de Slachte fan de doarpen bliuwt. ‘As in evenemint grutter wurdt, rinne jo it risiko dat it op in bepaald stuit fan de organisaasje wurdt. Oan ús de taak om dat foar te wêzen. In moaie opjefte, ek omdat de doarpen hiel belutsen binne by it barren. Dat makket it wurk ta in feestje. We hoopje no mar op ien ding en dat is dat de minsken massaal kaarten keapje foar dizze bysûndere edysje.’

 

https://www.slachtemarathon.nl/

Marco Bonisimo: (http://www.balkunstenaar.nl)

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.