Byld yn Brussel fan Ids Willemsma

Publisearre op 20 februari 2014

MARITA DE JONG – 

Byldzjend keunstner Ids Willemsma waard skille doe’t er siik op bêd lei. It byld fan atlete Foekje Dillema, der’t hy oan wurke, wie de dei derfoar nei ûnderen kaam. ‘Ik wie doe al heal en net skerp en hie it net goed fêstmakke. It is fiif meter heech en it stik dat nei ûnderen kaam weaget wol oardel ton. As ik in pet op hân hie, hie it de klep rekke. Ik hie wol kroandea wêze kind. Dan wie ik bezweken ûnder Foekje.’

Mar in gelok by in ûngelok: in nije opdracht kaam lâns. Foar in ynternasjonale universiteit yn Brussel. De dei dat de keunstner út Easterwierrum wat gammel op bêd lei, gie de tillefoan. Jorrit Volkers, ferantwurdelijk foar de oprjochting fan de Deloitte University yn Brussel, frege oft hy in byld meitsje woe foar de ûntfangshal. ‘Ik lei te piepjen, hie gjin stim en sei: “Prate jo mar, ik lústerje wol.”

Om’t it in ynternasjonale universiteit is, mei festigings yn 27 lânnen, pakte Willemsma de atlas der by. Hy betocht dat der in wrâldkaart komme moast dêr’t de lânnen heger op lizze dan it wetter. ‘Ik til de lânnen as it ware boppe it wetter út. Dat dy moasten allegear útsneid wurde út in ien sintimeter dikke stielplaat. Dêrnei ha ik it gehiel op ‘e kop lein. De lânnen nei ûnderen, it wetter omheech. De plaat wie, troch al dy gatten, sa slop as in dweil fansels. Ik moast de boel fêstlaskje en ha der stikjes ierpel ûnder set om de saak te plak te hâlden. De hiele hal rûkte nei oanbrande ierpels. It wie in hiel gepiel, ek al omdat bygelyks Cyprus diel útmakke fan dy 27 lânnen. En wat te tinken fan Nederlân? Ek in stipke op de wrâldkaart. Op de plakken dêr’t al dy kantoren stienen, ha ik in gatsje fan sechtjin milimeter boarre. Cyprus wie lytser as it gat.’

Rivieren
Willemsma hat wat mei rivieren. Dy stekke yn it keunstwurk as in stange út de wrâldkaart. De Moldau, de Wolga it binne mar in pear fan de rivieren dy’t in plak krigen. Foar Nederlân foel de kar op de Isel. “As jonkje gie ik mei ús omke mei it skip op fakânsje. Dan farden we oer de Isel en dan sei hy: ’Stjoer mar!’ Dan skiet ik yn ‘e broek. Ien skuor oan it roer en it skip gie, nei myn gefoel, alle kanten út. Dan stie myn omke te laitsjen.”

De wrâldplaat wurdt droegen troch fuotten, skonken dy’t allegear deselde kant út rinne. Oan it útein fan de rivieren smeide de keunstner in plat flak dêr’t de lânskippen fan de ferskate lânnen op ferskine. Bygelyks it blommelânskip fan Eastenryk, mar ek lânskippen dy’t de keunstner sels betocht om’t er yn dy lânnen noch nea west hat.

Tefolle geflean
De keunstner hie mar in pear moannen de tiid. Yn oktober waard hy frege en op 12 desimber moast it keunstwurk yn Brussel stean. De freeds foar de iepening stie de frachtwein om sân oere moarns foar de doar en om alve oere jûns wiene Willemsma en syn freon Fré Vogel wer thús. Se hienen wat bôle mei en in fles wetter. Der wie amper tiid om wat te iten. ‘Dy skea helje we wol yn. Ik ha yntusken al in tillefoantsje hân, dat se der hiel bliid mei binne.’

Willemsma wie net by de iepening fan de Deloitte University. Hy hat dêrom popsjonger Bob Geldof, dy’t it kompleks iepene, net de hân skuodzje kind. ‘Ik gean der yn ‘e simmer wolris op e fyts hinne.’

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels