In bûtengewoane ynteresse foar de wrâld tichtby

Publisearre op 11 juli 2017

TSJOMME DIJKSTRA – 

“Het landschap is niet meer wat het geweest is, maar dat is het ook nooit geweest. Hoe het ooit was, laat nog steeds het buitendijkse land langs het Wad zien. Door de eeuwen heen heeft de gebruiker zijn land niet alleen onderhouden, maar ook verbeterd. Daarzonder zou het ook in korte tijd weer verwilderen.”

Sa begjint it fyfde haadstik fan Het landschap van de Friese klei 800-1800, fan Philippus Breuker. Oardel jier hat er oan it boek wurke. Yn dit stik giet de auteur sels yn op de ynspiraasje en motivaasje foar syn mânske boek oer de klaai; de boaiemsoart dêr’t Fryslân en Nederlân grif it meast mei assosjearre wurde.

 

‘Dy Postma is in drukkende oanwêzichheid’, moat Breuker jierren lyn nei eigen sizzen oer Obe Postma sein ha.

 

It boek bestiet út tolve haadstikken. Yn it foarste plak wurdt yn it boek de ûntwikkeling fan it Fryske klaailânskip beskreaun. Breuker behannelet alderhande aspekten dy’t typearjend, wichtich en nijsgjirrich binne. Watfoar wurk wie skytbûtse? Wat waard der krekt dien mei stikels (distels yn it Nederlânsk) as der yn it lân stikelstutsen waard? De antwurden stean yn haadstik fiif fan it boek, dêr’t yn beskreaun wurdt hokker aktiviteiten de bewenners fan it lânskip troch de iuwen hinne útfierden om it ynpoldere lâns hieltyd mear geskikt te meitsjen om der op en ek fan libje te kinnen. Matearje dêr’t yn dat stik folle djipper op yngien wurdt. Yn oare haadstikken beskriuwt Breuker hoe’t it lân op de see wûn wie en letter fermeardere waard. En hoe’t macht en status ûntliend waarden oan hoe’t de minsken har libbens ynrjochten op it lân. Ek beskriuwt er hokker byld de bewenners fan it lânskip hienen, en bûtensteanders wer fan harren. En en passant wurde yn it boek noch tal fan begripen as ‘hemrik’, ‘states’ en ‘riet’, yn in histoarysk ferbân ûndersocht. It ferhaal begjint ûngefear yn it jier 800, struktuerbepalende eleminten yn it lânskip, histoaryske berjochten en nammen gean amper fierder werom.

It is it tredde boek dat de emearitus heechlearaar Friese taal en letterkunde fan Leiden en Amsterdam, dy’t op 23 septimber 1939 yn Skingen te wrâld kaam, yn fiif jier útbrocht. It boek Opkomst en bloei van het Friese nationalisme, 1740-1875 wie krekt útkommen doe’t Breuker dit ûnderwerp oppakte. Dêrfoar wie De Greidhoeke ferskynd, dêr’t Breuker yn ûndersocht hoe’t de Fryske klaaihoeke yn de titel fan dat boek ûntstien is.

Breuker hat benammen publikaasjes op syn namme op it mêd fan literatuerskiednis. Ferskate binne wijd oan grutte nammen út de Fryske literatuer, Gysbert Japix, Eeltsje Halbertsma en Obe Postma. Mar hy hat ek mear algemien oer Fryske kultuer skreaun, bygelyks oer de Fryske hofkultuer en de betsjutting fan de Frjentsjerter akademy foar de Fryske kultuer, en oer lokale histoarje.

 

It publyk
It nijste boek is ek in boek oer Fryske skiednis; út safolle ferskillende ynfalshoeken wei hat Breuker it ûnderwerp lânskip oanflein en ûndersocht. It moast in tagonklik boek wurde dêr’t in breed publyk wat oan hat. Under it skriuwen wie it soms in poepetoer om oan dy ynstek fêst te hâlden. “Ik moast der wol om tinke dat ik de lêzer net út it each ferlieze soe”, seit Breuker. “Ik bin fansels bot wend om te skriuwen foar minsken dy’t de stof alris earder beprakkesearre hawwe.” Te folle ferklearje wolle, foar in akademyske skriuwer sil dat faker in falkûle wêze. Mar it is him ek wol wat eigen, mient Breuker.

Mar it is wol krekt wat Breuker noch wol. Boeken skriuwe. Boeken dy’t in oanfolling binne op besteande en beskreaune kennis. Boeken dy’t minsken ek brûke sille. Net mear artikels skriuwe, want Breuker betwivelet of dat grutte wearde hat. “Der is sa’n oerfloed oan publikaasjes”, seit hy. “Froeger hienen je de Fryske bewegers, dy’t alles liezen. Tweintich jier nei de oarloch wie dat sa. Mar dat is yn de jierren sechstich wol ophâlden.”, stelt er.

 

Tiid
Nei syn pensjonearring spande Breuker him jierrenlang tige yn foar it Obe Postma Selskip. Hy woe it libbensfetber hâlde. Breuker: “Dat koste in soad tiid. Bundels útjaan, reiskes organisearje, alle mooglike dingen.” Hieltyd geregelder tocht Breuker lykwols nei, wat de oanlieding ek foarme, oer de kostberheid fan de tiid dy’t hy der yn stuts. Eins woed er der ek wol wat oars mei. Hy bûge ’m de holle oer wat himsels foldwaning opleverje soe. Yn retrospektyf kin er der no wol wat de spot mei driuwe: “Minsken sille wolris tocht har: wat wol dy âlde man no.”

Yn syn wurkkeamer, thús, yn Boazum sjocht de âld-heechlearaar werom en fertelt er oer wat him stimulearre om it boek oer it klaailânskip te skriuwen. De keamer stiet fol boeken, mar is wol tige opromme. “Ik bin my der ek fan bewust dat ik gjin nije stúdzje mear dwaan kin”, sa giet hy fierder. Hiel direkt bedoelt er wierskynlik dat de ynvestearring nei alle geraden net genôch leannet om op de âlde dei noch oan in stúdzje te begjinnen. Mar Breuker leaut dat hy ek net maklik genôch mear wat fan in oar of út stúdzjeboeken oannimme wol om dêr lokkiger fan te wurden: “Ik hâld net fan besteand materiaal, ik wol de stof graach kontrolearje kinne.”

It ûnderwerp bringt it petear op hoe’t de wittenskip beoefene wurdt oan de universiteit en yn mindere mate ek oan oare ûndersyksynstellings. Breuker fynt dat dêr net genôch boarne-ûndersyk ferrjochte wurdt. “Hoefolle bart it no noch dat wittenskippers op basis fan erudysje ûndersyk dogge?” Yn de fraach leit it antwurd besletten. Foar de njoggentjinde iuw kin Breuker grutte nammen oan de universiteit betinke, dy’t him ek ta in foarbyld binne. Yn de ôfrûne fjirtich jier mist er sokke ûndersikers. “Wat is der fan al dat wurk oerbleaun?”

De ferklearring hat neffens him mear mei it belied of de hjoeddeistige easken te krijen as mei de wittenskipper sels. “De minsk hat gjin tiid mear foar yntrinsike boarnekennis. Je moatte netwurkje. En je moatte wakker fergaderje, oars wurde je wei besunige as stúdzje. It is gefecht om jild op universiteiten.” Stellich seit Breuker: “Je kinne de ferbylding ha dat der yn fergaderingen goeie dingen dien wurde. Dat is absolút net sa.” Syn opfetting: “Der is miskien ien dy’t mei in goed idee komt, mar oaren sitte der mar wat by.”

It is net sa dat er it no fan in ôfstân beoardielet. Want Breuker hat it sels ek allegear meimakke as wittenskipper en ûndersiker. Op de Fryske Akademy gie in soad tiid op oan fergaderjen en organisaasje foar de wurkferbannen. Hy wist ek dat dat in stik fan it wurk wie. “Doe’t ik op de Akademy kaam, wie ik al op It Beaken abonneard.”, seit hy. As er dêr no oan weromtinkt, fynt Breuker dat hy dat der yn dy jierren ek in soad kostbere tiid ferlern gien is.

Der stiet fansels tsjinoer dat hy ek in hiel soad wol dien hat fan wat hy graach woe, yn de tiid dat er op de Akademy wurke en ek oant de dei fan hjoed ta. Hy stelt sels dat er yn elk argyf fan it lân wol oan it speuren west hat. Dêr kaam er elke kear folle mear nijsgjirrichs tsjin as wêr’t er om socht. “Dan tocht ik: dit soe oars altyd ferburgen bleaun wêze.” Dat argyfûndersyk hat er dochs allegear dwaan kind wylst er, ek yn de perioade dat er heechlearaar wie, altyd yn Fryslân wenne hat. Breuker: “Ik ha altyd in lyts ienmansbedriuw hân. Dat hat bêst foldien.”

 

Underwerp
Oan in stúdzje sil er dus net mear begjinne, mar Breuker bliuwt de wrâld en histoarje om him hinne ûndersykjen. Syn earste boek, dat hy yn 1967 publisearre, wie: Skoalmasters fan Boazum: doarpsûnderwiis en -ûnderwizers sûnt de Midsieuwen. Breuker wennet al mear as fyftich jier yn Boazum. “De lokale belangstelling hat der altyd west”, stelt hy. As jonge hie er der gjin aardichheid oan om it fjild yn te gean om te aaisykjen. Mar de eleminten yn it lânskip, dy naam er skerp yn him op. Doe’t hy eartiids foar letterkundich ûndersyk yn argiven brievesamlingen ûndersocht, gie de oandacht ek al út nei nijsgjirrige saken dy’t mei letterkunde net folle ferbân hâlden. “Doe tekene ik ek dingen oer tunen en lânskipseleminten”, sa fertelt Breuker.

De ynteresse foar it lânskip dêr’t hy opgroeide en âld wurden is, waard in pear jier lyn genôch oansprutsen om de histoaryske ûntwikkeling derfan as in ûnderwerp foar in boek te nimmen en him der fierder yn te ferdjipjen. It begûn mei fragen dy’t er himsels stelde oer de fjilden dêr’t er fanút hûs al op út seach. Fragen oer de krommingen yn it lânskip, de fegetaasje dy’t je der oantreffe. Hy woe ferklearje hoe’t it lânskip ûntstien wie, troch de foarmen en struktueren fan it lân yn it histoarysk perspektyf foar safier’t dat bestie better te bestudearjen. En dan beskriuwe kinne hokker wetters troch minsken groeven binne en wat natuerlik ûntstien is. “Wêrom stiet dy beam yn dy bocht fan de dyk?” Dat wie ûngefear de fraach dy’t de Ingelske auteur William George Hoskins ynspirearre ta syn boek The Making of the English Landscape (1955). Breuker hellet de histoarikus yn syn boek oan. Mei dy iepen blik dy’t Hoskins hie, woe Breuker de ûntwikkeling fan it Fryske klaailânskip beskriuwe. Hy begûn ticht by hús, mei de grûn dêr’t Boazum op boud is. “Ik wie hjir yn ’78 al belutsen by de tarieding foar de ruilverkaveling.”

Obe Postma gie Breuker foar mei ûndersyk nei ûntwikkelingen yn it lânskip. “Hy hat alle gritenij-argiven trochspitte”, seit Breuker. Postma ûndersocht bygelyks hoe’t yn eardere tiden pealtsjes oanbrocht waarden om oan te jaan hoe’t ferskate stikken lân ferdield waarden. ‘Dy Postma is in drukkende oanwêzichheid’, moat Breuker jierren lyn nei eigen sizzen oer Postma sein ha. “En earst prebearre ik him foarby te stribjen”, fertelt Breuker. Uteinlik is by him de bewûndering oerbleaun foar de Fryske dichter, dy’t ek in grut argyfûndersiker wie.

“Ik moat de lêste tiid faak tinke oan Krine Boelens”, fertelt Breuker. “Hy wie ûnderwizer yn Hidaard en haad oan skoalle. Ik haw in jier Frysk fan him hân. Hy brûkte allegear stinsels by syn lessen dy’t hy makke mei in drukpers, as didaktysk helpmiddel. It sloech wol oan.” Breuker fertelt dat Krine Boelens (1914-1995) al betiid in soad rolmodel foar him wie en noch moat er gauris tinke oan de ynfloed dy’t it op him hân hat. “Der wie ek sprake fan wat identifikaasje. Wy ha in ferlykbere start hân, en ik ha sels tocht, ik moat syn soan skriuwe en him om in persoanlik oantinken fan Boelens freegje.”

De belangstelling foar de wrâld om him hinne liedt by Breuker ek ta prakkisaasjes oer syn eigen plak yn de wrâld en it ôffreegjen wêr’t de ynteresse syn oarsprong fûn. “My yntrigearret my: wa bin ik? Wat hat it foar minske west, dat ik bin.” De orizjinele lessen fan Boelens joegen him it idee dat er mear dwaan koe mei syn ynteresse foar dy wrâld en it lânskip dêr’t er mei ferbûn wie. “It krige dêr status, de fage belangstelling”, stelt er. “Dat gebeurt je toch allegear hjir mar yn dy greidhoeke.”

Breuker syn eigen ûndersyk nei de feroaringen yn it Fryske klaailânskip hat syn beslach krigen yn Het landschap van de Friese klei. De skriuwer fernimt dat der in soad ynteresse foar it ûnderwerp is: “Der hawwe in soad minsken op reagearre. Foar it boek oer de greidhoeke jilde dat noch mear”, seit hy. “Ik tink dat minsken wol ûnderskat wurde yn har belangstelling, der binne in soad minsken dy’t ynteresseard binne yn de eigen omjouwing”, ferfolget er. “Minsken werkenne har eigen skiednis en jeugd deryn.” In oar bysûnder effekt fan de lânskipsboeken liket te wêzen dat minsken op ûndersyk útgean yn it lânskip. Breuker stelt dat der doe’t De Greidhoeke útkommen wie, sels minsken by him oan de doar kamen dy’t syn boek lêzen hienen.

Ien boek moat der noch ferskine fan syn hân, stelt Breuker. De biografy fan Obe Postma.

 

Het landschap van de Friese klei 800-1800, Philippus Breuker. Utjouwerij Wijdemeer, 448 siden, €39,50

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels